Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Hornhuizen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hornhûzen)
Tsjerke fan Hornhuizen
Buorren Hornhuizen

Hornhuizen (Grinslânsk: Hörnhoezen) is in doarp yn de gemeente It Hegelân (oant 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân, Nederlân. It doarp hat likernôch 200 ynwenners.

De namme betsjut net: huzen yn de hoeke (horn), sa't wol faak tocht wurdt, mar ferwiisd nei it midsiuwske doarp Houwera, no noch De Houw neamd (ûnder Leens). It doarp leit yn de fierste westhoeke fan dy eardere gemeente. De toer fan de tsjerke is út de 15e iuw. Yn de 19e iuw is it dak ferfongen troch in saneamde `lantearne.' Eartiids hat de toer faaks tsjinne as beaken. De tsjerke is opnij boud yn 1850. Toer en tsjerke binne fan de Stichting Groninger Kerken.

Tsjintwurdich is der allinnich noch wurk yn de lânbou en is der in lytse middenstân.

Eartiids hie it doarp in boarch: de Tammingaboarch, ea de sterkste boarch yn de Ommelannen, mar dy is yn it begjin fan de 19e iuw ôfbrutsen. Allinne de namme fan in pleats docht der noch oan tinken: de Tammingaheerd.

Berne yn Hornhuizen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]