Wielenpôle
De Wielenpôle is in buert yn de wyk Potmargesône yn de stêd Ljouwert.
Wielenpôle leit súdeastlik fan de binnenstêd fan Ljouwert, besuden de Skipsbuert. De wyk wurdt omjûn troch wetter en wegen. Wielenpôle is foar it grutste diel fuort nei de Twadde Wrâldkriich boud. It is in folksbuert mei lege ynkommensgroepen en der wenje in soad bern en ienâlderhúshâldings. De wyk is boud oan in Ljouwerter útfalsdyk tusken de Tynjedyk en de Aldlânsdyk. De stjitten binne neamd nei Fryske wetters. It wyksintrum hjit 'De Kobbekoai'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |