Emanuel Swedenborg
Emanuel Swedenborg (Stockholm, 29 jannewaris 1688 - Londen, 29 maart 1772) wie in Sweedske wittenskipper, filosoof en teolooch. Hy wie in ynternasjonaal ferneamd wittenskipper, mar skreau ek oer de boppenatuerlike werklikheid dêr't er him in protte oergeunst mei op de hals helle.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De famylje Swedenborg wie fan aadlik komôf. Jesper Swedenborg, de heit, wie biskop en professor oan de universiteit fan Uppsala. Emanuel wie it tredde bern fan it gesin en wie acht jier doe't syn mem ferstoar. Syn heit troude opnij en krige yn totaal acht bern.
Nei syn stúdzje filosofy, wiskunde, wittenskippen, Latyn, Gryksk en Hebriuwsk yn Uppsala folge er noch in tal oare opliedingen. Hy studearre natuerkunde, astronomy, waard boekbiner en makke muzykynstruminten. Ek ynteressearre hy him foar kosmology, anatomy, fysiology, polityk, ekonomy, metallurgy, mineralogy, geology en skiekunde en nei 1743 foaral ek foar godstsjinst, esotery en mystyk.
Swedenborg bestudearre de harsens en de endokrine klieren. Guons fan syn ûntdekkingen waarden pas yn de tweintichste iuw befestigde as wier/wurkber. Swedenborg wie de earste dy útstelde om it metryk stelsel yn Jeropa yn te fieren.
Oan Swedenborgs sjeny kaam mar gjin ein. Hy makke ûntwerpen foar fleantugen, dûkboaten, wapens, loftpompen, ensfh..
Swedenborg hie ek in soad niget oan spiritualiteit. Hy besocht sels in rasjonele ferklearring te finen foar de wurking fan de siel. Yn de jierren 1744 en 1745 krige Swedenborg in rige ‘fisioenen’ dy't yngeande ynfloed op him hienen. Dat barde neidat er yn 1743 in slimme krisis ûnderfûn. Fan 1745 ôf hâlde er oant syn dea yn Londen ta. Dêr skreau er in wurk yn tritich dielen oer teology.
Ynfloed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swedenborg hie in grut tal bewûnderers, yn syn tiid en de tiid dernei û.o. William Blake, Ralph Waldo Emerson, William James en Carl Jung. In tsjinstanner fan him wie Immanuel Kant dy't yn in skotskrift Dreamen fan in geastensjogger besocht hat Swedenborgs reputaasje yn de wittenskiplike wrâld omleech te bringen.
Swedenborg hat nea besocht in oarder of selskip op te rjochten. Nei syn dea hawwe in oantal fan syn bewûnderers yn Ingelân in organisaasje stipe mei de namme Church of the New Jeruzalem. Dat wie yn Londen yn 1783. Yn 1788 hie dy al in grut tal leden dy't harren yn in timpel ferienen. Yn de Feriene Steaten is de organisaasje bekend wurden as de Rite of Swedenborg, oprjochte yn 1859. Ut New York wei hat de 'Ritu' him oer de wrâld útwreide. Yn Nederlân bestiet in Swedenborg-selskip yn De Haach dat alle wurken fan Swedenborg (út it tiidrek 1910-1970) oersetten hat. Opfallend is dat Jakob Lorber yn syn boek De Geestelijke Zon diel 2, (1846) haadstik 14, Swedenborg neamd en mooglik in ferwizing nei de profeet Danjel as reynkarnaasje fan Swedenborg jout.
De wurken fan Swedenborg
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Principia rerum naturalium (1734),
- Oeconomia regni animalis (1740-1741),
- De cultu et amore Dei (1745),
- Arcana coelestia (1749-1756),
- De coelo et de inferno (1758),
- De divino amore et de divina sapientia (1763),
- Apocalypsis Revelata (De Openbaring Onthuld) (1766), NL = 1964
- De amore conjugali (1768),
- Vera christiania religio (1771)
- Diarium spirituale (postúm)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|