Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Filla Middlesex

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fila Middlesex)
Filla Middlesex

Filla Middlesex (Nederlânsk: Villa Middlesex) is in filla yn Hilfertsom op de hoeke Soestdikerstrjitwei en de Huydecoperswei foar de yngong oer fan Monnikenberg.

It kubusfoarmige hûs hat in oanboud atelier mei in sealtek. Der is fierder in túnmanswente (1927) mei garaazje. Binnen de ommuorre tún stiet noch in teehûs, wetterput, skildersatelier en fiver. De filla en it ynterieur wiene yn 1921 makke troch arsjitekt Jac. London ( Haarlim, *1872 ), dy't it hûs foar himsels boude. Binnenyn binne in soad tegels brûkt. Nij foar dy tiid wie it brûken fan wapene beton boppe de doarren en izeren kesinen. It hat fierder wat in Art Nouveau-styl.

Neist arsjitekt wie London ek skilder, grûnbesitter en projektûntwikkelder. Yn Hilfertsom boude er ek 's Gravenhoek, filla, 's-Gravelandsewei 48 en de filla Soestdikerstrjitwei 90. Yn Bussum 'Oud Cruysbergen' oan de Franse Kampwei en yn Haarlim it riedhûs fan de gemeente Haarlemerliede en Spaarnwoude.

Yn 1999 krige de nije bewenner de ’’Pas Op Trofee’’ útrikt as wurdearring foar de diene restauraasje. In wite plasterlaach moast dêrfoar it hûs ûnder de beammen te beskermjen tsjin it focht. It wyt rekke dêrnei gau mei alch begroeid, sadat de wite kleur der meast smoarch út seach. Pas nei de ynset fan in Noarsk kwartsfrij mineraal liet de hechtlaach los.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: