Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Kijimi (útspr.: [kiˈʤiːmi], likernôch: "ky-dzjii-my") is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Kijimi makket diel út fan it planetestelsel mei deselde namme, yn 'e sektor Bryx fan 'e Midrâne fan it Stjerrestelsel. It is in terrestryske planeet mei in diameter fan krapoan 9.900 km, mar sûnder eigen moannen. It oerflak is fierhinne oerdutsen mei berchtmen. De atmosfear is sykhelber foar de measte libbensfoarmen, mar it klimaat is tige kâld.

Kijimi sa't de planeet te sjen is yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019).

Der hat him op Kijimi nea in yntelligint soarte fan bûtenierdske wêzens ûntjûn. De befolking, dy't nei skatting 310 miljoen bedraacht, bestiet foar it meastepart út minsken, Anzellanen en Boosodianen. De grutste stêd op 'e planeet hjit ek Kijimi. Der is gjin sintraal regear op Kijimi, en der hearsket op 'e wrâld winliken anargy, wêrby't ferskate misdiesyndikaten foar master opslane.

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker is te sjen hoe't de faksistoïde Earste Oarder Kijimi beset hat en der in wier skrikbewâld fiert, wêrby't bygelyks bern ûntfierd wurde om oplaat te wurden ta nije stoarmtroepers. In groep leden fan it Ferset, besteande út Poe Dameron, Finn, Rey en de robots C-3PO en BB-8, docht Kijimi oan as se in ekspêr yn roboatika sykje dy't it ûnthâld fan C-3PO wiskje kin sadat er in ynskripsje yn 'e taal fan 'e Sith foar harren oersette kin. (Om fersprieding fan 'e boasaardige ideeën fan 'e Sith foar te kommen wurdt dat nammentlik oars troch syn programmatuer ferbean.)

Hja treffe dêr Zorii Bliss, de liedster fan in binde smokkelders dêr't Dameron foarhinne ek ta hearde. It wurdt dúdlik dat Dameron en Zorii dêrnjonken ek behelle west hawwe yn in romantyske relaasje en dat se net as freonen útinoar gien binne doe't hy ôfsette om him by it Ferset te jaan. Rey hellet Zorii lykwols oer om harren te helpen, en se liedt de fersetslju nei de robotsmid Babu Frik ta, dy't de ûnthâldswisking útfiert. Underwilens fernimt Rey, dy't sterk yn de Krêft is, de oanwêzigens fan harren deawaande selskipsman Chewbacca oan board fan in stjerreslachskip fan 'e Earste Oarder yn in baan om Kijimi. Sy, Dameron en de oaren weagje in riskante ynfiltraasje fan it skip om him te rêden.

Letter, nei't Rey de Sith-ridder Kylo Ren oerhelle hat nei de ljochte kant fan 'e Krêft, befellet in poerrazene keizer Palpatine oan generaal Enric Pryde om in planeet te ferneatigjen dêr't it Ferset konneksjes hat. Pryde jout dêrnei lieding oan 'e ferdylging fan Kijimi by wize fan machtsdemonstraasje. De Earste Oarder lûkt alle troepen fan it planeetoerflak werom, wêrnei't it stjerreslachskip de Derriphan de wrâld mei syn superlaserkanon ferneatiget. Zorii Bliss, Babu Frik en ferskate oare bewenners mei de beskikking oer eigen romteskippen witte lykwols op 'e tiid te ûntkommen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin