Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Strabo

Ut Wikipedy
Strabo
André Thevet (1516-1592)
Jeropa neffens Strabo.

Strabo (Aldgryksk: Στράβων, Strabon) (Amasya (Turkije), 64 of 63 f.Kr. - 24 n.Kr.) wie in Gryksk histoarikus, geograaf en filosoof.

Hy skreau in mânske universele skiednis, dy't útein set dêr't in foargonger fan him Polybius ophâlde. Dat wurk is lykwols ferlern gongen; wat wol beware bleaun is, is syn Geografika, in rike en - betreklik - betroubere boarne fan kennis oer in protte Jeropeeske, Aziatyske en Afrikaanske folken út syn tiid, dêr't hy de meast nijsgjirrige feiten fan fermeld, mei sydlingse opmerkings oer skiednis, wiskunde en genêskunde. Ek al hied er de lannen dy't er bekreau sels net besocht, hy wie wol op de hichte fan goed en betrouber boarnemateriaal.

Strabo skriuwt yn in noflik koinè-Gryksk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]