Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Kristiaan X fan Denemark

Ut Wikipedy
Kristiaan X fan Denemark
aadlik persoan en/of hearsker
Kristiaan X fan Denemark
Kristiaan X fan Denemark
echte namme Christian Carl Frederik Albert Alexander Vilhelm
bertedatum 26 septimber 1870
berteplak Charlottenlund (slot)
stjerdatum 20 april 1947
stjerplak Kopenhagen-Amalienborg
dynasty Hûs Oldenburg
Kening fan Denemark
amtsperioade 1912-1947
foargonger Kristiaan X fan Denemark
opfolger Freark IX fan Denemark
Kening fan Iislân
amtsperioade 1918-1944
foargonger gjin
opfolger gjin

Kristiaan X fan Denemark (Christian Carl Frederik Albert Alexander Vilhelm) (berne yn Charlottenlund by Kopenhagen op 26 september 1870 – ferstoarn op Amalienborg op 20 april 1947) wie fan 1912 oant 1947 kening fan Denemark en fan 1918 oant 1944 kening fan Iislân. Hy regearre 34 jier en 341 dagen oer it lân.

Kristiaan X folge Freark VIII op en waard sels troch syn soan Freark IX opfolge.

Prins Kristiaan waard op moandei 26 septimber 1870 berne yn 'e simmerresidinsje fan syn âlden noardlik fan Kopenhagen. Op dat stuit wie kening Kristiaan IX kening. Syn heit wie kroanpins Freark fan Denemark (letter kening Freark VIII), de âldste soan fan Kristiaan IX en syn mem kroanprinsesse Louise, de iennige dochter fan kening Karel XV fan Sweden dy't as Karel IV ek kening fan Noarwegen wie en keninginne Louise.

De lettere Kristiaan X waard op 31 oktober 1870 as Christian Carl Frederik Albert Alexander Vilhelm yn 'e slottsjerke fan 'e Christiansborg troch biskop Hans Lassen Martensen doopt.

Kristiaan mei syn jongere broer Karel.

Prins Kristiaan groeide tegearre mei sân bruorren en suskes op yn it Freark VIII-paleis fan 'e Amalienborg yn Kopenhagen. Simmerdeis wenne de famylje yn it Slot Charlottenlund, krekt noardlik fan Kopenhagen. De bern fan 'e kroanprins waarden troch de eigen mem grutbrocht, itjinge doe net sa gewoan wie om 't it grutbringen fan keninklike bern yn 'e regel in taak fan gûvernantes wie. De bern krigen in strange en strikt kristlike opfieding mei de klam op deugden as plichtsbesef, ienfâld, tawijing, regelmaat en oarde. Prins Kristiaan hie fral in sterke bân mei syn twa jier jongere broer, prins Karel, dy't letter as Haakon VII kening fan Noarwegen waard en de twa prinsen diene yn 1887 tegearre belidenis yn 'e slottsjerke fan 'e Christiansborg.

Prins Kristiaan lei syn examen artium yn 1889 ôf as earste prins fan it Deenske keningshûs. Dêrnei die er in ofsiersoplieding en tsjinne er yn ferskillende regiminten. Yn 1906 waard er kroanprins, doe't syn heit as Freark VIII kening waard. Yn 1908 waard de kroanprins beneamd ta generaal-majoar.

Kristiaan X wie fan 1912 oant syn dea yn 1947 frijmitselder en droech as foarsitter fan 'e Deenske Oarder fan Frijmitselders de titel Viseste Salomo Vicarius.

Houlik Kristiaan en Aleksandrine

As in jongeman waard prins Kristiaan fereale op 'e Frânske prinsesse Marguerite fan Orléans, de jongere suster fan 'e frou fan syn omke Waldemar, prinses Marie fan Orléans. It wie lykwols gjin leafde fan twa kanten en nei in pear jier troude hja yn 1896 mei Marie-Armand-Patrice de Mac-Mahon, hartoch fan Magenta, soan fan de Frânske maarskalk en presidint Patrice de Mac Mahon.

Yn maart 1897 kaam er yn Cannes hartoginne Alexandrine fan Mecklenburch-Schwerin tsjin en rekke fereale op har. Hja wie de dochter fan gruthartoch Freark Frâns III fan Mecklenburch-Schwerin en gruthartoginne Anastasia Michailovna fan Ruslân. Noch yn 'e selde moanne waarden hja oan in oar fersein en fuort dêrnei stoar op 10 april 1897 de gruthartoch ynienen yn 'e âldens fan 46 jier. Neffens de offisjele lêzing ferstoar de gruthartoch yn 'e tún nei't er oer in muorke strûkele, mar kranten skreaune dat er himsels tekoart dien hie troch oer in balustrade te springen. De keninklike brullof fan Kristiaan en Alexandrine fûn plak op 26 april 1898 yn Cannes.

Kristiaan en Alexandrine krigen twa soannen:

  • Prins Freark (Freark IX) op 11 maart 1899;
  • Prins Knud op 27 july 1900.

