Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Oarlochsferkrêfting

Ut Wikipedy
In slachtoffer fan oarlochsferkêfting yn it Sineeske Xuzhou, ûnder it troch de Japanske besetters yn 1937 oanrjochte Bloedbad fan Nanking.

Oarlochsferkrêfting is in foarm fan ferkrêfting dêr't militêren, leden fan oare stridende partijen of gewoane boargers har skuldich oan meitsje ûnder in oarloch, in wapene konflikt of in militêre besetting. It omfettet ek sitewaasjes wêrby't froulju en/of famkes troch in besettende macht twongen wurde ta prostitúsje of yn in posysje fan seksuële slavernij bedarje. Oarlochsferkrêfting moat net betize wurde mei ferkrêfting yn it leger, wêrby't dieders en slachtoffers ta deselde kant hearre en dat boppedat ek yn fredestiid foarkomt.

Yn oarloggen en oare wapene konflikten wurdt ferkrêfting gauris brûkt as in foarm fan psychologyske oarlochsfiering, om 'e fijân te fernederjen en te demoralisearjen. Oarlochsferkrêfting wurdt faak stelselmjittich en op grutte skaal dien, en it komt foar dat militêre oanfierders harren ûnderhearrigen feitliken oanfiterje om leden fan 'e boargerbefolking te ferkrêftsjen. Oarlochsferkrêfting komt foar yn in breed skala oan sitewaasjes, wêrûnder ynstitúsjonalisearre seksuële slavernij (lykas de saneamde "treastfamkes" ûnder de Japanske besetting fan East- en Súdeast-Aazje yn 'e Twadde Wrâldoarloch oerkaam), en ferkrêftings dy't ferbân hâlde mei beskate fjildslaggen of slachtings ûnder de boargerbefolking (lykas by de Fal fan Srebrenica, yn 'e Bosnyske Oarloch). It kinne ek yndividuële en/of isolearre dieden fan seksueel geweld wêze. Oarlochsferkrêftings binne faak groepsferkrêftings en wurde ek gauris útfierd mei objekten ynstee fan mei it geslachtsorgaan.

As oarlochsferkrêfting diel útmakket fan in rûnom foarkommende en stelselmjittige praktyk, kin it ûnder de tekst fan 'e Sjenêfske Konvinsjes oanmurken wurde foar oarlochsmisdieden en/of misdieden tsjin de minsklikheid. Oarlochsferkrêfting wurdt sûnt de útspraken dy't it Ynternasjonaal Straftribunaal foar Rwanda yn 1998 dien hat, ek erkend as in ûnderdiel fan genoside, wannear't it dien wurdt mei de bedoeling om 'e maatskiplike gearhing fan in beskate groep te ferneatigjen of seksueel oerdraachbere sykten te fersprieden en dêrmei de útrûging fan dy groep makliker te meitsjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading en References, op dizze side.