Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Jackson (Mississippy)

Ut Wikipedy
Jackson
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Mississippy
County Hinds County
Madison County
Rankin County
Sifers
Ynwennertal 175.437 (2012)
Oerflak 276,7 km² (ynkl. wetter)
271,7 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 645,7 / km²
Stêdekloft 576.800 (2012)
Hichte 85 m
Oar
Stifting 1821
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 32°17′56″N 90°11′05″W
Offisjele webside
www.jacksonms.gov
Kaart
De lizzing fan Jackson yn Hinds County en yn 'e steat Mississippy.

Jackson is sawol de haadstêd as de grutste stêd fan 'e súdlike Amerikaanske steat Mississippy. Teffens is it mei Raymond ien fan 'e beide haadplakken fan it omlizzende Hinds County, al stekke guon bûtenwiken út oer de grinzen fan Madison County en Rankin County hinne. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Jackson doe goed 175.000 ynwenners, wat hast tsientûzen minder is as yn 2000, mar rom twatûzen mear as yn 2010. It is de iennichste stêd fan boppe as 100.000 ynwenners yn 'e steat Mississippy. Mei alle foarstêden en it heal ferstedske omlizzende plattelân derby komt Jackson as stêdekloft út op in befolking fan krapoan 577.000 minsken.

De krite dêr't Jackson no leit, hearde oarspronklik ta it wengebiet fan 'e Tsjoktou-Yndianen, ien fan 'e saneamde Fiif Beskaafde Stammen, dy't lykwols nei 1830 ûnder twang fan it Amerikaanske regear en driging mei geweld ynstimden mei harren deportaasje nei it Yndiaanske Territoarium (it tsjintwurdich Oklahoma). De krite om Jackson hinne waard yn 't earstoan Parkerville neamd, en kaam letter, doe't de Frânsk-Kanadeeske keapman Louis LeFleur him der nei wenjen set hie, bekend te stean as LeFleur's Bluff.

It Steatskapitoal fan Mississippy.

Yn 1821 besleat de folksfertsjintwurdiging fan 'e steat Mississippy, op in gearkomste yn 'e doetiidske haadstêd Natchez, dat der yn 'e midden fan 'e steat in nije haadstêd stifte wurde moast. Om't de persize geografyske midden yn in sompe lei, sochten de lânmjitters dy't derop útstjoerd wiene dêr yn 'e neite nei in gaadlike lokaasje. Harren kar foel op LeFleur's Bluff, dêr't noch datselde jiers in delsetting stifte waard dy't yn 1822 de status fan stêd krige ûnder de nije namme Jackson. De stêd waard ferneamd nei generaal Andrew Jackson, de (lettere) sânde presidint fan de Feriene Steaten, fanwegen dy syn oerwinning yn 'e Slach by New Orleans, op 'e Britten, yn 'e Oarloch fan 1812.

Jackson bleau lange tiid in lyts plakje, mei as iennichste funksje dy fan steatshaadstêd. Yn 1860, oan 'e foarjûn fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865), hie it noch mar krapoan 3.200 ynwenners. Nettsjinsteande dat ûntjoech it him ûnder de Boargeroarloch as in strategysk wichtich sintrum foar de produksje fan oarlochsreau foar de Súdliken. Yn 1863 waard it lykwols troch de Noardliken ferovere, en de rest fan 'e oarloch bleau it beset gebiet. Nei de oarloch wisten de blanken yn Mississippy de feroarings dy't fan hegerhân út Washington oplein wiene (lykas it stimrjocht fan 'e swarten) grutdiels wer werom te draaien. Yn 1890 naam it steatskongres in nije steatsgrûnwet oan dy't de earste yn in rige yn it Amerikaanske Suden blike soe te wêzen dy't de swarten (en earme blanken) op slûchslimme wize frijwol al harren boargerrjochten ûntfytmannen (û.m. troch in alfabetisearringstest te fereaskjen as der in stimfergunning oanfrege waard). Doe't it Amerikaansk Heechgerjochtshôf yn 'e tweintichste iuw it near lei op sokke easken om't se tsjin 'e Amerikaanske Grûnwet yngiene, betochten Mississippy en de oare Súdlike steaten fluch-fluch nije metoaden om 'e swarten ûnder de tomme te hâlden.

Om 'e iuwwiksel hinne hie Jackson 7.800 ynwenners; pas yn 'e tweintichste iuw begûn de stêd te groeien, nei in befolking fan 21.000 minsken yn 1910; 48.000 yn 1930; 98.000 yn 1950; en 154.000 yn 1970. Fan 1924 ôf waard der yn Jackson oalje en gas fûn en oppompt, mar de kwaliteit foel ôf, en tsjin 1955 wiene alle boarnen útdien. Under de Twadde Wrâldoarloch ûntjoech Hawkins Field, noardwestlik fan Jackson, him ta in wichtige loftmachtbasis. Yn 1941 waard dêr de Keninklike Nederlânske Militêre Fleanskoalle fêstige, dêr't alle piloaten fan 'e Keninklike Loftmacht traind waarden.

It stedhûs fan Jackson.

