Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

In buert (in lienwurd op basis fan it Nederlânske buurt) is in gebiet binnen de beboude kom fan in plak, dat troch de bewenners as in byinoar hearrend gehiel beskôge wurdt.

In buert yn it Brazyljaanske São Paulo.

As ûnderdiel fan doarp of stêd

bewurkje seksje

In buert kin in diel fan in doarp of in diel fan in stêd wêze. Yn 'e kontekst fan in doarp is in buert net itselde as in buorren, dat de histoaryske doarpskearn is. In doarp bestiet yn 'e measte gefallen (ôfhinklik fan 'e grutte) út mear as ien buert, mar hat almeast mar ien buorren (hoewol't it soms foarkomt dat twa histoaryske losse doarpskearnen letter oaninoar groeid binne, lykas yn it gefal fan Winsum). Yn 'e kontekst fan in stêd is in buert lytser as in wyk; ien wyk bestiet almeast út in stikmannich ûnderskate buerten. Soms komt it foar dat in wyk út ien buert bestiet en beide termen dus synonym mei-inoar binne. It kin soms ek foarkomme dat ien buert dielen fan twa ferskillende wiken omfiemet, lykas it gefal is by it Waterkwartier yn Nimwegen, dat foar in diel yn 'e wyk Hees en foar in diel yn 'e wyk Biezen leit.

Der kinne ferskillende redens wêze dat in diel fan in doarp of stêd as in aparte buert beskôge wurdt.

  • Funksjonele skaaimerken: as in diel in stêd behalven wenten ek oare funksjes omfettet, lykas winkels, in skoalle, ien of mear boartersplakken en/of in park, krije de bewenners it gefoel dat sokke funksjes by de wenfunksje hearre as se op maksimaal fiif minuten rinôfstân lizze.
  • Stêdeboukundige en arsjitektoanyske skaaimerken, lykas in gearhingjend strjitteplan of in beskate ienheid fan arsjitektoanyske styl.
  • Strjitnammen dy't ynspirearre binne troch in gelikens tema, lykas de 'fûgelbuert', de 'skriuwersbuert' of de 'Yndyske buert'.
  • Geografyske skaaimerken: in strjittekluster dat ynklamme leit tusken geografyske barriêres, lykas in kanaal en in autosneldyk.
  • Sosjale skaaimerken: as de bewenners fan in beskaat diel fan in stêd harren sterk identifisearje mei dat diel fan 'e stêd (bgl. de Jordaan yn Amsterdam) of as de bewenners yn mearderheid ta ien en deselde befolkingsgroep hearre (lykas yn in Chinatown of in rôze buert).
  • Politike skaaimerken: as bewenners mei harren buorlju mienskiplik opkomme foar de belangen fan harren strjitten, hawwe se mear ynfloed troch gearwurking. Mei't de belangen wat fierder útinoar rinne wat mear strjitten by sa'n gearwurking belutsen binne, wurdt de grins fan in buert bepaald troch de maksimale omfang fan in belangekoälysje. Yn guon lannen, lykas de Feriene Steaten, is ek politike fertsjintwurdiging (yn 'e foarm fan kiesdistrikten) nei stedsbuert organisearre, wêrmei't sa'n buert in offisjele begrinzging kriget.

Wetlike sitewaasje yn Nederlân

bewurkje seksje

Krekt as in wyk hat ek in buert yn Nederlân in offisjele status, dy't beskreaun stiet yn 'e gemeentlike feroardering. Dêrby is in buert it leechste regionale nivo en (yn in stêd) in diel fan in wyk. De feroarderings wurde opsteld troch de gemeenten, mar lanlik koördinearre troch it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.