Library of Congress
De Library of Congress ("Kongresbibleteek") is de offisjele neislachbibleteek foar de wetjaande macht fan it regear fan de Feriene Steaten, d.w.s. foar it Amerikaanske Kongres. Dêrnjonken is it de facto de nasjonale bibleteek fan 'e Feriene Steaten, dy't fungearret as in steatsargyf, dêr't twa eksimplaren fan alle yn de Feriene Steaten útjûne boeken en tydskriften (en in protte fan dêrbûten) opslein wurde. Datoangeande ferfollet de Library of Congress deselde funksje as dy't yn Nederlân de Keninklike Bibleteek yn De Haach hat en yn Fryslân Tresoar. Metten neffens it oantal foarwerpen dat der bewarre wurdt, is de Library of Congress de grutste bibleteek fan de wrâld. Hy is fêstige yn trije gebouwen yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. en ien op it plattelân fan Firginia, en is net inkeld tagonklik foar kongresleden, mar ek foar it Amerikaanske publyk. Lykwols kinne allinnich pommeranten fan it Amerikaanske regear der boeken útliene.
Library of Congress | |
---|---|
flagge | embleem |
algemiene gegevens | |
namme folút | Library of Congress ("Kongresbibleteek") |
ôfkoarting | LoC of LOC (net folle brûkt) |
lân | Feriene Steaten |
oprjochte | 1800 |
falt ûnder | it Amerikaanske Kongres |
doel | ● neislachbibleteek foar de Am. wetjaande macht; ● steatsargyf fan alle boeken dy't yn 'e F.S. útjûn wurde |
sifers | |
wurknimmers | 3.224 (2014) |
jierliks budget | $598.402.000 (2014) |
oar | |
webside | www.loc.gov |
Skiednis
bewurkje seksjeDe Library of Congress is de âldste federale kulturele ynstânsje yn 'e Feriene Steaten. Nei't er alve jier lang yn provisoaryske omstannichheden yn de tydlike haadstêden New York en Philadelphia fêstige west hie, waard er yn 1800 ferhuze nei de nije federale haadstêd Washington, D.C., dêr't er ûnderbrocht waard yn it Kapitoal, de sit fan it Amerikaanske Kongres. It grutste part fan de oarspronklike kolleksje gie ferlern doe't de Britten yn 1814, ûnder de saneamde Oarloch fan 1812, Washington platbaarnden. Om de ynstelling wer yn âlde gloarje werom te bringen, bea de eardere presidint Thomas Jefferson it Kongres yn 1815 syn persoanlike kolleksje fan 6.487 boeken te keap oan. Dat wie in unike samling, seker foar dy tiid, mei't it de wurkbibleteek fan in wittenskipper wie ynstee fan 'e pronkkolleksje fan in hear fan stân.
Nei in perioade fan stadige groei waard de Library of Congress yn 1851 foar de twadde kear troch in slimmen brân troffen, diskear feroarsake troch in ûngelok. Op 'e nij gie in grut diel fan 'e kolleksje ferlern, mei dêrûnder ek withoefolle fan Jefferson syn boeken. Nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, yn 1865, briek der lykwols in tiid fan flugge groei foar de bibleteek oan, sawol wat omfang as ynfloed oanbelange. Der waard in kampanje opset om alle earder ferlern giene boeken op 'e nij oan te skaffen út oare, priveebiblioteken. Yn dyselde snuorje krige de Library of Congress ek it wetlik fêstleine rjocht om fan alle yn 'e Feriene Steaten publisearre wurken dêr't copyright op rêst twa eksimplaren te ûntfangen foar in nasjonale kolleksje. Dêrnjonken waard úteinset mei kolleksjes fan boeken út Grut-Brittanje en oare Jeropeeske lannen, en letter kamen dêr ek boeken by út oare Ingelsktalige lannen (Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Ierlân, ensfh.) en út Latynsk-Amearika en Aazje.
Sadwaande groeide it tal boeken en oare foarwerpen fan de Library of Congress fan likernôch 300.000 yn 1876 oant 840.000 yn 1897. It sprekt fansels dat troch sa'n omraak úttinjen fan de kolleksje wol romtegebrek ûntstean moast. Dat, fan 1888 oant 1894 liet men op Capitol Hill, foar it eigentlike Kapitoal oer, in withoegrut nij bibleteekgebou sette, yn 'e Beaux Arts-styl, mei fresko's, skilderijen, moarmerne hallen, treppen en pylders, fike houtene linings en balustrades en in koepel fan glês-yn-lead. Dit gebou waard it Thomas Jefferson Building neamd, en it is noch altyd it haadgebou fan 'e Library of Congress.
Under it bestjoer fan Herbert Putnam, dy't fjirtich jier lang as direkteur oan it haad fan de Library of Congress stie, fan 1899 oant 1939, gie de útwreiding fluch fierder. Yn 1901 waard it oantal fan 1 miljoen boeken en oare foarwerpen berikt. Presidint Theodore Roosevelt furdige yn 1903 in dekreet út dat de papierren fan de Founding Fathers, dy't oant doe ta beheard wiene troch it Amerikaansk Ministearje fan Bûtenlânske Saken, oerdroegen wurde moasten oan de Library of Congress. Yn 1906 waard de priveebibleteek fan in G.V. Judin oankocht, besteande út 80.000 Russyske boeken, en yn 1908 de Schatz-kolleksje, fan iere operalibretto's. Mear fan sokke oankeapen folgen, wêrûnder dy fan samlingen fan Hebriuwske, Sineeske en Japanske literatuer, en yn 'e tritiger jierren de Russyske keizerlike kolleksje fan 2.600 boeken.
Hoewol't mei sokke oankeapen witwat jild muoid wie, wie de Amerikaanske polityk der net op tsjin. Krektoarsom, yn 1929 naam it Kongres sels it inisjatyf om foar $1,5 miljoen de kolleksje fan Otto Volbehr oan te skaffen, mei dêrûnder ien fan mar trije oerbleaune ûnskansearre eksimplaren fan 'e Gutenbergbibel. Uteinlik rekke troch it oanhâldende oanwinnen fan 'e kolleksje sels it nije gebou fol, nettsjinsteande útwreidings fan plankromte yn 1910 en 1927. Yn 1928 kocht it Kongres deunby in perseel oan dêr't in bygebou oanlein waard, dat it John Adams Building kaam te hjitten. Om't de bou fertrage waard troch de Grutte Depresje, waard it pas oplevere yn 1938 en iepene yn 1939.
Putnam syn opfolger, Archibald MacLeish, dy't de bibleteek late ûnder de Twadde Wrâldoarloch, fan 1939 oant 1944, is nettsjinsteande syn koarte termyn de bekendste direkteur út 'e skiednis fan de Library of Congress. Hy kante him fûleindich oan tsjin faksisme en sette syn personeel yn om 'e Amerikaanske Striidkrêften yn de oarloch te stypjen troch alderhanne needsaaklike ynformaasje út 'e kolleksje op te djipjen. Sa sochten de meiwurkers fan 'e Library of Congress bygelyks foar de Amerikaanske Loftmacht út hoe't de luchtstreamings boppe de Himalaya wiene yn 'e tiid fan it jier dat Amerikaanske piloaten oer dat berchtme fleane moasten. Under Luther H. Evans, dy't fan 1944 oant 1953 direkteur wie, waard de kolleksje fannijs útwreide, wylst teffens de wize fan katalogisearring op 'e nij besjoen waard. Troch nije konneksjes mei Westeeropeeske lannen koene dêr goede oankeapen dien wurde, wylst de Library of Congress yn Japan behelle wie yn de oprjochting fan de Bibleteek fan it Japanske Parlemint.
Under L. Quincy Mumford, de opfolger fan Evans, dy't direkteur wie fan 1953 oant 1974, lei de Library of Congress him mear ta op it ûnderwiis. Yn 1965 naam it Kongres in wet oan dy't de bibleteek tastimming joech om skinkings en finansjele middels út neilittenskippen oan te nimmen. Neitiid waarden grutte bedraggen oan de Library of Congress taparte troch foaroansteande Amerikanen, lykas de sakeman John D. Rockefeller. Fan Gertrude Clarke Whittall ûntfong de bibleteek fiif Stradivarius-fioelen. Al mei al barste de bibleteek tsjin de santiger jierren alwer hast út syn foegen, dat yn 1971 waard úteinset mei de oanlis fan in trêde gebou, it James Madison Memorial Building dat yn 1976 reekaam.
