Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Sascha Alexander

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hans Moser)
Sascha Alexander
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Hans Mosher jr.
echte namme Hans Moser
nasjonaliteit Dútsk
berne 30 septimber 1944
berteplak Hannover (Dútslân)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
wurksum as neakenfotograaf, regisseur,
produsint
jierren aktyf 70-er jierren – 2000
offisjele webside
gjint
Dizze side giet oer de Dútske pornoprodusint. Foar de Amerikaanske aktrise, sjoch: Sasha Alexander.

Sascha Alexander, echte namme: Hans Moser (Hannover, 30 septimber 1944), is in foaroansteand Dútsk neakenfotograaf, útjouwer fan pornoblêden en pornoprodusint, en foarhinne ek regisseur fan pornografyske films. Yn it ferline hat er ek wol gebrûk makke fan 'e skûlnamme Hans Mosher jr. Hy is benammentlik bekend wurden fia syn filmstudio's, VTO en Sascha Alexander Productions, en fan syn houliken mei de pornoaktrises Teresa Orlowski en Sarah Young. Syn artystenamme is in grap, mei't "Sascha" in ropnammefoarm fan "Alexander" is, dus eins soed er dan "Alexander Alexander" hjitte. Hy moat trouwens net betize wurde mei de Amerikaanske mainstream-aktrise Sasha Alexander.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alexander waard berne yn it Noarddútske Hannover, as de âldste soan yn in gesin dat út etnysk Dútske flechtlingen út Roemeenje bestie. Yn 'e earstoan lei er him ta op neakenfotografy, en yn 'e jierren santich kaam dêr de útjefte fan pornobledsjes by. Fan 1985 oant 1994 wied er fierders aktyf as regisseur fan pornografyske films, wêrfan't er, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) 82 op syn namme stean hat. Teffens wied er yn deselde snuorje en ek dêrnei noch wurksum as produsint fan pornofilms.

Yn 1981 ûntdiek Alexander fia syn kollega-fotograaf Peter M. Filip de fan oarsprong Poalske Teresa Orlowski, doedestiden in servearster yn in bar yn Duisburch, dy't troch syn tadwaan in pornostjer waard, earst yn blêden en letter ek op film. Yn 1985 trouden Alexander en Orlowski by in seremoanje yn it Amerikaanske Las Vegas. Mids tachtiger jierren wie harren bedriuw Verlag Teresa Orlowski (VTO) frijwol synonym mei de Dútske pornoyndustry. Doe't se lykwols al harren jild yn in grutskalich studiokompleks yn Hannover stieken, dat as pornostjoerder hiel Jeropa betsjinje moast, mar dêrfoar gjin tastimming fan 'e Jeropeeske Uny krigen, rekke it spul earst saaklik en letter ek op it persoanlik flak yn 'e ûnderwâl. Yn 1989 rûn it houlik úteinlik op 'e klippen, en skieden Alexander en Orlowski.

Begjin jierren njoggentich murk Alexander de doe noch ûnbekende Britske pornoaktrise Sarah Young op, dy't it mei syn help yn 'e midden fan 'e jierren njoggentich ta de ûnomstriden keninginne fan 'e Dútske pornoyndustry brocht. Hja trouden op 13 jannewaris 1991. Ek mei syn eigen studio Sascha Alexander Productions en Sarah Young Communications, dy't er foar syn nije frou oprjochte, hie Alexander yn 'e jierren njoggentich grut súkses. Uteinlik rûn ek syn twadde houlik lykwols op 'e non, wêrnei't it mei Alexander in stikmannich jierren minder gie. Hy besocht om syn keunstke mei Gina Wild nochris te werheljen, mar nei't er foar har it grûnwurk lein hie, makke hja karriêre by oare produsinten. Sûnt likernôch 2000 is Alexander wat nei de eftergrûn fan 'e Dútske pornoyndustry ferdwûn.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.