Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

De Gemeentewet is in Nederlânske wet út 1851 (yngien op 29 juny) dy't it bestjoer fan de gemeenten regelet. It is in organike wet. De oarspronklike wet waard makke troch Thorbecke en kaam fuort út de Grûnwet fan 1848. Mei it ynfieren fan de Gemeentewet kaam foar altyd in ein oan it wetlike ûnderskied tusken stêden en doarpen, en ferfoelen de lêste privileezjes dy't de stêden noch hiene fan it tiidrek fan it feodale stelsel, sa as it heffen fan poartejild.

Utgongspunt fan de wet wie dat in troch it folk keazen gemeenteried as heechste orgaan foar it gemeentlik grûngebiet feroarderingen fêststelt en fia de begrutting middels ta foldwaan jout. It kolleezje fan B&W wie as deistich bestjoer yn it ramt fan de ried en de ryksoerheid belêstige mei de húshâlding fan de gemeente en it útfieren fan wetten (it saneamde meibewâld).

Under it bewâld fan D.IJ.W. de Graaff-Nauta waard yn 1992 de gemeentewet op 'e nij besjoen. De fernijde wet gie yn 1994 yn. De oarsprong fan de feroaring lei al jierren earder by ûnder oaren de kommisje-Van Kinschot in 1977.

By de Dualisearringswet út 2002 waard it monistysk karakter fan de gemeentewet fierder oanpast ta in mear dualistysk karakter. Dat hâldt yn dat, nei analogy fan ministerried en parlemint yn it lânsbestjoer, kolleezje fan B & W en gemeenteried mear ûnôfhinklik fan inoar funksjonearje, wêrby't de gemeenteried it kolleezje kontrolearret.

Keppeling om utens

bewurkje seksje