Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Taal

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Talen)

In taal is in gehiel fan spraak en/of symboalen dêr't ideeën yn werjûn wurde kinne.

Sprutsen talen binne opboud út klanken (spraak), in gehiel fan gearstallingsregels (grammatika), en in wurdskat. Almeast is der ek in systeem fan symboalen (alfabet) dêr't men de taal mei fêstlizze kin.

Natuerlike talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De natuerlike talen binne de talen sa't dy yn de rin fan de skiednis troch de grutte ôfstannen tusken de ferskate groepen minken ûntstean binne. Dizze talen wurde yndield yn taalfamyljes dy't oanjouwe hokfoar talen út ien en deselde taal fuortkommen binne. Of alle talen sa besibbe binne en op dy wize meiïnoar ien grutte famylje foarmje is noch in iepen fraach. It is net bekend hoefolle natuerlike talen oft der binne, mar de rûzings lizze tisken de 10.000 en 100.000.

Yn 'e rin fan de tiid binne der ek talen makke. De ferneamste is faaks Esperanto, makke troch Dokter Zamenhof, mar der binne noch ferskate oare talen dy't mei itselde doel ûntwurpen binne: ien taal te meitsjen dy't troch eltsenien op de wrâld te begripen is. Fierders binne der ek keunsttalen yn fiksje, lykas de elvetalen fan Tolkien, of it Klingon út de telefyzjesearje Star Trek.

Net-sprutsen talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de sprutsen talen binne der talen dy't net sprutsen wurde. Men kin in ûnderskied meitsje nei de oerienkomst mei sprutsen talen, al is het net dúdlik hoenear eat krekt noch in taal is, en hoenear net.

Gebeartetalen wurde meast brûkt troch minsken dy't net prate kinne. In part fan dizze talen is in útbylding fan in sprutsen taal, mar de measte hawwe in wurdskat dy dúdlik ôfwykt. Oare, beheinde gebeartetalen wurde brûkt foar omstannichheden dêr't net yn sprutsen wurde kin, lykas ûnder wetter.

Masinetalen wurde brûkt om masines te bestjoeren. Guon masinetalen, fral kompjûtertalen, brûke in soad wurden út natuerlike talen, mar de talen binne tige beheind wat it gebiet wat se omskriuwe kinne oangiet.

Taal-kodearings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Talen as Morse en Braille binne gjin talen op harsels. Se hawwe gjin eigen wurdskat, mar binne inkeld alternative symboalen dêr't in taal oars as oars yn trochjûn wurde kin.

Twataligens en dûbeltaligens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ramt fan minderheidstalen komme de begripen twatalich- en dûbeltalichheid gauris op it aljemint.

België is in dûbeltalich lân. Se binne dêr wend om mei-inoar of Frânsk of Nederlânsk te praten. Om't it Frânsk foar master opslacht, moat de Flaming gauris oerskeakelje fan it Nederlânsk nei it Frânsk.

Yn Fryslân wurdt it twatalige systeem brûkt. Sitte men oan 'e stamtafel dan kin it wêze dat de iene it Frysk en de oare it Nederlânsk foar kar nimt. Dêrby begripe de minsken elkoar omdat se de oare taal ferstean kinne. Foar it twatalige systeem is it in eask en ferstean de taal fan in oar. In bytsje de oare taal lêze heart dêr ek by. In foardiel fan it systeem is dat elts de eigen taal en taaleigen brûke kin.

Om't it liket as easket de taal fan in komboerd it plak op foar in taalmienskip, is der yn meartalige gebieten altyd in soad oer de kombuorden te dwaan. In komboerd kin op him sels fansels net twatalich wêze, dat it moat dûbeltalich wêze, of it moat ientalich wêze. Faak is it net genôch dat in komboerd dûbeltalich is, om't der dan spul is oer de taal dy't earst komt.

In soad kombuorden yn Fryslân binne dûbeltalich. Nei de twadde wrâldkriich kaam by de Friezen it ferlet om njonken de 'Nederlânsktalige plaknamme' ek de Frysktalige plaknamme op it komboerd te setten. Utsein yn 'e gemeenten Lemsterlân en Ljouwerteradiel hat soks syn beslach krige. Yn 'e santiger jierren fan de 20e iuw hat him soks yn in pear gemeenten trochset nei allinnich de Fryske plaknamme op it komboerd. Om't Nederlân gjin mûglikheid hat om plaknammen yn mear as ien taal fêst te stellen, koe dat allinne troch yn 'e Gemeentlike Basisadministraasje de 'Nederlânsktalige' namme te skrassen en de Fryske dêrfoar yn it plak te setten.