Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Laurens Otmar ten Cate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Laurens ten Cate)
Laurens Otmar ten Cate
Laurens ten Cate yn 1968
Laurens ten Cate yn 1968
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 30 augustus 1922
berteplak Boalsert
stoarn 7 april 1984
stjerplak De Jouwer
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist, publisist en haadredakteur
aktyf as Haadredakteur/kollumnist Friesche Koerier Ljouwerter Krante.


Laurens Otmar ten Cate meast Laurens ten Cate neamd, (Boalsert, 30 augustus 1922 - De Jouwer, 7 april 1984) wie in Fryske sjoernalist, publisist en haadredakteur fan de Friesche Koerier en de Ljouwerter Krante. Hy wie lid fan de PvdA.

Ten Cate waard berne as soan fan de hûsarts Marius ten Cate en Ernestine Beekhuis.[1] Hy gie nei it Magister Alvinus-gymnasium yn Snits, en studearre Rjochten en Nederlânsk oan de Universiteit Utert. Yn de oarloch moast er ûnderdûke.[2] Hy krige kunde oan Age Scheffer dy't him nei de Befrijing yn 1945 oan in baan holp as learling-sjoernalist by Het Vrije Volk yn Amsterdam. Ten Cate learde it fak fan Gerda Brautigam en Richard Jokel en folge in kursus by Sam de Wolff. Hy wurke op de redaksjes fan Amsterdam, Grins en De Haach, en wist Swart Front-lieder Arnold Meijer op te spoaren.[3]

Ten Cate kaam yn de kunde mei pasifistysk dichter en Friese Koerier-haadredakteur Fedde Schurer dy't him yn 1952 oerhelle adjunkt-haadredakteur by de Friese Koerier te wurden, dêr't doe ek Rink van der Velde wurke. Yn 1963 folge hy Schurer op as haadredakteur. Doe't de Friese Koerier op 1 novimber 1969 opgie yn de Ljouwerter Krante, waard Ten Cate ien fan de trije haadredakteuren fan dit deiblêd. Hy wie teffens in prominint lid fan de PvdA. Ten Cate wie yn 1966 belutsen rekke by Nieuw Links, mar doe't dizze groepearring binnen de PvdA op in kongres op 15 maart 1969 de macht oernimme woe, makke Ten Cate dêr in ein oan yn in wurdewikseling mei André van der Louw.[4] Marcel van Dam reagearde mei: "Ik hou van Holland, omdat sedert God dood is Laurens ten Cate op aarde is verschenen."[5] Sels bleau Ten Cate nofter ûnder alle him foar syn optreden taswaaide lof.[6]
Ein jierren sechtich learde hy Jan Blokker kennen dy't doe yn Fryslân in wykeinhúske hie.[7]

Yn 1972 krige Ten Cate in slim ferkearsûngelok. Hy gie yn july 1973 wer oan it wurk[4], mar moast as gefolch fan it ûngelok yn 1978 syn haadredakteurskip dellizze. Ten Cate bleau noch al kommentator. Hy krige lykwols hieltiten mear problemen mei syn ûnthâld, wat hy besocht te ûnderfangen troch in kaartsysteem, in soarte papieren foarrinder fan hypertekst, dat in grut stik fan syn wurkkeamer yn Amsterdam besloech.[8] Hjirmei skreau hy kommentaren foar de Volkskrant.[7]

Yn de âldens fan 61 jier, Ten Cate wenne wyls op De Jouwer, waard er troch in buorfrou dea yn de baaikeamer fan syn hûs fûn. De deadsoarsaak wie grif in hertstilstân. Hy waard op 11 april 1984 kremearre.[2]

Ten Cate wie 12 jier troud mei Esther Gosschalk (1947-2007) en wie in sweager fan Job Gosschalk.[9] Syn soan Marius ten Cate ferstoar yn 1980 yn de âldens fan 29 jier op De Rottefalle.[10] Syn dochter Ineke ten Cate wie troud mei Rutger Hauer.[11]

  • Ayolt de Groot, Laurens ten Cate : Portret van een socialistisch journalist (2012, Utjouwerij Bert Bakker) ISBN 9789035138315

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. side op StamboomOnderzoek.com
  2. 2,0 2,1 Laurens ten Cate in Joure overleden, Ljouwerter Krante, 9 april 1984, side 1
  3. Laurens ten Cate: een veelzijdig journalist, Ljouwerter Krante, 9 april 1984
  4. 4,0 4,1 Laurens ten Cate: een veelzijdig journalist
  5. Citaartjes, Ljouwerter Krante, 15 maart 1969
  6. Laurens ten Cate, geen redder, geen verzoener, geen magiër Ljouwerter Krante 15 maart 1969
  7. 7,0 7,1 Jan Blokker: Nieuwsgierigheid zit niet in onze natuur, troch Hugo Camps, yn: Elsevier, 6 juli 2010
  8. Jan Blokker: 'De krant is nog lang niet dood', troch Coen Verbraak, yn: Vrij Nederland 6 july 2010
  9. Hartstochtelijke levensgenieter, Elsevier, 28 febrewaris 2007
  10. op 15 jannewaris 1980; sjoch side op StamboomOnderzoek.com
  11. Floris goes to Hollywood, Ljouwerter Krante, 23 jannewaris 2009, side 3