Yn 'e fyftiger en sechstiger jierren wie Jackson ien fan 'e wichtichste striidtoanielen fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, wêrby't de swarte befolking mei massale demonstraasjes, boykots en sit-ins syn rjochten werom besocht te winnen. Yn maaie 1961 waarden by ien demonstraasje mear as 300 minsken oppakt foar it fersteuren fan 'e iepenbiere oarder. Earder al wiene njoggen swarte studinten fan it swarte Tougaloo Kolleezje arrestearre nei't se besocht hiene boeken te lêzen yn it diel fan 'e iepenbiere bibleteek dat foar blanken reservearre wie. Yn 1963 waard de boargerrjochte-aktivist Medgar Evers fermoarde troch de blanke rasist Byron De La Beckwith, dy't yn 1994 einlings en te'n lêsten foar dy misdie feroardiele wurde soe. De Ynternasjonale Lofthaven Jackson-Evers waard letter nei Evers ferneamd.

Yn 1966 skreau James Meredith him as earste swarte studint yn oan 'e Universiteit fan Mississippy, in barren dat oanlieding wie ta in rasse-opskuor dy't sa út 'e hân rûn dat it nasjonaal regear it leger stjoere moast om it de kop yn te drukken en yn Jackson foar de perioade fan in jier de steat fan belis ôfkundige waard. Yn 1967 fierde de rasistyske Ku Klux Klan twa bomoanslaggen út op 'e joadske Beth Israel-synagoge yn Jackson en op 'e wente fan 'e rabbyn Perry Nussbaum. De rasseskieding waard geandewei de jierren sechtich en de iere jierren santich ûnder druk fan Washington opheft. Yn 1997 waard Harvey Johnson jr. keazen as de earste swarte boargemaster fan Jackson.

It âlde steatskapitoal fan Missis-sippy, dêr't de folksfertsjintwurdi-ging fan 'e steat syn sit hie fan 1839 oant 1903 (no in museum).
Union Station, it haadspoarstasjon fan Jackson.
It Mississippi Museum of Art.

De stêd berikte syn heechste ynwennertal, fan krapoan 203.000 minsken, yn 1980. Trochdat der almar mear (fral blanke) ynwenners nei de foarstêden ferfearen, begûn de befolking fan Jackson dêrnei te krimpen, wylst er tagelyk prosintueel sjoen almar mear út swarten bestie, om't dy yn 'e binnenstêd wenjen bleaune. Yn 1990 hie de stêd 197.000 ynwenners, yn 2000 184.000, en yn 2010 174.000. Dêrmei liket it djiptepunt lykwols berikt, want neffens in offisjele skatting út 2012 hie Jackson doe wer 175.000 ynwenners.

Jackson hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan Jackson stipet tsjintwurdich benammen op 'e yndustry en de hannel. De yndustry omfettet fral de produksje fan elektrysk gebrûksguod, masinery en metaalprodukten en it ynblikjen fan itenswaren. Hannel wurdt benammen dreaun yn 'e lânbouprodukten út 'e omlizzende krite, lykas fleisfee, plomfee, sojabeane en katoen. Op it mêd fan berikberheid wurdt Jackson betsjinne troch de Ynternasjonale Lofthaven Jackson-Evers, dat beëasten de eigentlike stêd leit, yn 'e stêd Pearl, yn Rankin County.

Jackson is fierders ferneamd om syn muzykyndustry, dy't sjenres as gospel, blues en R&B omfiemet. It bekende platelabel Malaco Records is yn 'e stêd fêstige. Ek wurdt der ien kear yn it jier de Amerikaanske Ynternasjonale Balletwedstryd holden, mei dielnimmers fan oer de hiele wrâld. Jackson hat in tolvetal ynstellings foar heger ûnderwiis, wêrfan't de âldste it Mississippy Kolleezje is, dat datearret út 1826. Folle grutter is lykwols de Steatsuniversiteit fan Jackson (JSU), dy't oprjochte waard yn 1877. De Universiteit fan Mississippy hat yn Jackson in regionale kampus mei opliedings yn 'e sûnenssoarch.

Wat toerisme en ferdivedaasje oangiet, hat Jackson ferskate museä, wêrûnder it Mississippi Museum of Art, in keunstmuseum, en it Old Capitol Museum of Mississippi History, in histoarysk museum dat húsfêste is yn it âlde Steatskapitoal fan Mississippy. Fierders is der ek de Jackson Zoo, de pleatslike dieretún.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Jackson 10,9% âlder as 65 jier en 28,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 34,4% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 23,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 79,4% swarten; 18,0% blanken; 1,6% Latino's; 0,4% Aziaten; 0,1% Yndianen; 0,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Jackson hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte fochtige simmers en mylde winters. Yn july en augustus, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,1 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 13,4 °C. Rekôrtemperatueren wiene 42 °C op 30 augustus 2000 en –21 °C op 27 jannewaris 1940. Jackson kriget jiers trochinoar 1.375,2 mm delslach. Snie is seldsum, en às it falt, teit it ornaris deselde deis wer fuort. Jackson leit yn in gebiet dêr't frij geregeldwei tornado's foarkomme; op 3 maart 1966 ferwuostge sa'n wynhoas it Candlestick-winkelsintrum yn it suden fan Jackson, wêrby't 19 minsken de dea fûnen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.