Hja wennen yn it Kristiaan VIII-paleis fan Amalienborg en simmerdeis yn it Slot Sorgenfri. Tusken 1899 en 1902 waard it slot Marselisborg foar har boud as in kado fan it folk oan it echtpear. Yn 1914 boude Kristiaan X ek de filla Klitgården by Skagen.

Kristiaan X wurdt ta kening útroppen.

Kristiaan waard op 14 maaie 1912 kening nei't syn heit Freark VIII ferstoar. Mei syn militêre útstraling die Kristiaan in soad tinken oan syn pake Kristiaan IX. Tegearre mei syn keninginne reizge er nei alle hoeken fan it lân. Ek gie er nei Grienlân, Iislân 'e Fêreu-eilannen. De tradysje fan 'e Deenske foarst om alle jierren simmerdeis mei it keninklike skip de Dannebrog nei it fekânsjeadres te farren waard troch Kristiaan en Alexandrine ynsteld.

Kristiaan, kening Haakon VIII en Gustaaf V yn Malmø in desimber 1914.

By it útbrekken fan 'e Earste Wrâldkriich wie Kristiaan X mei syn regear foarstanner fan neutraliteit. Op 18 en 19 desimber 1914 bepraten Kristiaan, kening Haakon VIII (de broer fan Kristiaan) en kening Gustaaf V fan Sweden (de neef fan de mem fan Kristiaan) yn Malmø de neutraliteit fan de Noardske lannen. Denemark slagge der yn om mei in mineblokkade yn 1914 neutraal te bliuwen.

Doe't de nije grûnwet fan 1915 de froulju stimrjocht joech, organisearre de Deenske frouljusferiening in optocht mei likernôch 20.000 dielnimmers om de kening dêrfoar te tankjen.

Mei't de Earste Wrâldkriich yn in Dútske nederlaach ôfrûn, ûnstie de mooglikheid om Súd-Jutlân wer mei Denemark te ferienigjen. De kening woe dat de Schlei de nije grins wurde soe, mar by it referindum fan 14 maart 1920 stimde in mearderheid fan Midden-Sleeswyk der foar om Dútsk te bliuwen, wylst Noard-Sleeswyk foar Denemark stimde. In soad Denen woene lykwols dat de grins teminsten súdlik fan Flensburch rinne soe. De saak spjalte ek it parlemint. It regear ûnder Carl Theodor Zahle wie tsjin de yndieling fan Flensburch by Denemark, mar stadichoan ûntstie in lykwicht tusken de ja- en neestimmers. Dat late der ta dat de kening it regear Zahle nei hûs stjoerde en ferfong troch in nij regear ûnder lieding fan de eardere abbekaat fan 'e kening Otto Liebe. De loftsradikale en sosjaaldemokratyske fraksjes fûnen dat tsjin de grûnwet en rôpen op ta in algemiene staking, wylst oare groepen krewearren foar de ynfiering fan 'e republyk.

Kening Kristiaan rydt op it hynder oer de âlde grins
Heinrich Dohm (1875–1940)

Op Peaskesnein 4 april 1920 bûn de kening yn en joech Liebe dien. Hy beneamde in sakekabinet, dy't lannelike ferkiezings útskriuwe moast. De saak hie Kristiaan X by it linkse elektoraat ympopulêr makke, mar doe't Kristiaan X by de ferieniging fan Súd-Jutlân mei Denemark op 10 july 1920 op in wyt hynder by Taps de âlde grins oerstiek en dêrnei de nije bewenners fan Denemark by Dybbøl en Kruså ferwolkomme, waard de kening op 'e nij in nasjonaal symboal foar it hiele lân.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fiering fan 'e jierdei fan kening Kristiaan X op 26 septimber 1940.

De kening waard nei de Dútske ynfal op 9 april 1940 yn Denemark it symboal fan de hâlding fan Denemark foar it nazisme oer. Oars as bygelyks syn broer Haakon VII fan Noarwegen, keninginne Wilhelmina fan Nederlân en kening George II fan Grikelân keas kening Kristiaan X der krekt lykas kening Leopold III fan Belgje foar om by syn folk te bliuwen en sa waard Kristiaan in sichtber symboal foar de nasjonale saak.

Oant de besetter yn augustus 1943 it Deenske regear ûntbûn en de Kriichwet foar Denemark ynfierde, wjerspegelen de taspraken fan Kristiaan it offisjele belied fan gearwurking mei de besetter. Mar dat wjerhold de Denen net om harren kening as in man fan mentaal ferset te sjen. Yn 'e earste twa jier fan 'e Deenske besetting makke de kening nettsjinsteande de prekêre sitewaasje sûnder begelieding alle dagen in rit op it hynder troch Kopenhagen. De Kongemærket wie in lyts fjouwerkant speldsje mei de Deenske flagge, in kroantsje en it monogram fan 'e kening, wêrmei de Denen yn 'e oarloch harren oanhinklikens oan 'e foarst en stille ferset tsjin de Dútske besetting uteren. Kening Kristiaan X holp it transport fan 'e Deenske joaden nei it net besette en neutrale Sweden te finansieren, dêr't hja feilich foar de ferfolging fan 'e nazy's wiene.

