Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Ingelsk

Westgermaanske taal

It Ingelsk (Ingelsk: English) is in Westgermaanske taal, dy't him ûntjoech yn it Midsiuwske Ingelân, mar tsjintwurdich ta in wrâldwide lingua franca wurden is. It Ingelsk ûntstie út 'e taal fan 'e Angelsaksen, in befolkingsgroep dy't oarspronklik fan 'e Noardseekust op it Jeropeeske fêstelân ôfkomstich wie. De Angelsaksyske taalgroep, dêr't it Ingelsk ta heart, is sadwaande it naust besibbe oan 'e Fryske talen, dy't noch altyd yn dat gebiet sprutsen wurde, mar de wurdskat fan it Ingelsk is sterk beynfloede troch it Aldnoarsk en troch Romaanske talen, yn 't bysûnder it Frânsk. It Ingelsk is no de of in offisjele taal yn 64 ûnôfhinklike lannen en 31 ôfhinklike territoaria, mar wurdt it measte sprutsen yn it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Súd-Afrika, Ierlân, Nij-Seelân en it Karibysk Gebiet. Mei sa'n 400 miljoen memmetaalsprekkers wie it yn 2006 de op twa nei grutste taal fan 'e wrâld (nei it Mandarynsk en it Spaansk).

Ingelsk
algemien
eigen namme English
lânseigen yn Feriene Keninkryk:
   ● Ingelân (fan oarsprong)
tal sprekkers 400 miljoen (2016)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Angelsaksysk
          ● Ingelsk
dialekten sjoch by 'Dialekten'
taalstatus
offisjele status ● 64 lannen
● 32 ôfhinklike territoaria
● grut tal organisaasjes
sjoch fierder by 'Taalstatus'
taalkoades
ISO 639-1 en
ISO 639-2 eng
ISO 639-3 eng

Taalbesibskip

bewurkje seksje

It Ingelsk heart ta de Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje en wurdt dêrbinnen mei û.o. it Dútsk, Deensk en Sweedsk ta de Germaanske talen rekkene. Mei û.m. it Dútsk en Nederlânsk foarmet it de Westgermaanske talen, wêrfan't de Noardwestgermaanske kloft wer útinoar falt yn 'e Fryske talen, mei û.o. it Westerlauwersk Frysk, en de Angelsaksyske talen. Dy lêste groep omfiemet behalven it Ingelsk ek it nau besibbe Skotsk en de útstoarne talen Fingaalsk en Yola, dy't foarhinne yn eastlik, resp. súdeastlik Ierlân sprutsen waarden.

Hoewol't de âldste foarm fan it Ingelsk, it Aldingelsk (of Angelsaksysk), tige nau besibbe wie oan it Aldfrysk, binne dy talen neitiid alhiel útinoar groeid. Nettsjinsteande it feit dat in diel fan 'e wurdskat fan beide talen noch in dúdlik mienskiplik komôf sjen lit (cheese - "tsiis"; green - "grien"; little - "lyts"; rain - "rein"; ensfh.), ferskille it moderne Ingelsk en Frysk sterk faninoar. De wichtichste redens dêrfoar binne de relative isolaasje fan it Ingelsk fan 'e oare Westgermaanske talen troch syn geografyske posysje op 'e Britske Eilannen, en de sterke ynfloed dy't it Ingelsk ûndergien hat fan it Aldnoarsk en it Frânsk (wylst it Frysk just sterk ûnder ynfloed fan it Nederlânsk kommen is te stean).

It Ingelsk kin opdield wurde yn trije histoaryske taalstadia:

Ta yllústraasje fan 'e ferskillen tusken dizze trije taalstadia it folgjende foarbyld:

taal foarbyldsin
Frysk: "Foksen hawwe hoalen en de fûgels fan 'e himel nêsten."
Aldingelsk: Foxas habbað holu and heofonan fuglas nest.
Midingelsk: Foxis han holes, and briddis of heuene han nestis.
Nijingelsk: Foxes have holes and the birds of heaven have nests.
 
De iepening fan it Aldingelske epos Beowulf: Hƿæt ƿē Gārde / na ingēar dagum þēod cyninga / þrym ge frunon...

De Nijingelske perioade kin noch fierder opdield wurde yn:

  De Wikipedy hat ek in side Aldingelsk.

De âldste foarm fan it Ingelsk wurdt it Aldingelsk of ek wol it Angelsaksysk neamd. Dat ûntjoech him út in stikmannich Noardwestgermaanske dialekten dy't oarspronklik by de Noardseekust lâns sprutsen waarden, fan Jutlân fia wat no Sleeswyk-Holstein en Nedersaksen is, oant yn Westerlauwersk Fryslân. Lju út dy kriten, de Saksen, Angelen en yn mindere mjitte ek Jutten en Friezen, ferlieten yn 'e rin fan 'e fyfde iuw, ûnder it Grutte Folkeferfarren, harren wengebieten om har op 'e Britske Eilannen te fêstigjen. