4 Barûch
4 Barûch is in joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, dy't troch de grutte mearderheid fan it hjoeddeiske joadendom en kristendom as apokryf beskôge wurdt. It is in pseudepigrafyske tekst ûnder de namme fan Baruch ben Neriah is, dy't yn it Alde Testamint omskreaun wurdt as de learling en klerk fan 'e profeet Jeremia. Ferskate fan 'e Gryksktalige manuskripten fan dit boek hawwe as titel Paralipomena fan Jeremia, wat betsjut "Dingen dy't Weilitten Binne út (it boek) Jeremia". Yn 'e Etiopysk-otterdokse bibel draacht it de namme De Rest fan de Wurden fan Barûch. It geskrift wurdt ornaris datearre yn 'e earste helte fan 'e twadde iuw.
4 Barûch | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 2e iuw n.Kr. |
Oerlevering
bewurkje seksje4 Barûch is yn in stikmannich manuskripten oerlevere yn twa foarmen: in langerenien en in koarteren. De langere ferzje is oerlevere yn it Gryksk (út 'e tsiende, alfde en fyftjinde iuw), it Ge'ez, de deade tsjerketaal fan Etioopje (út 'e fyftjinde iuw), en fierders yn it Armeensk en it Aldtsjerkeslavysk. De koartere foarm is oerlevere yn it Gryksk, it Roemeensk en it Aldtsjerkeslavysk.
Kanonykheid
bewurkje seksjeYn it kristendom wurdt 4 Barûch ta de kanon rekkene fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en fan 'e ôfspjaltings dêrfan, lykas de Eritreesk-Otterdokse Tsjerke en de Etiopysk-Katolike Tsjerke. Mei de Kleilieten, it Brief fan Jeremia en 1 Barûch makket it dêr ûnderdiel út fan it bibelboek Jeremia. Binnen it joadendom wurdt it inkeld as part fan 'e kanon sjoen troch de Falasja's, de Joadske minderheid fan Etioopje, dy't tsjintwurdich suver folslein yn Israel libbet.
Ynhâld
bewurkje seksjeYn 4 Barûch docht God de profeet Jeremia te witten dat Jeruzalim ferwoastge wurde sil fanwegen de ûntrou en ferkeardens fan 'e Joaden. Jeremia fertelt Barûch dêroer en tegearre sjogge se dy nachts ta hoe't ingels de poarten fan 'e stêd iependogge om 'e fijân deryn te litten. Wylst de Babyloanjers fan Nebûkadnêzer II de stêd ynnimme, bedobbet Jeremia, dêrta befelle troch God, de amtskladen fan 'e hegepreester, om dy út 'e hannen fan 'e fijân te hâlden. Dêrnei giet er mei de rest fan 'e Joaden yn ballingskip yn Babyloanje, wylst Barûch yn Jeruzalim efterbliuwt. Abimêlech (deselde as de Etiopyske paleiseunuch Ebed-Mêlek, út Jeremia 38:7-13) falt ûnderwilens yn 'e sliep en bliuwt 66 jier lang yn 'e sûs, oant er op 't lêst wekker wurdt njonken in kuorke mei 66 jier âlde figen, dy't troch yngripen fan God farsk bleaun binne. Nei't Abimêlech him by Barûch jûn hat, sykje dy beiden in manear om te kommunisearjen mei Jeremia, dy't noch altiten yn Babyloanje ferkeart. Barûch bidt oan God en dy stjoert in earn dy't harren brief en guon fan 'e figen oerbringt oan Jeremia. De profeet giet op dat stuit krekt foar by in begraffenis, mar as de earn delstrykt op 'e deade, komt dy wer ta libben. Dêrop kundiget de earn, dy't in stim jûn is, de ein fan 'e ballingskip ôf. De Joaden keare dan werom nei Jeruzalim, mar inkeld dyjingen fan har dy't net mei útlânske froulju troud binne, wurdt tastien de Jordaan oer te stekken. Neffens 4 Barûch binne de Samaritanen de neiteam fan Joadske manlju dy't it mei útlânske froulju holden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |