Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Fram (skip)

Ut Wikipedy
De Fram yn 1893 yn Vardø.
De Fram yn 1911 yn de Súdlike Oseaan.

De Fram (Noarsk: Foarút) is in skip dat tusken 1893 en 1912 brûkt waard troch Noarske ûntdekkingreizgers yn de noard- en súdpoalgebieten.

It skip waard boud op ynisjatief fan Fridtjof Nansen, mei it doel dat it it sterkste skip oant doe ta wurde soe. It waard te wetter litten yn 1892. It skip soe sa de druk fan it iis wjerstean kinne. Lykwols wie de krêft fan it skip net de iennige wize om mei de druk fan it poaliis om te gean; it skip wie ek sa boud dat it omheech komme soe troch de druk. It hie net in grutte kiel om't Nansen ek undjip wetter ferwachtte op syn poalfeart, dat at it skip dan omheech kaam, kaam het minoftemear op it iis te lizzen. It 39 meter lange en 800 ton swiere skip hie sawol seilen as een stoommasine (en letter in dieselmotor).

De Fram is foar trije poalreizen brûkt. Nansen sels hat it fan 1893 oant 1896 brûkt foar syn reis troch de Noardlike Iissee. Doe hat Sverdrup der fan 1898 oant 1902 de Kanadeeske Arktyske Eilannen mei ûndersocht. En as lêste hat it skip Amundsen nei it Súdpoalgebiet brocht foar dy syn tocht oer Antarktika nei de Súdpoal, op de ûntdekkingreis fan de Súdpoal fan 1910 oant 1912, en noch oant 1914 ear't it wer werom wie yn Noarwegen. De Fram is mei dy reizen it skip wurden dat it fierst nei it noarden en it suden west hat.

Nei de oarloch waard de Fram ûnder tafersjoch fan Sverdrup yn de tweintiger jierren fan de 20e iuw restaurearre. Sûnt 1936 leit it skip yn it dêrfoar boude Frammuseum yn Oslo.