Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Krityk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kritysk)

Krityk, fan it Aldgrykske κριτής, krités ("hy dy't mei ûnderbouwing beoardielt, analysearret, ynterpretearret of waarnimt"), is it foarmjen fan in oardiel oer dieden, wurken, útspraken, teoryen, ensfh. Yn 'e ingere betsjutting fan 'krityk jaan', wurdt dermei bedoeld: it útdrukken jaan oan jins ôfkarring, mar yn it algemien hoecht krityk beslist net negatyf te wêzen. Wa't krityk jout, oft dy no posityf of negatyf is, wurdt in kritikus neamd (froulike foarm: kritika; meartal: kritisy) of ek wol in kritikaster. As men in krityske hâlding hat of oannimt, wol dat sizze dat men skeptysk is en net alles samar leaut. Dat is it tsjinoerstelde fan naïviteit of goederleauskens. Yn in maatskiplike kontekst is it troch protest kenber meitsjen fan krityk op oare persoanen, bedriuwen of de oerheid yn 'e Westerske wrâld in grûnrjocht.

Yn 'e keunst en literatuer meitsje guon lju fan it beoardieljen fan wurken fan oaren har berop troch yn kranten, tydskriften, op it ynternet of fia oare media har oardiel buorkundich te meitsjen, meastal yn skreaune foarm. Sokken wurde ek kritisy neamd, mar ek wol resinsinten, wylst har krityk oantsjut wurdt as in resinsje. Behalven yn it ramt fan keunst en literatuer kin sokke krityk ek op 'e maatskippij as gehiel jûn wurde; men sprekt dan fan maatskippijkrityk. In apart gefal is yn dit ferbân histoaryske krityk, dat eins mear in ûndersyksmetoade is dy't tapast wurde kin op 'e skiednis.

Krityk kin opdield wurde yn twa soarten. Opbouwende krityk, dat ek wol positive of konstruktive krityk neamd wurdt, is it jaan fan in beärgumintearre miening oer it wurk fan oaren, mei as doel om dy oaren te helpen om dat wurk of neikommende wurken better te meitsjen. In sydeffekt fan dizze foarm fan krityk is dat der oer it algemien in posityf fermidden skepen wurdt troch de yn begjinsel positive hâlding fan 'e kritikus. Foar opbouwende krityk oer stiet ôfbrekkende krityk, dat ek wol negative of destruktive krityk neamd wurdt. Dy foarm fan krityk is yn 'e regel min beärgumintearre en komt almeast fuort út 'e negative emoasjes fan 'e kritikus. Troch de negative grûnhâlding wurdt yn sokke gefallen in negatyf fermidden skepen, en dat kin sels in doel op himsels wêze, wêrby't de krityk inkeld in wurktúch is om dat te berikken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.