Burgum
Burgum is it haadplak fan de gemeente Tytsjerksteradiel. It plak leit oan it Prinses Margrietkanaal; nei it wêst giet dat troch de Kromme Ie fierder nei de Wide Ie, nei it easten oer de Grinzer Feart nei de Burgumer Mar. Foar Burgum oer leit oan de súdkant fan it kanaal it doarp Sumar.
Burgum | ||
Burgumer poppestien | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Tytsjerksteradiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 9.960 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 11,71 km², wêrfan: - lân: 10,96 km² - wetter: 0,76 km² | |
Befolkingsticht. | 884 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 11' N 5° 59' E | |
Lokaasje Burgum yn de gemeente Tytsjerksteradiel | ||
Offisjele webside | ||
www.burgum.nl | ||
Kaart | ||
Burgumers wurde tradisjoneel útskolden foar 'kowesturten'. Neffens it ferhaal ha de Burgumers dy namme ferstjinne om't der in Burgumer west hat dy't in ofskuorde sturt fan in ko wer oplape troch it ôfskuorde stik der wer mei in spjelde oan fêst te setten.[2]
Under Burgum falt ek it buorskip Noardermar. Oant 1930 hearde ek Burgerheide (tsjintwurdich Noardburgum) by Burgum. Sûnt 1989 is de offisjele namme fan it doarp it Fryske Burgum, derfoar wie dat Bergum.
Burgum hat 9.960 (1 jannewaris 2023)[3] ynwenners.
Namme
bewurkje seksjeDe plaknamme is yn de rin fan de tiid net hiel bot feroare. Yn de 13e iuw waard Burgum as 'Berchem' skreaun, in iuw letter as 'Berghym' en wer letter as 'Beergum', 'Birgum' en lang om let Burgum. De betsjutting fan it earste diel ('Berg') moat socht wurde yn 'hichte'. Burgum soe dan 'op 'e hichten' betsjutte, in ferwizing nei de súdrâne fan de sânrêch dêr't de earste Burgumers harren nei wenjen setten.[4]
Skiednis
bewurkje seksjeKleaster
bewurkje seksjethumb|left|250px|De Krústsjerke Yn it lêst fan de 12e iuw waard út it Kleaster Lúntsjerk, ûnder Achlum, wei, it Burgumer Nikolaaskleaster stifte, dat befolke waard mei augustynske koarhearen fan Barrahûs. It Barrahûs (in stins mei in kapel) bleau tenei bestean as in úthôf fan it Burgumer kleaster, dat ek wol it Berchkleaster of it Barrakonvint neamd wurdt. De muontsen setten fuort útein mei de bou fan it kleaster, dat wat noardliker fan de tsjerke fan Noardermar kaam te stean (no ûnderdiel fan it tsjerkhôf). Dy oan Sint-Martinus wijde tsjerke hie der nei alle gedachten doe al in iuw stien en waard yn it ramt fan de komst troch de bewenners fan it kleaster ferboud. Njonken de úthôf yn Barrahûs krige it kleaster yn 'e rin fan de tiid in soad grûnbesit troch skinkings en ek in stins yn Wurdum. Nammen lykas de Mûntsewei (rjochting Suwâld), Mûntsesleat, de Burger Stûken ûnder Garyp en Warten en de Mûslannen ( > Mûntselannen) yn Alde Miede ferwize nei dy besittings. De koarhearen brochten it rûge lân yn kultuer, bediken, soargen foar in bettere ôfwettering en wurken yn de feanterij. Mei de reformaasje kaam der in ein oan it Berchkleaster. Nei it ferried fan Rennenberg moasten de muontsen flechtsje en rintmaster Popke Roorda krige de taak fan de Steaten om tafersjoch op de leechsteande kleastergebouwen te hâlden. Om't der ferlet fan boumateriaal wie stie it frij alles ôf te brekken wat net ferhierd wurde koe. Wis is dat it kleaster der teminsten noch oant yn 1606 stien hat en as pastorije en pleats ferhierd waard. Fan it kleaster is fierder neat oerbleaun. Yn 'e jierren 1970 moast it tsjerkhôf útwreidzje mei de grûn dêr't earder it kleaster stien hie. Om't de grûn groatfol boupún siet fan it kleaster moast it stik earst ôfgroeven wurde. Dêrby waarden ek dielen fan de fûneminten werom fûn.
Opskuor fan 1747
bewurkje seksjeIt systeem fan de belestingpacht foar de plattelânsbefolking en de ûnfrede oer it útoefenjen fan de macht troch de reginten yn de 17e iuw late ta in opskuor yn 1747. De grytmannen wiene hast allegear oan inoar besibbe en skoden inoar de amten ta yn ruil foar wat oars. De hege belestings en it ynsetten fan belestingamtners, dy't foar it beteljen fan in fêst bedrach oan de oerheid it rjocht krigen om alles wat der oan belesting ynhelle waard sels te hâlden, joegen in soad argewaasje. Yn Fryslân sette de rebûlje yn Burgum útein, dêr't in kliber folk it opsichtershûs by de mûne sloopte. Ut Burgum wei fersprate de opskuor nei oare plakken yn Fryslân. Fan tasizzings om it systeem te feroarjen is neat op 'e hispel kommen, de steedhâlder woe it hâlde sa't it wie.
19e iuw
bewurkje seksjeDe Frânsen makken in ein oan it systeem fan de macht fan de grytmannen. De gritenij Tytsjerksteradiel waard yn 1812 yn fjouwer lytsere 'communes' ferdield mei oan it haad in 'maire'. Under de 'mairie Burgum' foelen njonken Burgum sels ek de doarpen Hurdegaryp en Earnewâld. Dat hat mar eefkes sa duorre, want doe't de Frânsen wer fuort giene, waarden de communes ek wer ôfskaft.
Op 24 april 1850 waard yn Burgum in ôfskate gemeente stifte nei't de grifformearde dûmny Kooiker út Oentsjerk yn Burgum foar in mannichte in preek holden hie. Dêrmei kaam der in ein oan de tsjerklike ienheid fan it doarp. Fuort waard der yn Tuskendiken in lyts grifformeard tsjerkje boud, dat yn de jierren 1870 ferfongen waard troch in nije tsjerke yn Burgum. De doleânsje yn 1886 soarge foar in nije úttocht fan rjochtsinnigen út de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. In diel fan de rjochtsinnich herfoarmen bleaune lykwols yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke en stiften de Feriening foar Evangelisaasje, dy't net fier fan de Krústsjerke harren kapel 'Uw Koninkrijk Kome' bouden.
Oarspronklik wie de buorskip Burgumer Daam it iennige part fan it doarp dat oan it wetter lei. Yn 1850 wie it noch sa dat de opfeart dy't fan dêr nei it noarden rûn de ferbining fan de buorren mei it wetter wie. Burgum en Burgumer Daam binne oan inoar groeid en it buorskip en de opfeart binne letter ferdwûn. Oant 1930 hearde ek de buorskip Noardburgum by it doarp, mar dat is dat jier in selsstannich doarp wurden.
Twadde Wrâldkriich
bewurkje seksjeDe earste jierren fan de Dútske besetting ferrûnen yn Burgum relatyf rêstich. Yn 'e nacht fan 6 op 7 desimber 1941 stoarte tusken de Kleasterloan en de Lykwei in fleantúch fan de RAF del. De bemanning út Ingelân, Nij-Seelân en Austraalje kaam om en hja waarden op 9 septimber troch de Dútsers mei militêre eare begroeven op it hôf oan it noardlike kant fan de Krústsjerke. De befolking mocht der net by wêze, mar de oare deis leine grêven bedobbe ûnder in see fan blommen. Nei it begjin fan de joadeferfolging wurde ek yn Burgum joaden by minsken ûnderbrocht. In soad minsken wiene op de hichte mei dy ûnderdûkplakken, mar ferried kaam net foar. As der in joad op syn ûnderdûkplak komt te ferstjerren, wurdt de joad op ljochtskyndei oer de Noardersingel en de Skoalstrjitte nei it hôf brocht. Efter de baar rûnen de frou dy't him it ûnderdûkplak joech en dûmny Nawijn. As immen der al wat oer sizze woe krige dy it andert 'dat er him better de bek hâlde moast'.
