Famke
- Dizze side giet oer in minderjierrich persoan fan it froulik geslacht. Foar oare betsjuttings, sjoch: Famke (betsjuttingsside).
In famke of fanke is in jonge minske fan it froulik geslacht. Dizze term wurdt algemien brûkt foar froulike bern oant likernôch 15 jier, mar ek foar jongfolwoeksenen oant rûchwei 20 jier. Dêrnei wurdt deselde persoan omskreaun as in frou. Yn it spraakgebrûk fan 'e âlderein op jierren kin lykwols eltse frou oant wol 50 jier in 'fanke' wêze. Yn ferhâlding ta har âlden is in famke in dochter. As meartalsfoarm wurdt njonken famkes ek wol fammen brûkt. De dêrby hearrende inkeltalsfoarm 'faam' is lykwols fierhinne foarbeholden oan 'e betsjuttings "húshâldster" of "tsjinstfaam" en "famke mei wa't men ferkearing hat". In wyldkat (ek wol bekend ûnder de Ingelsk oantsjutting tomboy) is wyld, lossinnich famke.
De manlike wjergader fan in famke is in jonge. It dúdlikste ferskil tusken in famke en in jonge wurdt foarme troch harren útwindige geslachtsorganen: in famke hat in fagina, wylst in jonge oer in penis en testikels beskikt. Sekundêre geslachtsskaaimerken, lykas (foar famkes) boarsten, in koartere lichemslingte, rûnere foarmen en dêrtroch minder sichtbere spieren, folle minder lichemshier en in heechtoaniger stim, dogge har pas yn 'e puberteit foar, rûchwei tusken de 12 en 16 jier. It is lykwols mooglik dat, los fan harren lichaamlike geslacht, ynterseksuële bern mei ambiguë geslachtsdielen en biologysk manlike transseksuële bern (lykas Jazz Jennings) ek klassifisearre wurde as famke of harsels as sadanich identifisearje.
Jonges en famkes wurde yn in protte minsklike kultueren ferskillend grutbrocht by wize fan tarissing foar harren takomstige rol as folwoeksen lid fan 'e maatskippij. Dêrby krije jonges yn 'e regel mear kânsen en genietsje se mear frijheden as famkes. Troch it feminisme hat de frouljusemansipaasje yn 'e Westerske maatskippij sûnt de 1960-er jierren grutte stappen foarút dien, mar likegoed besteane ek dêr noch dúdlike ferskillen yn 'e opfieding fan jonges en famkes. Sa wurde jonges en famkes faak ferskillend klaaid (jonges yn broeken en famkes yn rokken of jurken), en krije se oar boartersguod (jonges boartersguodauto's en famkes poppen). Teffens bestiet der in dúdlik ferskil op it mêd fan kleur, wêrby't benammen rôze beskôge wurdt as in kleur foar famkes. Faak wurde de kleuren rôze en ljochtblau brûkt om famkes, resp. jonges oan te jaan, bgl. yn 'e kleur fan 'e rûgeltsjes dy't by de berte fan it bern brûkt wurde foar op 'e poppebak.
Yn net-Westerske kultueren is it ferskil yn opfieding tusken jonges en famkes faak noch folle útsprutsener. Yn it foarste plak wurdt net selden oan famkes safolste minder wearde hechte as oan jonges, dat se al foar harren berte bleatsteane oan geslachtsselektive abortus, en nei de berte mooglik sels oan ynfantiside. Under de opfieding komt it foar dat famkes, oars as jonges, net swimme of hielendal net bûtendoar boartsje meie, en dat oan harren ûnderwiis en oplieding ûntholden wurdt. Dêropta steane famkes faak bleat oan praktiken as frouljusbesnijenis, bernemisbrûk, bernehouliken, twongen houliken, ferkrêfting (net inkeld út lust, mar bgl. ek fanwegen dingen as de fammesuveringsmyte), tinerswierwêzen, earwraak en soms berneprostitúsje en/of bernepornografy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|