Warten
Warten Nederlânsk: Wartena) is in Frysk doarp yn 'e gemeente Ljouwert. It leit direkt noardlik fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen, oan it Prinses Margrietkanaal. It is troch in pontfear it ferbûn mei Earnewâld. Sûnt 1989 is de offisjele plaknamme it Frysktalige 'Warten'. It doarp hearde foar de gemeentlike weryndieling fan 2014 ta Boarnsterhim, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan Idaerderadiel.
Warten | ||
Doarpsicht fanôf de Oeble Omwei | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 905 (2022) [1] | |
Oerflak | 22,20 km² lân: 16,70 km² wetter 5,51 km² | |
Befolkingsticht. | 54 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 08'N 5° 53'E | |
Offisjele webside | ||
Side Warten | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeWarten ûntstie oan it Alddjip. Om 900 moat de terp al bewenne west ha. It lei frijwat isolearre omt der allinnich oer wetter goed te kommen wie. Op âlde kaarten wurdt it oantsjutten as Warthna en Wartengahe. Dat soe in soarte fan gearlûking wêze kinne fan Warten, Wergea en Warstiens. Yn 1865 en 1866 waarden der wegen oanlein nei Garyp en Wergea.
Yn Warten siet sûnt 1907 in skipswerf dêr't skûtsjes, sleepboaten en coasters boud waarden. Ek MS Sier waard hjir boud. Yn 2003 gie de werf fallyt.
Mids septimber 2018 waard yn 'e tsjerke fan Warten In Ikoan mei in Knypeach holden, in betinking fan akteur Rense Westra, dy't lang yn Warten wenne en tsjerke.
Gebouwen
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Warten).
Mienskip
bewurkje seksjeDer is in feriening foar Doarpsbelangen. It doarpsblêd hjit Kommune. en It Ljochtbeaken binne de basisskoallen fan it doarp. De Roekeflecht is de soas far jongerein. Oan de Rochsleat efkes bûten Warten leit in jachthaven.
Tsjerken
bewurkje seksje- PKN-gemeeente Warten-Wergea-Warstiens
- Herfoarme gemeente Wartengahe
Skoallen
bewurkje seksjeDe kristlike basisskoalle It Ljochtbeaken moast yn 2011 nei 115 jier de doarren slute nei't it tal learlingen ûnder de 23 sakke. Sûnt hat it doarp noch ien basisskoalle: de iepenbiere basisskoalle De Finne.[2]
Ferienings
bewurkje seksje- Toanielselskip Warten
- 'k Haw 'm rekke - badminton
- Kuorbalferiening Mid-Fryslân / ReduRisk Akkrum-Grou-Reduzum-Warten
- Gymnastykferiening Sparta
- Tennisferiening Warten
- Iisklub De Harmony
- Fûgelwacht Idaerderadiel Noard (Warten-Wergea-Warstiens; webstee)
- Froulhuskoar Eigenwiis
Eveneminten
bewurkje seksje- Wartenster Wetter Wille is in evenemint dat ienris yn de twa jier fierd wurdt.(webstee)
Een vloot van historische schepen als skûtsjes, notarisbootjes, opdrukkertjes, sleepboten.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 1999 | 2004 | 2007 | 2010 | 2021 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 834 | 809 | 811 | 777 | 804 | 988 | 1022 | 996 | 963 | 925 | 905 |
Bekende (âld) ynwenners
bewurkje seksje- Roelof en Marit Bouwmeester - Fryske silers
Berne yn Warten
bewurkje seksje- Albert Wybenga (1887), skriuwer
- Sipke Castelein (1910), reedrider
- Jan Wybenga (1917), skriuwer
- Roel Bergsma (1917), dammer en revuskriuwer
- Piter Bergsma (1927), dammer en revuskriuwer
- Piter Boersma (1947), skriuwer
- Roelof Bouwmeester (1985), hurdsiler
- Marit Bouwmeester (1988), hurdsilster
Strjitten
bewurkje seksjeAlle strjitten yn Warten.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |