Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Beilen is in iesdoarp[1] yn de provinsje Drinte; it is it haadplak fan de gemeente Midden-Drinte.

Beilen
Lokaasje fan Beilen
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Midden-Drinte
Sifers
Ynwennertal 11.305 (2020)
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52°51′ NB 6°31′ EL

Beilen mei byhearrend gebiet Beilen hat rom 11.000 ynwenners, it doarp Beilen telt ± 9700 ynwenners. De heule gemeente Midden-Drinte ûngefear 33.000 ynwenners. Beilen leit midden yn Drinte en wurdt dêrom ek wol it Hert fan Drinte neamd.

 
Stasjon Beilen

It doarp leit tusken it spoar Grins - Swol, de autosnelwei de A28, de provinsjale wei N381 en it natoergebiet Terhorstersân. Oan de eastrâne fan it doarp leit NS-stasjon Beilen.

Gemeentlike weryndieling

bewurkje seksje

Oant 1998 wie Beilen in gemeente. Nei gemeentlike weryndieling gie Beilen op yn de gemeente Middenfjild. Dizze gemeente hat mar koart bestien, want sûnt 2000 is Middenfjild wer oergien yn de gemeente Midden-Drinte. De flagge en it wapen binne de eardere gemeenteflagge en -wapen.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat ± 20.000 jier lyn om Beilen al minsken wennen. Om it jier 1000 waard Beilen al neamd yn oarkonden. De namme is in ferbastering fan de oarspronklike namme Bijlloo, dat eat as 'iepen kapt plak yn de bosk' betsjut. Troch ûntginningen yn dizze iuw waarden geregeld resten fan âlde delsettings en begraafplakken fûn.

Op 8 augustus 1820 hat in grutte brân in grut part fan Beilen yn de jiske lein. Allinnich de âlde tsjerke is bewarre bleaun.
Op 2 desimber 1975 waard by Wijster in trein kaapt troch Súd-Molukse jongeren wêrnei't yn Beilen in beliedssintrum ynrjochte waard (sjoch Treinkaping by Wijster). De kapers skeaten trije persoanen (de masinist en twa passazjiers) dea en joegen har nei hast twa wiken oer.
Oer de earste sosjaaldemokratyske wethâlder fan it doarp, Jan Egberts Eleveld (1900-1936), ferskynde yn 2003 it boek "Terug naar Beilen".

 
Stefanustsjerke

Goudskat fan Beilen

bewurkje seksje

Yn 1955 waard yn Beilen in wichtige fynst dien: in goudskat út ± 400. Dizze skat bestie út in earmbân, halsringen en 22 gouden munten, saneamde solidy.[2] Dit wie de rykste skat út de Drintske boaiem. De finers wienen de hearen Beuving en Barkhof. De skat is yn it Drintsk Museum yn Assen te besichtigjen.

Bekende ynwenners

bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Bijhouwer J.T.P. (1977). Het Nederlandse Landschap. Amsterdam: Kosmos.
  2. Gerding, M. en Hillenga, M., Het Drenthe Boek, 2007, Waanders - Zwolle, ISBN 978-90-400-8211-5
  Midden-Drinte  
Doarpen:
BalingeBeilenBoppesmildeDrijberElpGarmingeHijkenHoogersmildeHooghalenMantingeNij-BalingeOranjeOrvelteSmildeSpierSwiggelteWesterborkWijsterWitteveen
Buorskippen:
AltingBeilerfeartBrunstingBruntingeDe PolleEursingEursingeHijkersmildeHoltheKlateringLaaghalenLaaghalerveenLievingLievingerveldMakkumNorgerfeart (foar in part)OosthalenRheeveldSmalbroekTer HorstSúdfjild
  ·   ·