Kreakbienfisken
De kreakbienfisken (Latynske namme: Chondrichthyes) foarmje in klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata) en de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata). De wittenskiplike namme fan dizze taksonomyske groep komt fan it Grykske χονδρ, chondr-, dat "kreakbien" betsjut, en ἰχθύς, ichthys, dat "fisk" betsjut.
Kreakbienfisken | ||
In minskehaai of wite haai. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
ûnderryk: | echte dieren (Metazoa) | |
(sûnder rang): | weefseldieren (Eumetazoa) | |
tuskenryk: | twasidigen (Bilateria) | |
(sûnder rang): | termdieren (Nephrozoa) | |
boppestamme: | nijmûnigen (Deuterostomata) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
tuskenstamme: | kaakdieren (Gnathostomata) | |
klasse: | kreakbienfisken (Chondrichthyes) | |
Huxley, 1880 | ||
Skaaimerken
bewurkje seksjeKreakbienfisken binne fisken mei kaken, dy't oer yn pearen foarkommende finnen beskikke. Har hûd is oerdutsen mei tige fine skobkes, en wurdt yn beskate minsklike kultueren wol brûkt om hout en oare materialen mei te skjirjen. Fierders sykhelje kreakbienfisken troch kiuwen. Se ûnderskiede har fan 'e bienfiskeftigen (Osteichthyes), de oare grutte fiskegroep, trochdat har skelet folslein út kreakbien bestiet ynstee fan út bien.
Ferdieling
bewurkje seksjeDe klasse fan 'e kreakbienfisken falt útinoar yn twa ûnderklassen: dy fan 'e seekateftigen (Holocephali), mei as iennichste noch libbene groep de seekatten (Chimaeriformes), en dy fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), dêr't, sa't de namme al oanjout, de haaien (Selachii of Selachimorpha) en de roggen (Batoidea) ta hearre.
Under de haaien binne guon fan 'e grutste seerôfdieren dy't noch besteane, lykas de minskehaai of wite haai (Carcharodon carcharias), de tigerhaai (Galeocerdo cuvier) en de bollehaai of Sambezyhaai (Carcharhinus leucas). Dizze soarten meitsje elts jier wol inkele deadlike slachtoffers ûnder minsklike swimmers en wettersporters. Megalodon, in útstoarne haaiesoarte út it Senozoïkum dy't yn alle oseanen foarkaam, koe 20⅓ m lang wurde en wie nei alle gedachten it grutste seerôfdier út 'e skiednis fan 'e wringedieren. De grutste rôfhaai fan hjoed de dei is de minskehaai, dy't in lingte fan likernôch 6 m berikke kin. Oare haaien binne krekt foar minsken folslein ûngefaarlike wetterfilterders, dy't soöplankton út it seewetter seve en hielendal gjin gebit hawwe. Foarbylden dêrfan binne de reuzehaai (Cetorhinus maximus) en de walfiskhaai (Rhincodon typus), de grutste fisk fan 'e wrâld, dy't wol 16 m lang wurde kin. Roggen kinne omskreaun wurde as ôfplatte haaien, dy't op 'e seeboaiem libje. Ek dy binne net ûngefaarlik foar minsken, mei't se faak in gemien skerpe stikel oan 'e sturt hawwe.
Klassifikaasje
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|