Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

It Kanaal is de see (of brede seestrjitte) tusken Grut-Brittanje en de Jeropeeske fêste wâl, en in ferbining tusken de Noardsee en de Atlantyske Oseaan. De middeldjipte fan it Kanaal is sa'n 60m, en healweis, tusken Dover en Calais, is in trochgong dy't mar 31km breed is, it Nau fan Calais.

It Kanaal
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken súdlik Ingelân en
   noardlik Frankryk
lân Feriene Keninkryk
Frankryk
Guernsey
Jersey
koördinaten 50°02′ N, 2°00′ W
ûnderdiel fan Atlantyske Oseaan
sifers
maks. lingte 560 km
maks. breedte 240 km
oerflak 75.000 km²
djiptegemiddelde 63 m
djipste punt 174 m
It Nau fan Calais, mei dêrûnder de Eurotunnel.
It Nau fan Calais, mei dêrûnder de Eurotunnel.

It kanaal wurdt yntensyf brûkt troch de skipfeart tusken Noard-Jeropa en Súd-Jeropa en fierder. It ferkear is sa drok dat der ferkearsbanen oanwiisd binne om botsings fan de grutte skippen, lykas de oaljeskippen foar Rotterdam, foar te kommen.

Om't it tij fan west nei east giet, rint it oan de súdwestkant in Kanaal yn, en wurdt dêrby fuortsterke troch de trachterfoarm fan de seestrjitte. Wat tichter by it Nau fan Calais, wat grutter it tijferskil. In oar gefolch hjirfan is dat benoarden it Nau en yn de súdlike Noardsee it tij letter is as it neffens de geografyske lingte wêze moatte soe.

Troch de Eurotunnel tusken Folkestone (Grut-Brittanje) en Sangatte (Frankryk) hat Grut-Brittanje sûnt 1994 in treinferbining mei de rest fan de Europeeske fêstewâl.

Yn de lêste iistiid wie de hichte fan it wetter sa likernôch 120 meter leger as hjoed de dei. Dêrtroch lei in grut part fan it kanaal drûch, wêrtroch de Britske eilannen mei de fêstewâl ferbûn wienen. Neffens ûndersiken wie der in grutte rivier dy't nei it súdwesten streamde en útmûne yn de Atlantyske Oseaan. Dy rivier wie ûnder oare ferbûn mei de Ryn, Seine en Teems.

Doe't it iis fuortteide ûntstie yn it súdlike diel fan de hjoeddeiske Noardsee in grutte swietwettermar. It teiwetter koe net nei it noarden omdat de Noardsee noch hieltyd tichtferzen wie. Sa'n 12.000 jier lyn koe it swietwetter troch it Nau fan Calais yn de Atlantyske Oseaan streame.