Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Michail Zagoskin

Ut Wikipedy
Michail Zagoskin

Michail Nikolajevitsj Zagoskin (Ramzaj, 5 july 1789Moskou, 5 july 1852 ) wie in Russyske skriuwer fan sosjale komeedzjes en histoaryske romans, dy't de hiele 19e iuw populêr bleaun is mei syn roman Joeri Miloslavski of de Russen yn 1612 (1829).

De roman hannelet oer it manmoedich barren yn 1612 doe't Moskou troch de Poalen beset wie. It is in tige nasjonalistysk boek wêryn de ortodokse tsjerke en âlde tradysjes ferdigene wurde. Literêr en psychologysk is it boek fan leech nivo, histoarysk net betrouber. Dochs is it boek sa skreaun dat it in soad minsken oansprutsen hat, mei fanwegen folkse lieten en sprekwurden dy't der yn foar komme.

De roman hat Zagoskin de bynamme fan 'de Russyske Walter Scott' besoarge.

  • Waegemans, E., 'Russische Letterkunde, oersicht fan de wichtichste skriuwers en streamingen fan Poesjkin oant Soltsjenitsjin'.