Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Wyk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wenwyk)
Strjitbyld yn in wyk fan Helena (Montana).
Dizze side giet oer in wenwyk. Foar oare betsjuttings, sjoch: wyk (betsjuttingsside).

In wyk of wenwyk is in diel fan in stêd dat (oars as bgl. in yndustry-, winkel- of havengebiet) yn it foarste plak yn gebrûk is om te wenjen, en sadwaande benammen bestiet út wenten. Dêrby kin it gean om heechbou of leechbou of om in mjuks fan beide. In wyk dêr't benammen earmere lju wenje, neamt men wol in arbeiderswyk of ek wol in folkswyk. In wyk dêr't fral rikere lju (yn filla's) wenje, is in fillawyk. In wyk oan 'e râne fan in stêd hjit in bûtenwyk.

In wyk dêr't har benammen ymmigranten of allochtoanen nei wenjen set hawwe, wurdt ek wol in migrantewyk neamd. In bekend foarbyld dêrfan is bygelyks de Chinatown mei in Sineeske migrantemienskip dy't yn ferskate Amerikaanske en Kanadeeske stêden foarkomt. De namme Yndyske buert wurdt yn Nederlân lykwols benammen brûkt foar wiken wêrfan't de strjitnammen ûntliend binne oan it eardere Nederlânsk-Ynje.

Aldere stedswiken binne faak op 'organyske' wize groeid, sûnder dat dêr tafersjoch op útoefene waard. Ek kin it wêze dat sokke âldere wiken oarspronklik selsstannige plakken wiene, dy't opslokt binne troch in grutter en úttynjend buorplak. Fan it begjin fan 'e tweintichste iuw ôf waarden nije wiken lykwols yn 'e regel yntegraal ûntwurpen troch in stêdeboukundige. Dêrby waard mear begroeiïng en romte ynpast as yn âldere wiken, en dêrfandinne wurde sokke 'griene' wiken ek wol túndoarpen neamd. Faak kin in wyk wer ûnderferdield wurde yn ferskate buerten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.