Heechterp-Skieringen
Heechterp-Skieringen is in wyk yn it easten fan Ljouwert, dy't ûnder mear bekendheid krigen hat troch de 40 wiken fan Vogelaar. De wyk bestiet út de buerten Heechterp, Skieringen en De Sintrale. Yn Heechterp wenje likernôch 1870 ynwenners en yn Skieringen 2000 (2008). De Sintrale beslacht it yndustryterrein fan FrieslandCampina
Heechterp-Skieringen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Plak | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.675 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 159 ha | |
Oar | ||
Postkoade | 8924 | |
Koördinaten | 53° 12′ NB, 5° 50′ EL |
Lange tiid hat Heechterp in efterstânswyk west, mei in soad kriminaliteit, drugsoerlest en sosjale en maatskiplike problemen. Ferâldere flats waarden doe ôfbrutsen, en derfoar yn it plak waarden doe keapwenten boud, itjinge de wyk totaal feroare hat. Dat wie alles al foardat der sprake wie fan Vogelaarwiken. Yn dat ramt binne mar in pear boarterstúntsjes opknapt.
Op de flats fan Heechterp is in sinne-enerzjysintrale dy't doe ien fan de grutste yn Nederlân wie[2].
De Moskee Assalam stiet yn de wyk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |