Redakteur
Appearance
(Trochferwiisd fan Redaksje)
In redakteur of redaktrise is immen dy't ferantwurdlik is foar de bewurking (redaksje) fan 'e ynhâld fan in publikaasje, lykas in krante, tillefyzjeprogramma, tydskrift of webside. In redakteur kin fungearje as in auteur, as in adviseur (bgl. by wittenskiplike tydskriften), of as in parseklearmakker.
Der besteane ferskate foarmen fan redakteurs:
- In byldredakteur hâldt him inkeld mei fotografysk materiaal en oare ôfbylden dwaande en mei de opmaak fan siden ynsafier't dat mei ôfbylden te krijen hat.
- In boekeredakteur is yn 'e Nederlânske útjouwersbrâns in funksjonaris dy't it boekefûns fan in útjouwerij of in diel dêrfan gearstalt, en ferantwurdlik is foar de produksje, mar sels yn 'e regel net redigearret. Yn 'e Angelsaksyske wrâld is sa'n persoan (book editor) krekt wól ynhâldlik mei de út te jane teksten dwaande.
- In einredakteur is immen dy't de folsleine koördinaasje yn 'e hannen hat oer it gear te stallen produkt (lykas in krante of tydskrift), de produksjestream bewekket en de deadlines yn it each hâldt.
- In haadredakteur is ien fan oer it algemien ferskillende funksjonarissen dy't de úteinlike lieding hawwe oer in krante of tydskrift en mei-inoar de haadredaksje foarmje, krekt sa't alle redakteurs mei-inoar de redaksje foarmje.