Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Sjongen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sang)
De Amerikaanske sjongster Billie Holiday by in optreden yn New York yn 1947.

Sjongen, sang of de sjongkeunst is it produsearjen fan muzikale lûden mei de stim, wêrby't de gewoane spraak oanpast of ferbettere wurdt troch it oanhâldende tapassen fan ferskillende toanhichten, ritmes en in ferskaat oan fokale techniken. Immen dy't sjongt is in sjonger of fokalist, of, as it om in frou giet, in sjongster of fokaliste. Sokke sjong(st)ers bringe ôfrûne muzykstikken fuort, dy't lieten hjitte. Lieten kinne mei of sûnder begelieding fan muzykynstruminten songen wurde. As der gjin begelieding is, wurde se a kapella songen. It is ek mooglik dat in haadsjonger of lead-sjonger begelaat wurdt troch ien of mear eftergrûnsjongers, dy't syn eigen sjongkeunst oanfolje. Sjongers dy't yn groepsferbân aktyf binne, neamt men in koar; sjongers dy't allinnich optrede, binne soloïsten.

Sjongen kin formeel of ynformeel dien wurde, yn arranzjearre of ymprovisearre foarm. It kin dien wurde as in foarm fan religieuze ferearing, as berop, as leafhawwerij, om't men der aardichheid oan hat of treast yn fynt, of as ûnderdiel fan in muzikale oplieding. Der besteane ferskate foarmen fan sjongkeunst, dy't fierhinne gearfalle mei de ûnderskate sjenres fan 'e muzyk, lykas klassike muzyk (ynkl. opera), koraalmuzyk, popmuzyk, rock, jazz, blues, soul, R&B, country, hiphop, ensfh. As men in goede sjong(st)er wurde wol, is it nedich dat men der tiid en tawijing yn stekt troch eltse dei te oefenjen en in goede oplieding te folgjen. Ek stimtrening dy't fersoarge wurdt troch stimcoaches kin fertuten dwaan.

Eltse minsklike sjongstim hat in beskaat berik: de ôfstân tusken de heechste en de leechste noaten dy't men sjonge kin. Manlju hawwe yn 'e regel in legere stim mei in beheinder berik en froulju in hegere stim mei in grutter berik. Dêryn spilet mei dat froulju ek de kopstim faak goed behearskje, wylst de measte manlju de behearsking dêroer yn 'e puberteit ferlieze (as se 'it burd yn de kiel' krije). Sjongstimmen wurde op it mêd fan toanhichte yn in stikmannich kategoryen yndield. Fan heech nei leech binne dat:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.