Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

It Roemeensk (română) is in Romaanske taal dy't sprutsen wurdt yn Roemeenje, Moldaavje en Wojvodina. It Roemeensk is de wichtichste fertsjintwurdiger fan it Balkanromaansk, dat fierders bestiet út de talen fan ferskate groepen Wlachen op de Balkan (dy't meastentiids ek wol as dialekten fan it Roemeensk beskôgen wurde. De taal is û.o. besibbe oan it Italjaansk, Spaansk, Katalaansk, Frânsk en Portugeesk. Tusken de 24 en 26 miljoen minsken hawwe it Roemeensk as memmetaal. It Roemeens makket diel út fan organisaasjes as de Latynske Uny.

Roemeensk
algemien
eigen namme română
lânseigen yn Roemeenje, Moldaavje, Wojvodina, Kanada, Feriene Steaten, Ruslân, Oekraïne, Israel, Servje, Hongarije en de Balkan
tal sprekkers 24 miljoen memmetaalsprekkers, 4 miljoen twadde taal
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
dialekten ?
taalstatus
offisjele status Roemeenje, Moldaavje en Wojvodina
taalkoades
ISO 639-1 ro
ISO 639-2 rum/ron
ISO 639-3 ron

Ek yn oare lannen binne in protte mnsken dy't de taal behearskjen (meastal binne dat emigrearre Roemenen), fral yn Itaalje, Spanje, Feriene Steaten, Kanada, Frankryk en Dútslân. It is net dúdlik om hoefolle minsken it giet, mar neffens guon boarnen wenje der mear as 3 miljoen Roemenen yn Jeropa (bûten de Roemeenske, Moldavyske en Wojvodaanske grinzen) en Amearika.

It Balkanromaansk ten noarden fan de Donau wurdt ek wol Dako-Romaansk neamd: it omfiemet ferskate dialekten, dêr't it Moldavysk (dat oan wjerssiden fan de Proet sprutsen wurd) oan de Moldavyske side fan de grins troch de Moldavyske autoriteiten by opfetsje wurdt as in eigen taal. Fanút taalkundich eachpunt beskôge is it lykwols net mear as in taalfariant.

Tsjintwurdich wurdt it Roemeensk yn it Latynske alfabet skreaun, mar oant 1859 waard dêr it Syrillyske alfabet foar brûkt. Yn Moldaavje wie dat krekt sa. It Roemeensk makket gebrûk fan in oantal diakrityske tekens op in oantal letters ( î, ş, ă, ţ en â ) dy't diels (ă, ţ) yn de Fryske skriuwtaal net bestien.

It Roemeensk befet in grut oantal wurden fan Slavyske komôf (om-ende-by 10 à 15%), lykwols oerhearsket it Romaanske karakter fan de taal. Yn it âlde Roemeensk wie it Slavyske elemint nei ferhâlding sterker oanwêzich as tsjintwurdich, mar sûnt de 19e iuw is der bewust nei stribje neologismen te foarmjen fan wurdstammen oan oare Romaanske talen ûntliend (fral it Frânsk). Karakterisearjende eigenskippen dêr't it Romeensk him troch oare Romaanske talen ûnderskiedt binne:

  • it behâld fan twa nammefallen:
    1. nominatyf + akkusatyf
    2. genityf + datyf (útgongen -lui (manlik iental), -ei (froulik iental) en -lor (meartal)
  • it efter in selsstannich nammewurd plakke fan bepaalde lidwoord. ("om" = minsk, "omul" = de minsk)
  • it ferdwine fan de ynfinityf en de ferfanging derfan troch in "opdat"-konstruksje nei it boarbyld "ik wol dat ik sjong" i.s.f. "ik wol sjongen". Dizze nuverheden komt ek foar yn oare talen fan it Balkan-gebiet, dy't alles behalven nau besibbe binne oan it Roemeensk: Albaneesk, Bulgaarsk en Nij-Gryksk.