Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Rottweil (Landkreis)

Ut Wikipedy
Lânkring Rottweil
wapen
Statistyk
Ynwennertal 142.593 (2022)
Oerflak 769,43 km²
Befolkingsticht. 185 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirk Stuttgart
Oar
Adres bestjoer Königstraße 36
78628 Rottweil
Koördinaten 48° 9' N 8° 37' E
Oprjochting 1934
Yndieling 21 gemeenten
Kenteken RW
NUTS-koade DE135
Kreiskaai 08 3 25
Webside landkreis-rottweil.de

De Lânkring Rottweil is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1934 oprjochte.

Stêden en gemeenten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling.
Stêden
  1. Dornhan
  2. Oberndorf am Neckar
  3. Rottweil
  1. Schiltach
  2. Schramberg
  3. Sulz am Neckar
Gemeenten
  1. Aichhalden
  2. Bösingen
  3. Deißlingen
  4. Dietingen
  5. Dunningen
  6. Epfendorf
  7. Eschbronn
  8. Fluorn-Winzeln
  1. Hardt
  2. Lauterbach
  3. Schenkenzell
  4. Villingendorf
  5. Vöhringen
  6. Wellendingen
  7. Zimmern ob Rottweil

Rottweil en Schramberg binne Große Kreisstädte.

Gearwurkingsferbannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

  • Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
  • Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

In Gemeindeverwaltungsverband is:

  • GVV Villingendorf mei de sit yn Villingendorf; oansletten gemeenten: Bösingen en Villingendorf.

Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne:

  • VVG fan 'e gemeente Dunningen mei de gemeente Eschbronn.
  • VVG fan 'e stêd Oberndorf am Neckar mei de gemeenten Epfendorf en Fluorn-Winzeln.
  • VVG fan 'e stêd Rottweil mei de gemeenten Deißlingen, Dietingen, Wellendingen en Zimmern ob Rottweil.
  • VVG fan 'e stêd Schiltach mei de gemeente Schenkenzell.
  • VVG fan 'e stêd Schramberg mei de gemeenten Aichhalden, Hardt en Lauterbach.
  • VVG fan 'e stêd Sulz am Neckar mei de gemeente Vöhringen.

In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Rottweil, ferzje 28 maaie 2024.


Baden-Wuertemberch Flagge fan Baden-Wuertemberch
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise

Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte

Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm

· · Berjocht bewurkje