Svetlana Allilûjeva
Svetlana Iosifovna Allilûjeva (Russysk: Светла́на Ио́сифовна Аллилу́ева, Georgysk: სვეტლანა ალილუევა), soms ek wol Stalina of Lana Peters neamd (Moskou, 28 febrewaris 1926 - Richland Center, Wisconsin, 22 novimber 2011), wie it jongste bern en de ienige dochter fan Jozef Stalin. Hja wie skriuwster en krige op lettere jierren de Amerikaanske nasjonaliteit. Har ferhuzing nei de Feriene Steaten yn 1967 soarge foar in soad ynternasjonale argewaasje.[1][2]
Yn 1982 ferhuze se mei har dochter nei Cambridge yn Ingelân. Yn 1984 gie se werom nei de Sovjet-Uny, dêr't se elk in ferbliuwsfergunning krigen en harren nei wenjen setten yn Tbilisi. Yn 1986 gie Allilûjeva werom nei de Feriene Steaten. Healwei de jierren 90 ferhuze se wer nei Ingelân, nei de stêd Bristol.
Op 22 novimber 2011 ferstoar se yn de âldens fan 85 jier oan termkanker.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Twenty Letters To A Friend - (Autobiografy) It earst publisearre yn 1967 troch Hutchinson (Londen) en oerset fan it Russysk nei it Ingelsk troch Priscilla Johnson.
- Oerset troch Paul Chavchavadze, Only One Year, Harper & Row (1969), hurdkaft, 444 siden, ISBN 0-06-010102-4
- Faraway Music (1984, India, 1992, Moskou)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Russysk autobiograaf
- Amerikaansk autobiograaf
- Ingelsk autobiograaf
- Russysk persoan fan Georgysk komôf
- Russysk persoan fan Dútsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Russysk komôf
- Amerikaansk persoan fan Georgysk komôf
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Ingelsk persoan fan Russysk komôf
- Ingelsk persoan fan Georgysk komôf
- Ingelsk persoan fan Dútsk komôf
- Persoan berne yn 1926
- Persoan stoarn yn 2011