Kening Kristiaan yn 'e oarlochsjierren op syn hynder yn 'e strjitten fan Kopenhagen

Yn 1942 stjoerde Adolf Hitler Kristiaan in telegram mei de felisitaasjes foar syn 72e jierdei. De kening antwurde sunichjes mei Spreche meinen besten Dank aus. Chr. Rex. Adolf Hitler wie slim misledige, hy rôp de Dútske ambassadeur út Kopenhagen werom en sette de Deenske ambassadeur yn Dútslân it lân út. De Dútske druk resultearre yn it ûntslach fan it troch Vilhelm Buhl late regear en de ferfanging fan in nij regear ûnder lieding fan 'e diplomaat Erik Scavenius, dy't net oan in partij bûn wie en fan wa't de Dútsers hopen dat dy better mei har gearwurkje soe. De ûnôfhinklikens fan Denemark yn 'e earste jierren fan 'e besetting einige hommels mei de Dútske Putsch yn augustus 1943.

Nei't Kristiaan X op 1 oktober 1942 fan syn hynder foel, wie Kristiaan foar de rest fan syn regear mear of minder beheind.

Dat de Deenske kening út protest tsjin de joadeferfolging mei in stjer op it jaske troch de stêd ried, is lykwols net wier. De skriuwer Vilhjálmur Örn Vilhjálmsson toande yn The King and The Star oan dat it ferhaal ûnstie en ferspraat waard troch Deensk-Amerikaanske rûnten om 'e reputaasje fan Denemark yn 'e Feriene Steaten te rêden. Nei de oarloch waard it ferhaal nochris ûnder it publyk ferspraat troch it boek Exodus fan Leon Uris, dat in ynternasjonale bestseller waard. In fariant is dat de kening as reaksje op 'e ynfiering fan 'e stjer foar joaden sein hawwe soe dan sels as earste Deen de stjer te dragen en dat de bewenners fan it lân dan gau syn foarbyld folgje soene. Neffens dat ferhaal soene de Dútsers it befel de oare deis wer ynlutsen ha. Ek soe de kening drige ha om ôf te treden as de nazy's de Denen anty-joadske maatregels opkrongen. Al dy ferhalen binne likemin wier om 't de Deenske joaden nea twongen binne in stjer te dragen, de Dútske besetter garandearre it besette Denemark wat ynlânske gelegenheden oanbelanget sûnt de Operaasje Weserübung in grutte autonomy. En doe't de Dútsers de leije yn Denemark oernamen en mei razzia's útein sette woene, wiene de Deenske joaden al oer de Sont nei Sweden flechte.

De rol fan 'e kening yn 'e Peaskekrisis fan 1920 hie in fermindere populêrens fan 'e kening feroarsake, mar de ritsjes fan 'e kening op syn hynder troch Kopenhagen, de Telegramkrisis en de moaie ferhalen dy't Deensk-Amerikaanske rûnten en organisaasjes yn 'e Feriene Steaten ferspraten yn 'e jierren 1941-1943, makken de kening op 'e nij populêr en in nasjonaal symboal fan ferset.

De kening en keninginne op 9 maaie 1945 by de iepening fan it parlemint.

De befrijing fan Denemark waard op 4 maaie 1945 op de BBC bekendmakke. De oare deis joech kening Kristiaan X in radiotaspraak foar syn folk. Op 9 maaie hold de kening in taspraak foar de op 'e nij iepene Rigsdagen.

Op 20 april 1947 ferstoar Kristiaan X op de Amalienborg. Alhoewol't de kening him efter de gearwurking fan Scavenius mei de besetter opsteld hie, wie syn kiste by de rouplechtichheden yn 'e slottsjerke fan 'e Christiansborg fersierd mei in bân fan 'e Deenske fersetsbeweging.

Kristiaan X waard yn 'e Glücksburchske kapel fan 'e domtsjerke fan Roskilde byset en waard opfolge troch syn soan Freark IX.

Stambeam Kristiaan X fan Denemark (1870-1947)
Oerpakes en -beppes

Freark Willem fan Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg (1785-1831)
∞ 1810
Louise Carolina fan Hessen (1789-1867)

Willem fan Hessen-Kassel (1787-1867)
∞ 1810
Louise Charlotte fan Denemark (1789-1864)
Oskar I fan Sweden (1799-1859)

Josephine fan Leuchtenberg (1807-1876)
Freark fan Oranje-Nassau (1797-1881)

Louise fan Prusen (1808-1870)
Pakes en beppes Kristiaan IX fan Denemark (1818-1906)
∞ 1842
Louise fan Hessen-Kassel (1817-1898)
Karel XV fan Sweden (1826-1872)

Louise fan Oranje-Nassau (1828-1871)
Alden

Freark VIII fan Denemark (1843-1912)

Louise fan Sweden (1851-1926)

Kristiaan X fan Denemark (1870-1947)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: dk:Christian 10..