Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Gemeente (bestjoer)

In gemeente is in groep fan wenkearnen (doarpen, stêden) mei it byhearrende gebiet dy't mei elkoar bestjoerd wurde troch in polityk apparaat. De gemeente is yn de measte lannen de ûnderste laach út de politike bestjoersstruktuer. De lagen boppe de gemeente binne: yn Nederlân de provinsje en de ryksoerheid. Twa gemeenten hawwe dielgemeenten of stedsdielen, dêr't de gemeente yn opdield is. Dit komt foar yn Amsterdam en Rotterdam.

It deistich bestjoer fan de gemeente wurdt dien troch boargemaster en wethâlders; de gemeenterie hat it bestjoer oer langere tiid. As wurkplak hawwe dizze organen it gemeentehûs, dat meast in it grutste of âldste plak fan de gemeente stiet. Dat plak wurdt dan beskôge as it haadplak fan de gemeente. As it haadplak in stêd is dy't it grutste part fan de gemeente, in stedsgemeente, foarmet, dan wurdt sprutsen fan in stedshûs.

Oant 1851 wie de tredde laach fan bestjoer yn Nederlân opboud út stêden, gritenijen, ambachten en noch oare ienheden. Dat jier waard de Gemeentewet oannaam dy't de histoaryske ferskillen yn de tredde laach fan bestjoer weimakke.