Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Kent

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kent (Ingelân))
Flagge fan Kent
Lizzing greefskip Kent

Kent is in greefskip (county) yn de Ingelske regio Súdeast-Ingelân, dat nei alle gedachten yn 'e earste helte fan 'e 10e iuw oprjochte is. It telt 1.406.600 ynwenners (2008) en it oerflak is 3544 km2. De haadstêd is Maidstone.

It lânskip is heuvelich en út reden fan syn skientme wurdt Kent wol 'de tún fan Ingelân' neamd. In grut part fan it lânskip wurdt foarme troch de kalkrêch de North Downs, dy't yn it easten útrint yn de ferneamde krytrotsen fan Dover.

Troch it útwreidzhen fan de agglomeraasje Londen is it noardwesten fan it greefskip tige ferstedske en it ynwennertal tanaam.

Yn de iere midsiuwen wie it Keninkryk Kent in steat fan de Juten, ien fan de sân riken dy't wol dkend binne as de heptargy. De namme is fermoedlik ôflaat fan de Kentii, in Keltyske stam dy't yn dit gebiet tahâlde.

Kent's lizzing tusken Londen en the continent hat makke dat it yn de frontliny lei by ferskillende konflikten, foar it lêst wie dat yn de Twadde Wrâldkriich doe't de Slach om Ingelân boppe Kent útfjochte waard.

Distrikten Detailkaart
  1. Dartford
  2. Gravesham
  3. Sevenoaks
  4. Tonbridge and Malling
  5. Tunbridge Wells
  6. Maidstone
  7. Swale
  8. Ashford
  9. Shepway
  10. City of Canterbury
  11. Dover
  12. Thanet
  13. Medway (Unitary authority)

Plakken yn Kent

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kent leit fan alle Ingelske greefskippen it tichtst by it Europeeske fêstelân en dêrom komme der ferskate feartsjinsten oan, benammen yn it ditrikt Dover. Ek de Ingelske tagong ta de Kanaaltunnelis yn Kent, by Folkestone.

Kent hat ûnder oaren de toeristyske attraksje Romney, Hythe and Dymchurch Railway.

De wite kliffen fan Dover
Kent fergelike mei
United Kingdom Census 2001 Kent Súdeast- Ingelân Ingelân
Totale befolking 1,579,206 8,000,645 49,138,831
Fan bûtenlânsk komôf 5.8% 8.1% 9.2%
Blank 96.5% 95.1% 90.9%
Asiatysk 2.0% 2.7% 4.6%
Swart 0.4% 0.7% 2.3%
Kristen 74.6% 72.8% 72%
Moslim 0.6% 1.4% 3.1%
Sikh 0.7% 0.5% 0.7%