Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Minske-offer

Ut Wikipedy
Minskeoffer by de Azteken

In minske-offer is in offerritueel dêr't in minske, of ferskate minsken, by offere wurde.

Offerrituëlen komme yn prinsipe yn alle kultueren fan 'e wrâld foar en by guon natoerreligys spile, of spilet, selsskeining dêrby in rol, bygelyks yn 'e prekristlike godstsjinst fan Fidzjy. De minske-offers, dy't yn it ferline ek by in grut tal folken foarkamen, gongen hjiryn noch in stap fierder.

Dêr't it bringen fan minske-offers foar de hjoeddeiske Westerling walchlik en ûnbegryplik wêze kin, bestie der yn 'e natoerreligys fan 'e folken dy't deroan dienen in slutend systeem fan logika dat minske-offers folslein begryplik en akseptabel makke; minsken waarden offere út in beskate tinkwize, net samar of út poere wreedheid.

De Azteken fan sintraal Meksiko, dy't om 'e praktyk bekendstienen, leauden dat se libben yn 'e fyfde wrâld. De fjouwer foargeande wrâlden wienen elts einige yn in apokalyptyske ferneatiging troch it ferstjerren fan 'e sinne, nei't de goaden harren kosmyske striid tsjin 'e demoanen ferlern hienen. Neffens de myte offeren alle goaden útsein de leffe Xolotl, de god fan 'e meunsters en alles dat dûbeld is, lykas twillingen, oan it begjin fan 'e fyfde wrâld harren bloed om in nije sinne te meitsjen. De Azteekske offerrituëlen, útfierd boppe-op 'e piramidefoarmige Grutte Timpel yn it sintrum fan Tenochtitlán, it hjoeddeiske Meksiko-Stêd, wienen dêrom bedoeld as fuortsterkjend iten foar de goaden, sadat it opgean fan 'e sinne feilichsteld wurde soe.

Under de ferskillende offers hienen minske-offers it measte oansjen en de preferearre metoade derfoar wie it útskuorren fan it noch klopjende hert. Om sa offere te wurden, waard sjoen as in ear dy't talitting ta de himel wis makke. Dêrom lieten guon lju harren frijwillich offerje; de measte offere minsken wienen lykwols kriichsfinzen fijannen, wylst oan 'e reingod Tláloc benammen bern offere waarden. Nei it útfieren fan it offerritueel waard de holle fan 'e offere persoan ôfhoud en op in dêrfoar bestimd bordes fan 'e timpel lein. It lichem waard fan it offerplatfoarm treaun en yn in ritueel kannibalistysk miel, dêr't ek it gewoane folk oan dielnaam, opiten. De reden wêrom't fral de Azteken mei minske-offers assosjearre wurde, wylst dy ek troch in protte oare folken brocht waarden, leit poer yn 'e ferbjusterjende skaal dêr't de Azteken se op útfierden. Sa waarden by de ynwijing fan 'e Grutte Timpel, yn 1487, troch de Azteekske keizer Ahuizotl 20.000 kriichsfinzenen offere.

De klassike Maya's, fan Belize, Gûatemala en súdlik Meksiko, brochten ek minske-offers, mar fierden se nei alle gedachten ornaris mar op lytse skaal út. Mear waard dien oan ierlitten út 'e earen, tonge en penis, út wûnen dy't tabrocht waarden mei de stikel fan in roch.

By de postklassike Maya's kamen minske-offers, faaks ûnder Azteekske ynfloed, folle mear foar. De meast brûkte metoade derfoar wie wierskynlik ûntholling, mar útskuorren fan it hert, trochboarjen fan it lichem en strûpen waard ek dien. En yn Chichén Itzá waarden de slachtoffers yn in djippe cenote, in natoerlike kalkstiennen rotspoel, smiten om foar rein te soargjen. Guon goaden hienen boppedat beskate foarkarren; sa hold de reingod Chac fan berne-offers. It eale bloed, by de offers sekuer opfongen, waard op it hichtepunt fan 'e earetsjinst by it ritueel fan 'e p'a chi (letterlik "de mûle iependwaan") om 'e mûle fan it goadebyld wreaun. De minske-offers en fral ek it ierlitten wie bedoeld om 'e minsken te ferbinen mei de rest fan 'e Maya-kosmos, benammen mei de njoggen lagen fan Xibalba, de ûnderwrâld.

Undersyk fan in mummy fan in minskeoffer

By de Inka's fan Súd-Amearika kamen minske-offers ek foar. It leafst waarden bern fan tsien jier offere, dy't útkeazen waarden om har lichaamlike en morele folsleinens. It waard foar harren sjoen as in bysûnder grutte ear om streekrjocht nei de goaden stjoerd te wurden, want dat wie in privileezje dat ornaris foarbeholden wie oan eallju. It offerjen fan folwoeksenen kaam by de Inka's lykwols net in protte foar. As it al barde, gong it meastal om 'e sûnste en krêftichste kriichsfinzenen. By spesjale gelegenheden wienen minske-offers bedoeld as kommunikaasjemiddel. Der waard dan meastal in faam op 'e top fan in hillige berch offere, of, sa't de Inka's leauden, nei de stjerren stjoerd mei in boadskip foar de goaden, lykas in smeekbea om rein te stjoeren nei in lange tiid fan drûchte.

  • M. Broere, Uganda, Amsterdam/De Haach, 1994.
  • T. Brosnahan en N. Keller, Guatamala, Belize & Yucatán - La Ruta Maya, Hawthorn, 1997.
  • Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • C. Fuentes, De Spaanse erfenis - Vijf eeuwen Spaanse invloeden in Latijns Amerika, Houten, 1992.
  • Grote Winkler-Prins encyclopedie, Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • R. Jones en L. Pinheiro, Fiji, Hawthorn, 1997.
  • J. Noble en oaren, Mexico, Hawthorn, 1998.
  • R. Rachowiecki
    • Ecuador & the Galápagos Islands, Hawthorn, 1997.
    • Peru, Hawthorn, 2000.
  • P. Turner en oaren, Indonesia, Hawthorn, 1997.
  • Th. Vaessen, Colombia, Amsterdam/Den Haach, 1991.
  • T. Wheeler en J.B. Carillet, Tahiti & French Polynesia, Hawthorn, 1997.
  • M. Wood, Op Zoek naar de Bronnen van Onze Beschaving, Utert, 1993.