Sûnt 1943 wie boargemaster Steenhuysen ferfongen troch de NSB-er Frijling. De NSB-boargemaster wie ien fan de redens dat it ferset Burgum útsocht om dêr in oerfal op it gemeentehûs út te fieren. Op 4 febrewaris 1944 waard yn gearwurking mei lokale bewenners op ljochtskyndei it gemeentehûs oerfallen. De oerfallers waarden lykwols ûntdutsen troch in meiwurker dy't te let op it wurk kaam en troch de ruten syn kollega's mei de hannen omheech seach. De meiwurker makke dat er nei de plysje kaam, dy't op de hoeke fan de Noardersingel/Hillemawei wenne. De frou fan de plysje die de doar iepen mar hold har ûnnoazel en fertelde dat har man der net wie en dat de tillefoan it net die om sa tiid te rekken. Yn alle konsternaasje moasten de oerfallers de sekken mei persoanskaarten stean litte, mar de oerfal soe dochs in súkses wêze: 18.000 segels, 584 blanko persoansbewizen en 500 gûne. De joadske hûshâldings fan Burgum, werfan't de manlju op it stjonkfabryk of op it postkantoar wurken, binne de oarloch goed trochkommen. Allinne de oprjochter fan de NTF, José Vigeveno, is yn kamp Westerbork troch in hertoanfal ferstoarn.
De klok út de Krústsjerke soe yn maart 1943 troch in bedriuw út it suden wei helle wurde. Dy soe klear lizze mar doe't de manlju mei immen fan it gemeentehûs kamen die bliken dat de klok in ein yn de grûn bedobbe wie. Dat hie Tjaarda dy't op de hoeke Skoalstrjitte/Kleasterloane wenne nachts mei twa ûnderdûkers dien. Hja wiene fan doel om de klok hielendal te bedobjen, mar stjitten op in grêf en sa bleau de klok foar in stik út de grûn stekken. De manlju fan it bedriuw diene it harren net oan tiid en graaf de klok sels wer út en seine dat de gemeente der fierder mar mei rêde moast. Hja hiene lykwols earder by it opheljen fan de gemeentemeiwurker op it gemeentehûs al in ûntfangstbewiis ôfjûn. De gemeente liet de klok wer opgrave, mar al gau waard de klok doe troch Burgumers temûk nei it koalehok sleept en dêr ûnder in dikke laach koalen ferstoppe. Doe't de Dútsers letter foar de klok kamen, waard harren foarliicht dat de klok al fuort. It ûntfangstbewiis op it gemeentehûs wie it bewiis.
Yn 'e simmer fan 1944 kaam in grutte groep Dútsers út Grins wei nei Burgum. De Kriegsmarine besette it doarp en de Burgumer Nijstêd krige in pantserôfdieling, dêr't de Feldgendarmerie al oanwêzich wie. Yn Glinstra State siet de Grüne Polizei. Gruttere gebouwen lykas skoallen waarden foardere en in soad minsken mei wat romte moasten Dútsers yn hûs nimme. Dochs waard der op 'e jierdei fan Wilhelmina in alternatyf keninginnefeest fierd tusken de baggerbulten oan it kanaal en yn de finsterbanken waarden massaal potten mei goudsjeblommen set. Om't Burgum fol mei Dútsers siet kin it hast net oars dat hja der wat fernommen ha, mar it hie fierder gjin gefolgen.
Op 14 april wiene de Kanadezen al by Drachten. De Dútsers fernielden mei eksposiven de draaibrêge oer it kanaal, mar der waard mei man en macht wurke oan in provisoaryske brêge, sadat de Kanadezen op snein 15 april om 10:00 Burgum offisjeel befrije koene. De skoallen tsjinnen foar it ynternearjen fan Dútsers en NSB-ers en oaren dy't foar Dútsers wurken. Ek de NSB-boargemaster Frijling waard fêstset. Dochs hie Burgum it minder treffe kind want Frijling hat nea immen ferret, ek al wist er wêr't ûnderdûkers sieten.[5] Nei de oarloch waard Steenhuizen wer boargemaster.
Doarpsútwreiding
bewurkje seksjeLykas de measte wâlddoarpen is Burgum nei de oarloch troch nijbou bot feroare en folle grutter woarn. Sûnt de jierren 1950 waard Burgum ynearsten oan de westkant útwreide mei de strjitten dy't ferneamd binne nei de leden fan it keninklik hûs en oan de eastlike kant fan de Noardersingel mei strjitten dy't ferneamd waarden nei âld-ynwenners. Yn de jierren 1970 waard der fierder nei it easten boud oan de Kleasterloane ta. Dêrnei folge de oanlis fan Winterswyk en it plan Tuskendiken. Dêr't it eartiids in earmoedige boel wie, kamen no de grutste hûzen. Nei't de lêste grutskalige útwreiding westlik fan de sportfjilden plak fûn, waard it lestiger om nije útwreidingsplannen te ûntwikkeljen.
