Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Klaeiterp

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Klaaiterp)

Klaeiterp is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Klaaiterp leit tusken Wiuwert en Easterwierrum. De âlde opfeart fan 'e buorskip is de Easterwierrumer Aldfeart, dêr't ek de Klaaiterpstermûne oan leit.

De namme komt ek foar as Kleiterp, Cleiterp, Klayterp, Claterp en Claeijtorp.

Klaaiterp

Yn de bjirm by Klaaiterp, tusken Wiuwert en Boazum, is op 25 juny 2011 in betinkingspaniel ûntbleate foar seis alliearde fleanders. It giet om de bemanning fan de Wellington R1397 dy't krekt santich jier dêrfoar, by it lemieren fan de dei fan 25 july 1941, delhelle waard troch in Dútske nachtjager.

Neibesteanden fan de Nij-Seelânske piloat en de fiif Britske bemanningsleden wienen by it ûntbleatsjen oanwêzich.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: