Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Oberndorf am Neckar

Ut Wikipedy
Oberndorf am Neckar
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Baden-Wuertemberch
lânkring Rottweil
Stedsyndieling 7 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 14.662 (2022)
Oerflak 55,92 km²
Befolkingsticht. 262 ynw./km²
Hichte 506 m
Oar
Postkoade 78727
Koördinaten 48° 17' N 8° 34' E
Offisjele webside
oberndorf.de
Kaart
Oberndorf am Neckar (Baden-Wuertemberch)
Oberndorf am Neckar

Oberndorf am Neckar is in stêd en gemeente yn 'e lânkring Rottweil yn 'e Dútske dielsteat Baden-Württemberg. De stêd leit oan 'e rivier de Neckar.

It plak waard foar it earst yn 782 neamd yn in skinkingsoarkonde fan de Abdij fan Sankt Gallen.

De gemeente is te ferdielen ûnder de Stadtteile Aistaig, Altoberndorf, Beffendorf, Bochingen, Boll, Hochmössingen en Oberndorf am Neckar.

Hochmössingen
  • Altoberndorf
  • Aistaig
  • Boll
  • Bochingen
  • Beffendorf
  • Hochmössingen
  • Oberndorf am Neckar (kearnstêd)

Wapens Stadtteile

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e stêd binne trije wapenfabrikanten fêstige mei in lange skiednis. Yn 1811 festige kening Frederik I fan Württemberg de earste wapenfabryk yn it doetiidske Augustiner kleaster oan 'e rivier. Yn 1871, begûnnen twa wurknimmers, de bruorren Wilhelm en Paul Mauser, foar harsels. Tsjintwurdich hat Rheinmetall der in pear fabriken, dêr't Mauser yn 2004 yn opgien is, mei ûngefear 300 wurknimmers. Heckler & Koch (H&K) hat syn fabriken dêr ek. H&K is in wrâldferneamde hânfjoerwapenfabryk en -eksporteur. Mei in jieromset fan sa'n 200 miljoen euro en sa'n 700 wurknimmers is H&K de wichtichste wapenprodusint fan Dútslân en de grutste wurkjouwer fan 'e stêd. Dan is der noch Feinwerkbau, in lytsere spesjalist yn sportwapens.

Betinkingsmonumint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Buch der Erinnerungen (2007) is in monumint fan 'e byldhouwer Jürgen Knubben út de stêd Rottweil, dat de 308 twangarbeiders (wêrûnder ek in stikmannich Nederlanners) betinkt, dy't by de Arbeitseinsatz yn it wapenfabryk fan Mauser yn 'e nazytiid stoarn binne yn it konsintraasjekamp Arbeitserziehungslager Oberndorf-Aistaig. It Mahnmal waard op 27 jannewaris 2007 (Holocaust Gedenktag) ûntbleate yn Oberndorf am Neckar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederlânsktalige Wikipedy, Oberndorf am Neckar