Rânesee
In rânesee (net te betiizjen mei in binnensee) is in see oan 'e râne fan in oseaan, deunby de kust fan in kontinint. Sokke seeën wurde gauris troch skiereilannen, eilannen, eilannegroepen of ûnderseeske berchrêgen fan 'e iepen oseaan skaat. It ferskil mei in binnensee is dat dy hielendal of frijwol hielendal troch lân omsletten wurdt. Nettsjinsteande dat kin in binnensee ek tagelyk in rânesee wêze as der in direkte ferbining bestiet mei de iepen oseaan (lykas yn it gefal fan 'e Middellânske See, dat sawol in binnensee is, as in rânesee fan 'e Atlantyske Oseaan). 'Echte' binnenseeën (lykas de Kaspyske See) wurde folslein troch lân omsletten.
- Foarbylden fan râneseeën fan 'e Atlantyske Oseaan binne: de Chesapeakebaai, Eastsee, Golf fan Biskaje, Golf fan Guinee, Golf fan Meksiko, Ierske See, It Kanaal, Karibyske See, Keltyske See, Labradorsee, Middellânske See, Noardsee, Noarske See en Skotske See.
- Foarbylden fan râneseeën fan 'e Stille Oseaan binne: de Arafuerasee, Beringsee, Eastsineeske See, Floaressee, Golf fan Alaska, Golf fan Kalifornje, Golf fan Tailân, Japanske See, Koraalsee, Salisjaanske See, See fan Ochotsk, Súdsineeske See en Tasmansee.
- Foarbylden fan râneseeën fan 'e Yndyske Oseaan binne: de Andamaanske See, Arabyske See, Golf fan Aden, Golf fan Bingalen, Perzyske Golf, Reade See, Strjitte fan Mozambyk en Timorsee.
- Foarbylden fan râneseeën fan 'e Noardlike Iissee binne: de Baffinbaai, Barentssee, Beaufortsee, Eastsibearyske See, Grienlânsee, Hudsonbaai, Karasee, Laptevsee, Lincolnsee en Tsjûktsjensee.
- Foarbylden fan râneseeën fan 'e Súdlike Oseaan binne: de Amundsensee, Davissee, Grutte Australyske Bocht, Ross-see en Weddellsee.
Guon 'lytsere' seeën hawwe sels ek wer râneseeën, dy't dan yndirekte râneseeën binne fan 'e oseaan dêr't de 'memmesee' ta heart. Men kin dan tinke oan 'e Finske Golf, de Botnyske Golf en de Golf fan Riga, dat râneseeën binne fan 'e Eastsee, it Skagerrak en it Kattegat, dat râneseeën binne fan 'e Noardsee, de See fan Azov, in rânesee fan 'e Swarte See, en de Adriatyske See, Alboransee, Baleaarske See, Egeyske See, Golf fan Sirte, Ioanyske See, Levantynske See, Libyske See, Ligueryske See, See fan Sardynje en Tyrreenske See, dat râneseeën binne fan 'e Middellânske See.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |