Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Platemaatskippij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Muzykprodusint)

In platemaatskippij, ek wol in platelabel neamd, is in bedriuw dat muzyk produsearret dy't fêstlein is op lûdsdragers. Sokke lûdsdragers, wêrby't it gean kin om grammofoanplaten, kassettebantsjes, cd's en dvd's, wurde troch it bedriuw ferhannele. Platemaatskippijen hâlde harren dêrom net inkeld dwaande mei de kreätive kant fan it meitsjen fan 'platen' (sa't alle lûdsdragers foar it gemak faak oantsjut wurde), mar ek mei de distribúsje en marketing fan 'e einprodukten. (Dêrby moat oantekene wurde dat de fysike distribúsje faak útbestege wurdt oan spesjalisearre muzykdistributeurs.) Immen dy't in liedingjaande funksje by in platemaatskippij beklaait, wurdt in plateprodusint of muzykprodusint neamd. De oerienkomst tusken in platemaatskippij en in artyst om syn of har muzyk te produsearjen hjit in platekontrakt.

It synonym 'platelabel' ferwiist yn letterlike sin histoarysk nei it etiket yn 'e midden fan in grammofoanplaat. Njonken de namme fan 'e útfierende muzikant en de titels fan 'e plaat en de lieten op 'e plaat stiet dêrop nammentlik ek de namme fan 'e platemaatskippij mei syn logo fermelden. Dêrtroch is men meitiid de term 'platelabel' begûn te brûken as men eins 'platemaatskippij' bedoelt. Tsjintwurdich wurdt muzyk behalven op lûdsdragers ek beskikber makke foar de ferkeap as digitale download. In bedriuw dat muzyk allinnich mar op dy wize oanbiedt, wurdt in netlabel neamd.

Om 'e merknamme sterk te meitsjen, is in platelabel faak oan mar ien muzyksjenre ferbûn, lykas popmuzyk, country & western of klassike muzyk. In platemaatskippij kin lykwols mear as ien platelabel fiere om ferskate sjenres, merken en doelgroepen te berikken. Dat is ferlykber mei hoe't útjouwerijen faak ferskate ymprints hawwe om boeken ûnder te publisearjen. Yn 'e praktyk binne ferskate platelabels faak yn ien hân kommen troch oernames en fúzjes.

De grutste platemaatskippijen fan 'e wrâld binne sûnt 2012 de Universal Music Group, Sony Music Entertainment en de Warner Music Group, dy't ek wol de 'Grutte Trije' neamd wurde. Se hawwe harren status as grutsten berikt troch oanhâldend oare platemaatskippijen oer te nimmen. Fan 1988 oant 1999 wiene der seis grutte platemaatskippijen, dy't doe oantsjut waarden as de 'Grutte Seis': de Warner Music Group, EMI (Electric and Music Industries), Sony Music Entertainment (oant jannewaris 1991 bekend as CBS Records), BMG (Bertelsmann Music Group), de Universal Music Group (oant 1996 bekend as MCA Music) en PolyGram. In platemaatskippij dy't gjin bannen ûnderhâldt mei ien fan 'e Grutte Trije wurdt in ûnôfhinklik platelabel neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.