Nijbouplannen om yn De Warren by de Wide Ie te bouwen soargen foar protesten fan bewenners, boeren en miljeu-organisaasjes,[6] mar it alternatyf om eastlik fan de Kleasterloane nij te bouwen ûnderfynt ek wjerstân ûnder de befolking.[7]
Staten
bewurkje seksjeYn Gaestmabuorren hat oan de brân yn 1829 de Groustins stien, in foars toerfoarmich gebou mei in sealtek en hiele grouwe muorren út 1398. Ruïnen fan it gebou wiene noch yn 1838 oanwêzich. Oan de westkant foar de poppestien oer stie it kastieltsje Hillemastate. Hillemastate hie in grêft en in toer en is yn 1744 foar ôfbraak ferkocht. In oare state wie it Hoge Huys yn Noardermar. Dat hûs waard foar 1640 boud, nei alle gedachten as jachthûs foar steedhâlder Hindrik Kasimir I fan Nassau-Dietz. Dêrnei hat Menno fan Coehoorn der mei syn âlders wenne. Yn 1721 kocht grytman Hector Willem van Glinstra it Hoge Huys, dy't der fiverpartijen en tunen liet oanlizze. Nei't Hobbe Baerdt van Sminia it hûs yn besit kriget lit dy it yn 1771 ôfbrekke. Oare grutte hûzen dy't noch op de kaart fan 1718 stiene wiene Recalf, Walsdorf en Rhala, mar dêr is fierder net in soad oer bekend.[8][9] It noch besteande Glinstra State waard yn 1855 boud foar de famylje Ferf. De namme Glinstra State datearret fan 1914, doe't boargemaster Lohman it ferfallen hûs opknapte.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeDe Pleats
bewurkje seksje"De Pleats" is in pleats út 1773 mei in foarnaam foarhûs. De pleats waard boud foar de famylje Haisma, wêrfan't Tjalling Hajes Haisma yn de Frânske tiid "maire" fan de kommune Burgum wie. Ea waard de pleats by it kaarten ûnder ynfloed fan drank ferspile en gie sadwaande oer fan de famylje Haisma nei de famylje Ferf. Yn 1954 is de pleats oankocht troch de gemeente en is er nei in restauraasje it doarpssintrum woarn mei in grutte seal en romten foar gearkomsten Op it hiem fan De Pleats waarden sûnt 1960 iepenloftspullen spile. Hjoed-de-dei is yn de pleats in restaurant en partysintrum ûnderbrocht. De iepenloftspullen wurde op oare lokaasjes holden, lykas by De Molkfabryk.
Observeum
bewurkje seksjeOan de Menno van Coehoornwei stiet it Observeum. Yn it museum wurde fêste kolleksjes útstald, lykas Frysk sulver en argeologyske en geologyske saken. Ek wurdt der omtinken jûn oan bekende ynwenners fan Burgum, lykas Hendrik Bulthuis dy't de BM-er ûntwurp. Dêrnjonken hat it museum ek wikseljende eksposysjes. By it museum is de Stjerrewacht, dy't alle wiken op freedtejûnen iepen is sadat minsken by goed waard troch de teleskopen sjen kinne.
Poppestien
bewurkje seksjeOan de Hillemawei leit de 'Poppestien', in grutte swerfkei dêr't wat folkloare oan ferbûn is. Grutte minsken makken de bern earder wiis dat de poppen ûnder de stien wei kamen. De Burgumer Bulthuis skreau yn 1938 foar in revue it ferske:
- As de leaden hoanne kraait,
- tilt er efkes op
- en ús Burgumer memke krijt
- dan har lyts pop.
De stien komt oarspronklik út Sweden en hat likernôch 120.000 jier lyn in lange reis makke mei it lâniis. Nei it ranen fan it iis bleau de stien lizzen. Hoe't de stien yn it Wêst fan Burgum kommen is, wit nimmen.
Poepekrús
bewurkje seksjeOan de Simmerdyk rjochting Hurdegaryp betinkt it poepekrús de tragyske dea fan in hantsjemier. Yn 1783 waard op it plak in poep fermoarde. Sûnt 2009 hat de gemeente it útgroeven krús ferfongen troch in lizzend krús fan stien.
Mienskip
bewurkje seksjeBurgum hat in heech fersjenningsnivo. De Skoalstrjitte wie altiten de winkelstrjitte, mar nei de nijbou oan de Markt hat der in foarse útwreiding fan it winkelbestân plakfûn.
As wetterdoarp hat Burgum ek in jachthaven oan de Burgumerdaam.
Oan de westlike kant stiet op de râne fan it doarp it Soarchsintrum Berchhiem. Aktiviteiten en kursussen yn it ramt fan sosjaal-kultureel wurk binne sûnt 2018 ûnderbrocht yn Glinstra State.[10]
Tsjerken
bewurkje seksje- Krústsjerke (Protestantske Tsjerke yn Nederlân)
- De Ikker (Protestantske Tsjerke yn Nederlân)
- Frije Evangelyske Tsjerke
- Sint-Martinustsjerke (Roomsk-Katolike Tsjerke)
Skoallen
bewurkje seksje- Iepenbiere basisskoalle 't Partoer
- Kristlike basisskoalle De Arke en Modus
- Kristlike basisskoalle De Reinbôge
- Kristlike Skoallemienskip Liudger
- Iepenbiere Skoalle Mienskip Singelland
- Op Papilio wurdt ûnderwiis jûn oan bern dy't wenje op it AZC.
Sport
bewurkje seksjeYn it noardwestlik diel fan Burgum lizze de sportfjilden fan Burgum. Op it plak dêr't yn 2017 de sporthal 'Westermar' ôfbaarnde, is in nij multyfunksjoneel sportkompleks boud, de 'Nije Westermar'.[11] De skâns foar it fierljeppen is yn 2018 fernijd en útwreide leit súdlik fan it gemeentehûs. Sûnt 1969 wurde der ljepwedstriden fan it FLB holden. Yn it 'Wetter en Willepark' by it kanaal is in skeeler-, atletyk- en fytsbaan, dy't by't winter as iisbaan tsjinst docht. Ek is der in multycourt, dêr't bern ferskillende sporten beoefenje kinne. Fierder beskikt Burgum oer it swimbad "De Wetterstins", midgetgolfbaan, maneezje en in karthal.
AZC
bewurkje seksjeYn Burgum stiet oan de noardwestlike kant it AZC. Dêr is plak foar likernôch 600 asylsikers dy't útprosedearre binne. It ferboude AZC waard op 1 septimber 2021 wer op 'e nij iepene.[12]
Ferieningen
bewurkje seksje
Eveneminten
bewurkje seksje- Wâldrock festival.
- Iepenloftspul Burgum (ienris yn de twa jier)
- It Ynternasjonaal Dûnsfestival Burgum is in ynisjatyf fan de folkloristyske dûns-, muzyk- en sjongroep 'Eastergoa Skotsers Burgum' en wurdt ienris yn de twa jier holden.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 1999 | 2001 | 2005 | 2010 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 3.365 | 3.868 | 4.659 | 5.595 | 6.412 | 9.148 | 9.149 | 9.669 | 10.121 | 9.934 | 9.664 |
Bekende Burgumers
bewurkje seksje- Rombertus van Uylenburgh (1554-1624)
- Adriaen van Cronenburg (Skagen, om 1545 - Burgum, om 1604), keunstskilder en gemeentesiktaris fan Tytsjerksteradiel.
- Nicolaas Ypey, wiskundige (1714-1785)
- Tsjibbe Gearts van der Meulen, Fryske skriuwer (1824 - 1906). Syn grêfstien stiet op it tsjerkhôf fan de Krústsjerke, oan de súdkant, tichtbij de tsjerkeyngong.
- Petrus Boele Jacobus Ferf (1854-1916), politikus
- Hendrik Bulthuis, kapper en de ûntwerper fan de Burgumer Mar-sylboat.
- Harmen Sytstra, Fryske skriuwer. Stie hjir om 1845 yn Burgum oan skoalle.
- Abe Brouwer (1901-1985), skriuwer
- Jehannes Ytsma (1957), taalsosjolooch († 2005)
- Job Gosschalk (1967), castingdirector
- Simone Lamsma (1985), fioeliste
- Auke de Vries (1937), byldhouwer
- Joop Wittermans (1946), akteur
- Sipke Zijlstra (1985), sporter
- Jan van der Kooi (1957), keunstner
Ferkear
bewurkje seksjeBy Burgum krúst de N356 (Sintrale As) mei it Hendrik Bulthuis Akwadukt it wetter fan it Prinses Margrietkanaal. Nei it noarden rint de wei om de westkant fan it doarp hinne en dan fierder by Feanwâlden lâns nei Dokkum, en jout by Quatrebras ferbining mei Hurdegaryp en Ljouwert. Nei it suden stekt de wei tusken Sumar en Garyp troch en jout sa ferbining mei Drachten.
Strjitten
bewurkje seksjeAlle strjitten yn Burgum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Tytsjerksteradiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldtsjerk • Burgum • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns | ||
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein | ||
· · |