Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Poer (boukunde)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Poer (beton))
In mitsele poer

In poer is in betonnen blok, bedoeld om de krêften út in bouwurk oer te dragen op de ûndergrûn (fundearring op stiel) of op de pealfundearring.

In poer is ek in mitsele ûndersteuning of tusken steunpunt foar in ûnder balkelaach. De poer is faak ien stien yn it fjouwerkant en rêst nei in tal fersnijingen op de fêste grûnslach. Oare wurden foar poer binne: por, porring of byntklip.

By in bouwurk wêr't kolommen tapast binne feroarsaakje dizze kolommen hege puntbelestingen op de ûndergrûn. Om dizze krêften op de fundearring oerbringe te kinnen wurde poeren tapast. By in fundearring op stiel sil de poer direkt op de ûndergrûn oanlein wurde. By in fundearring op peallen sil de poer mei de boppekant fan de fundearringspeallen ferbûn wurde, wêrnei't op de poer in kolom setten wurde kin.

Neigeraden de hoeveelheid fundearringspeallen ûnder de poer wurdt dizze: 1-peals, 2-peals, 3-peals of sels soad-pealspoer neamd. By hege bouwurken binne de krêften dy't troch de poer oerbrocht wurde moatte sà grut, dat de poer needsaaklikerwize ekstreme ôfmjittings oannimt. In dikte fan soksoarte poeren fan 3.00 m is dan gjin útsûndering.

Wannear't peallen yn line setten wurde sille de mominten, draaiende om dizze line, minder opnommen wurde kinne. By pleatsing fan peallen yn in ruster, sil de poer yn alle rjochtingen, kwa momintopname, stiver reageare as yn line pleatste peallen.