Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Plak delikt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Plakken delikt)
De ôfsetting fan in plak delikt.

In plak delikt (p.d. of PD) is yn it jargon fan 'e plysje de oantsjutting foar 'it plak fan it delikt', oftewol it plak dêr't him in misdriuw foardien hat. Dêrnjonken wurde ek oare plakken dêr't spoaren fan in misdriuw oanwêzich binne (of wêze kinne), wol oantsjut as in plak delikt. Dêrby kin men tinke oan it plak dêr't oerfallers harren flechtauto efterlitten hawwe of oan it plak dêr't in slûpskutter wei sketten hat.

In plak delikt wurdt ornaris sa fluch mooglik nei't it misdriuw bard is, ôfset. Dit om foar te kommen dat spoaren útwiske wurde. Soks soe mei opsetsin dien wurde kinne troch de dieders fan in misdriuw dy't beseffe dat se spoaren efterlitten hawwe en weromkomme om derfoar te soargjen dat de plysje dy net fine sil, mar yn 'e regel binne willekeurige foarbygongers en oare omstanners dy't sûnder euvelmoed dwers troch in plak delikt hinne kuierje, in folle grutter gefaar.

Om it plak delikt te beskermjen wurdt it sadwaande ôfset mei plysjelinten, dêr't it omsteand laach bûten bliuwe moat. Yn guon gefallen wurdt fierders in (meastel wite) tinte opset as men foarkomme wol dat it plak delikt besjoen, fotografearre of filme wurdt troch sjoernalisten, ferslachjouwers en oare belangstellenden, of gewoan om it te beskermjen tsjin waarsomstannichheden lykas rein, hagel of hurde wyn. De earste plysjes dy't op in plak delikt arrivearje, hearre dat plak te bewekjen om it risiko op fersmoarging of sels ferneatiging fan it (mooglik) oanwêzige spoaremateriaal safolle mooglik te beheinen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.