Under de direkteuren Daniel J. Boorstin (1974-1987) en James H. Billington (sûnt 1987) groeide de Library of Congres stadich troch. Sa waard yn 1988 as ûnderdiel fan 'e bibleteek de National Film Preservation Board (NFPB) oprjochte, dy't it behear krige oer it National Film Registry, dêr't it Amerikaanske erfgoed op it mêd fan films oan tabetroud waard. Nei de ein fan 'e Kâlde Oarloch waarden nije bannen oanknope mei Eastjeropeeske lannen en wie de Library of Congress belutsen by de oprjochting fan ferskate parlemintsbiblioteken yn dy regio. Fan 'e njoggentiger jierren ôf wurket de Library of Congress oan 'e digitalisearring fan syn kolleksje, mar hy eigenet him ek noch altyd nije taken ta. Sa kundige de bibleteek yn april 2010 oan dat alle iepenbiere kommunikaasje fia Twitter fanôf it begjin fan dat medium yn maart 2006 opslein en bewarre wurde soe. It ien en oar yn ferbân mei de taak fan 'e bibleteek by it sammeljen fan persoanlike ferslaggen fan de skiednis.
Hjoeddeistige kolleksje
bewurkje seksjeDe kolleksje fan de Library of Congress omfettet mear as 32 miljoen katalogisearre boeken en oar printe materiaal yn 470 ûnderskate talen; mear as 61 miljoen manuskripten; de grutste samling fan seldsume boeken yn Noard-Amearika (ynklusyf de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring en in Gutenbergbibel); mear as 1 miljoen publikaasjes fan 'e Amerikaanske oerheid; 1 miljoen eksimplaren fan kranten fan oer de hiele wrâld út in perioade fan trije iuwen; 33.000 ynbûne kranteboeken; 500.000 mikrofilmkes; mear as 120.000 stripboeken; 5,3 miljoen lânkaarten; 6 miljoen wurken fan blêdmuzyk; 3 miljoen lûdsopnamen; mear as 14,7 miljoen tekeningen, printen en foto's (ynkl. keunstwurken en arsjitektoanyske blaudrukken); alle Amerikaanske en in protte bûtenlânske films dy't sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw ferskynd binne (ynsafier't dy bewarre bleaun binne); en in ferskaat oan oare foarwerpen, lykas de al neamde Stradivarius-fioelen. Eltse dei arriviearje der rûchwei 22.000 nije boeken en oare Amerikaanske publikaasjes, en dêr komt alle bûtenlânske spul noch by.
Fêstigings
bewurkje seksjeDe Library of Congress is tsjintwurdich fêstige yn fjouwer gebouwen op twa lokaasjes. It Thomas Jefferson Building, it John Adams Building en it James Madison Memorial Building steane op in klútsje op Capitol Hill, yn de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Dizze trije gebouwen binne fia ûndergrûnske gongen mei-inoar ferbûn, sadat in bibleteekbesiker mar ien kear troch de befeiliging hinne hoecht. Se binne neamd nei trije iere presidinten fan 'e Feriene Steaten: Thomas Jefferson (1801-1809), John Adams (1797-1801) en James Madison (1809-1817). Dêrnjonken besteane noch op ferskate plakken depindânses dy't inkeld foar wurknimmers tagonklik binne, foar de opslach fan guod dêr't net in soad fraach nei is.
Yn 2007 waard fierders noch in fjirde offisjele gebou iepene, de saneamde Packard Campus for Audio-Visual Conservation, yn Culpeper, op it plattelân fan de steat Firginia. Dy is fêstige is yn in âld opslachplak fan de Amerikaanske Federale Bank anneks bunker út 'e Kâlde Oarloch, dêr't no de film-, tillefyzje- en lûdsopnamekolleksjes fan de Library of Congress bewarre wurde. It gebou is ferneamd nei de filantroop David Woodley Packard, de soan fan Hewlett-Packard-oprjochter David Packard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|