Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Tatooine (útspr.: [ˌtætuˈiːn], likernôch: "tet-tû-iin") is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, wêrfan't it oerflak foar it measte part út woastinen bestiet. It is in bêzjekleurige, desolate wrâld, dy't in baan folget om in binêre stjer. It grutste en wichtichste plak op Tatooine is Mos Eisley, dat in broeinêst fan misdie is. Tatooine is de thúsplaneet fan 'e Skywalker-famylje. Sawol Luke Skywalker, de haadpersoan yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, as syn heit Anakin, de haadpersoan yn 'e Star Wars-prequeltrilogy, komme der wei. It is teffens de planeet dêr't de Jedi-master Obi-Wan Kenobi ûnderdûkt nei de útrûging fan 'e Jedi-oarder op befel fan 'e boasaardige keizer Palpatine.

De planeet Tatooine sa't dy toand waard yn 'e spesjale, remastere edysje fan 'e film Star Wars, út 1997.

De lokaasje fan Tatooine oan 'e wetteleaze râne fan it Stjerrestelsel hat derfoar soarge dat it in ûnderûntwikkele planeet bleaun is, dêr't de organisearre misdie foar master opslacht. De Keizerlike stoarmtroepers dy't der legere binne, sjogge faak de oare kant út as it giet om 'e hanthavening fan 'e wet. Tatooine wurdt bewenne troch ferskate yntelliginte libbensfoarmen, wêrfan't minsken kolonisten binne dy't har relatyf resint op 'e planeet fêstige hawwe. In protte minsken besykje yn 'e woastyn in bestean op te bouwen as 'fochtboer', troch it opfangen fan wetterdamp. Omreden fan it ûnherberchsume klimaat libje hja ornaris yn ûndergrûnske wenten.

De Hutts, dy't der útsjogge as reuseftige slakken, binne likemin lânseigen op Tatooine, mar hja behearskje dêr de ûnderwrâld. Wol lânseigen binne de Jawa's, humanoïde kjifdiereftige rommelsikers en sjacherders, dy't yn nomadyske clans yn grutte sânkrûpers troch de woastyn doarmje. De oare yntelliginte lânseigen libbensfoarm op Tatooine binne de Tuskenkapers, ek wol bekend as it Sânfolk. Dat binne fûleindich ûnôfhinklike, humanoïde nomaden mei in reputaasje foar kriichshaftigens, dy't lykwols ek tige byleauwich binne. Ta de lânseigen floara en fauna op Tatooine hearre de bantha's, de grutte mar trage riid- en lêstdieren fan 'e Tuskenkapers, en de sarlacc, in reuseftige, semy-selsbewuste, ymmobile, omnivoare plantesoarte.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin