Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Freulepartij

Ut Wikipedy
Freulepartij
Ympresje fan 'e Freulepartij 2004.
Ympresje fan 'e Freulepartij 2004.
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Wommels
holden yn sportfjild efter it âlde
   gemeentehûs
datum 1 wike nei de PC
tiid fan it jier begjin augustus
bysûnderheden
soarte evenemint sportevenemint (keatsen)
bestean 1903 – no
org. troch KF Wommels (o/m 2016)
St. De Freulepartij (fanôf 2017)
offisjele webside
kfwommels.nl/freulepartij

De Freulepartij [1] is in keatswedstryd dy't alle jierren yn it Fryske doarp Wommels holden wurdt. Der komt elts jier in publyk fan sa'n 4.500 oant 5.000 minsken op ôf. De Freulepartij is de wichtichste keatspartij foar jonges fan 14 oant en mei 16 jier, en is dêrmei de manlike wjergader fan 'e Ald-Meiers Partij yn Hitsum, foar famkes fan dy âldens. It evenemint bestiet sûnt 1903, en wurdt elts jier op in woansdei yn begjin augustus holden, persiis in wike nei de PC yn Frjentsjer. (De PC wurdt holden op 'e fyfde woansdei fan july, of, as july mar fjouwer woansdeis hat, op 'e earste woansdei fan augustus.) De woansdeis nei de Freulepartij wurdt yn Jellum-Bears de Revâns-Freule ferkeatst.

De Freulepartij waard foar it earst spile op 5 augustus 1903.[2] De wedstryd is ferneamd nei frelle (freule) Clara Jacoba de Vos van Steenwijk, dy't keatsen in sûn tiidferdriuw foar opslûpen jonges fûn. Dêrom stelde hja yn 1902 in flink bedrach oan jild beskikber foar de oprjochting fan in jierliks weromkearende wedstryd yn har wenplak Wommels. Dêrfoar waard se letter eare mei in boarstbyld dat op De Terp stiet, yn it sintrum fan it doarp.

Yn 1943 en 1944 gie de Freulepartij net troch fanwegen de Twadde Wrâldoarloch.

De organisaasje fan 'e Freulepartij wie mear as 110 jier yn 'e hannen fan 'e Keatsferiening Wommels, mar úteinlik groeide it evenemint sa grut dat men suver mear mei de Freulepartij dwaande wie as mei de saken dêr't in keatsferiening foar bedoeld is. Dêrom waard de organisaasje yn 2017 oernommen troch de nij oprjochte Stichting De Freulepartij Wommels. Dy sette doe útein mei in wiidweidich fernijings- en ferjongingsprogramma dat foar de edysje fan 2018 foar it earst fruchten begûn ôf te werpen.

In loftfoto fan Wommels, mei rjochts njonken de tsjerke it âlde gemeentehûs fan Littenseradiel en dêrefter it sportfjild dêr't de Freulepartij ferkeatst wurdt.

Sa waard it publyk by de yngong fan it sportfjild oan De Keatsebaen tenei wolkom hjitten troch in grut digitaal boadskippeboerd en waarden alle frijwilligers yn in nij tenu stutsen. Ek waard der op 'e jûn fan 'e tiisdei foarôfgeande oan 'e Freulepartij foar it earst in 'Freulekafee' holden yn it Wommelser Kafee It Reade Hynder, dat troch Omrop Fryslân fan 19.00 oant 20.00 oere útstjoerd waard. Ek nij wie dat der yn it skoft foar de finale en nei ôfrin fan 'e keatspartij in optreden wie fan in dweilorkest, yn 2018 fersoarge troch De Menaemer Feintsjes.

Yn 2020 waard de Freulepartij fanwegen de wrâldwide koroanafiruspandemy sûnder taskôgers ferkeatst op sneon 19 septimber.

Regels en tradysjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferkeap fan tangongskaartsjes begjint neffens de tradysje by Warehûs Van der Velde yn Wommels, dêr't de earste gadingmakkers dan moarns om kertier oer fiven al foar de doar sitte.

Dielname oan 'e Freulepartij stiet iepen foar jongespartoeren fan alle keatsferienings dy't as ôfdielings oansletten binne by it KNKB. Eltse ôfdieling mei maksimaal ien partoer nei de Freule ôffurdigje. De winners ûntfange goudene klokjes en in wikselpriis (de "Freule") dy't nei frelle De Vos van Steenwijk neamd is en bestiet út in miniatuer fan har filla. Jonges dy't de Freulepartij al in kear wûn hawwe, binne dêrnei útsletten fan fierdere dielname, ek al falle se yn 'e jierren dêrop noch binnen de leeftydskategory fan 14 oant en mei 16 jier.

It winnen fan 'e Freulepartij wurdt rekkene as it earste bledsje fan it saneamde Klaverke Fjouwer. De oare trije bledsjes kinne wûn wurde by: de Jong Nederlânpartij, de Bûnspartij foar Senioaren en de PC. It komt mar tige selden foar dat keatsers alle bledsjes fan it Klaverke Fjouwer winne.

Hjirûnder in list mei winners fan 'e Freulepartij.[3]

jier plak keatsers
1903 Easterlittens H. v.d. Feer
Th. v. Buren
S. v. Buren
1904 Easterein A. Terpstra
A.H. Dijkstra
M. Bonnema
1905 Arum B.K. Tolsma
H. Kuipers
J. Postma
1906 Frjentsjer J.U. Vlietstra
J. Alkema
M. Hiemstra
1907 Achlum H. Rollingswier
F.de Jong
J. Alkema
1908 Achlum H. Rollingswier
U. Donia
J. Alkema
1909 Frjentsjer D. Ferwerda
A. Smidts
Y. Aukema
1910 Penjum J. Reitsma jr.
O. Postma
J. Dijkstra
1911 Easterein J.Y. Heeg
L. Bonnema
B. de Haan
1912 Dokkum G. de Vries
Tj. Hoogeveen
R. Brouwer
1913 Raerd W. Oosterhof
H. de Jong
J. de Jong
1914 net trochgien fanwegen it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch
1915 Harns J. v.d. Plaats
A. van Veen
J. Broersma
1916 Dokkum K. Toornstra
P. Brouwer
I. Jousma
1917 Wytmarsum T. Zijlstra
J.A. Reitsma
D. Hettema
1918 Sint-Anne Y. Schuitmaker
J. Schat
R. Kuiken
1919 Dokkum H. Visser
K. Kooistra
P. Ronner
1920 Wommels E. de Groot
J. Krips
R. Boersma
1921 Frjentsjer Chr. v.d. Woude
J. Paulides
S. Haitsma
1922 Boalsert C. de Way
S. Kramer
L. Kramer
1923 Holwert H. Schaafsma
O. Hiddema
J. Tilstra
1924 Mantgum J. de Groot
A. Mulder
H. Jepma
1925 Wommels T. de Haas
R. Pagels
A. Tjallema
1926 Frjentsjer E. v.d. Schoot
G. v. Smeden
R. Kats
1927 Penjum S.R. de Vries
D.L. Hylarides
Tj. Hiemstra
1928 Sint-Anne J. Bijlsma
T. Brouwer
H. de Jong
1929 Bitgum D. Halbertsma
G. Stienstra
M. Halma
1930 Arum L. v.d. Weerd
G. Kuipers
C. Kamminga
1931 Harns B. v. Seijst
F. de Jager
S. v.d. Meer
1932 Snits Y. Blom
Sj. Ypma
Sj. Sikkes
1933 Huzum Y. Swierstra
A. Paassen
B. de Vries
1934 Ljouwert B. v.d. Woude
P. Dorenbos
R. Keizer
1935 Bitgum Sj.J. Rijpstra
Sj.A. Rijpstra
P. Burenga
1936 Harns G. Braaksma
F. Bouma
F. Helfrich
1937 Sint-Jabik J. Terpstra
K. Tjepkema
D. Ganzinga
1938 Wier K. Wassenaar
W.Wieling
A. Bergsma
1939 Weidum F. de Boer
Jan de Groot
B. Venema
1940 Raerd P. de Jong
G. de Jong
W. de Boer
1941 Berltsum R. Schaafstra
S. Beetstra
H. Rekker
1942 Menaam M. Kingma
J. Stienstra
P. Kamminga
1943 net trochgien fanwegen de Twadde Wrâldoarloch
1944 net trochgien fanwegen de Twadde Wrâldoarloch
1945 Ljouwert S. Sevenster
G. Hoving
A. Veldkamp
1946 Arum J. Hiemstra
P. de Groot
J. Tolsma
1947 Wytmarsum A. v.d. Meer
A.J. v.d. Meer
E.T. Zijlstra
1948 Reduzum G. Jonker
F. de Jong
U. Tolsma
1949 Ljouwert J. Bijsterveld
A. Wouda
A. Radelaar
1950 Peins H. Gjaltema
E. Faber
P. Boonstra
1951 Harns P. Schuil
P. Dijkstra
H. Bultje
1952 Frjentsjer G. Herrema
E. de Boer
W. de Jong
1953 Ljouwert W. Hulscher
J. Dijkhuis
D. v.d. Zee
1954 Harns J. Dijkstra
J. v. Straten
S. Helfrich
1955 Stiens J. v. Dijk
J. Bilstra
G. Römer
1956 Frjentsjer J. Seerden
P. Sikkema
S. Sikkema
1957 Easterlittens P. Santema
M. v.d. Molen
M. Santema
1958 Ljouwert R. de Groot
G. Hoekstra
M. Delgrosso
1959 Penjum J. v.d. Meer
Tj. Huizenga
O.D. Wijnalda
1960 Ljouwert H. Schaaf
S. v.d. Veer
Joh. Westra
1961 Tsjummearum T. Meijer
Joh. Reitsma
S. Heeringa
1962 Ljouwert R. de Ruiter
S. v.d. Meulen
D. Scheepstra
1963 Ljouwert H. Volbeda
R. Sepp
C. Schaalje
1964 Easterlittens P. Zijlstra
R. Toering
A. Toering
1965 Frjentsjer S. Hoekstra
E. Veltman
H. Kramer
1966 Marsum Y. Zuiderveld
H. Klazinga
L. Breuker
1967 Bitgum D. Beimers
H. Laanstra
M. Zijlstra
1968 Frjentsjer H. Seerden
A. de Boer
A. Roosenburg
1969 Wommels P. de Jong
H. Zijlstra
J. Joustra
1970 Frjentsjer R. de Jong
H. Procee
C. Roosenburg
1971 Stiens G. Faber
P.J. Faber
A. Rinkema
1972 Bitgum J. v.d. Vlugt
K. Larooi
O. Larooi
1973 Harns J. v.d. Molen
G. Taekema
Sj. Nota
1974 Dronryp D. Smeding
G. Jorritsma
J. Vaas
1975 Frjentsjer N. Douma
D. Hoekstra
D. Kuperus
1976 Dronryp K. Laanstra
Y. Arendz
D.J. v.d. Wal
1977 Kimswert A. Brunia
A. v. Straten
H. Wiersma
1978 Sint-Jabik J.H. Bierma
L. Leeuwen
J. Nicolai
1979 Makkum P. Rinia
F. Huisman
T. Bootsma
1980 Arum J. Hibma
R. Wiersma
H. Rusticus
1981 Penjum S. Nieuwenhuis
D. de Haan
A. Kooistra
1982 Reduzum G.Zijlstra
P.Tolsma
A. Tolsma
1983 Dronryp G. Smid
T. Ringia
W. Tuinman
1984 Arum A. v.d. Meer
J. van IJs
G. Okkinga
1985 Frjentsjer M. Wever
T. Vellinga
J. Sjoers
1986 Makkum Y.K. Dijkstra
Y. Smink
C. v.d. Logt
1987 Frjentsjer Erik Seerden
J. Nagel
R. Tempel
1988 Sweins M. Sijtsma
J. de Jong
L. Idsardi
1989 Frjentsjer A. Terpstra
R. Hooghiemstra
R. van Wier
1990 Tsjummearum W. Heeringa
P. Zuidema
S. Broekstra
1991 Easterein G.J. Hiemstra
R. Hoekstra
R. Sijbesma
1992 Wommels M. Brouwer
H. Tanja
R. Klijnsma
1993 Minnertsgea W.H. de Haan
Joh. Wassenaar
W. Faber
1994 Berltsum R. Grovenstein
J. Boomsma
A. v.d. Graaf
1995 Marsum G. Hiemstra
H. Jorritsma
J. Jorritsma
1996 Minnertsgea P. Sinnema
J. Wassenaar
R. Faber
1997 Minnertsgea H.G. Drijfhout
W.J. de Roos
C. Terpstra
1998 Menaam J.H. Postma
K. Kingma
W. Bijlsma
1999 Sint-Jabik T. Triemstra
W. Veenstra
D. Hogenhuis
2000 Stiens F. Ferwerda
S. Ferwerda
J.Oostra
2001 Wommels H. Engbringhof
J.K. Haitsma
Kees Adema
2002 Reahûs/Turns T.Altenburg
B.Poelsma
S. Terwisscha v. Scheltinga
2003 Wytmarsum J. Zaagemans
C. Anema
G.J. Meekma
2004 Makkum Lennart Adema
Hyltje Bosma
Jorn Adema
2005 Holwert Gert Anne van der Bos
Matthijs van der Velde
Rudolf Soepboer
2006 Dronryp Sjoerd van der Meer
Rutger Diertens
Johan Diertens
2007 Tsjummearum Arnold Zijlstra
Hans Wassenaar
Steven de Bruin
2008 Wjelsryp Jelmer Hofstee
Paulus Yde Walda
Jouke Bosje
2009 Wjelsryp Pieter Sijbren Scharringa
Jelle Scharringa
Elmar Pieterse
2010 Boalsert Hendrik Bouwhuis
Willem Siebe Hilwerda
Peter van Zuiden
2011 Seisbierrum Johannes van der Veen
Kees van der Schoot
Pieter van der Schoot
2012 Frjentsjer Kars Zeinstra
Allard Hoekstra
Christian de Haan
2013 Dronryp Wierd Baarda
Sander Kingma
Sybren Blanksma
2014 Hijum/Feinsum Hielke Beijering
Jetze Lutzen Plantenga
Laas Pieter van Straten
2015 Makkum Jurre Rinia
Jouke Vlasbloem
Klaas Pier Folkertsma
2016 Menaam Harmen Schuitmaker
Tom Gerard Cats
Tycho de Groot
2017 Boalsert Hidzer Bogaard
Jelle Cnossen
Menno Galama
2018 Eanjum Gerwin Dijkstra
Gerrit Dijkstra
Sytse Koree
2019 Winsum Hessel Postma
Gosse de Haan
Jelke Greidanus
2020 Dronryp[4] Rutger Kumbangsila
Jorn Lars van Beem
Rick Minnesma
2021 Tsjom[5] Steven Koster
Robin Benders
Jorrit Palma
2022 Moarre-Ljussens[6] Folkert Jelmer Visser
Douwe Dijkstra
Johan Sipma
2023 Dronryp [7] Brent Jesse van Beem
Bjorn Idsardi
Brent Timmerman
2024 Boalsert[8] Jurre Reitsma
Silvan Elzinga
Tymen Bijlsma

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Eins soe it yn geef Frysk 'Frellepartij' wêze moatte, mar net ien dy't dat seit.
  2. ――, Kaatspartij Wommel Groote Jongens Kaatspartij, yn: de Ljouwerter Krante, 27 july 1903.
  3. List fan Freulewinners op 'e webside fan 'e Keatsferiening Wommels
  4. Nijsberjocht op KNKB.nl "‘Boem, boem Van Beem’ brengt Dronryp winst Freule"
  5. Nijsberjocht op KNKB.nl "Tzum wint 119e editie van de Freule"
  6. Nijsberjocht op omropfryslan.nl "LIVEBLOG Freule: Moarre-Ljussens ferslacht Raerd yn de finale"
  7. Omrop Fryslân, 9-8-2023, Dronryp makket favoriterol wier en wint Freulepartij
  8. mrop Fryslân, 7-8-2024, Boalsert wint foar de fjirde kear yn de skiednis de Freule

  • Bokma, Hinne, Stichting set troch mei ferjonging en fernijing fan Freule, yn: Op 'e Skille, 6 augustus 2018, s. 3.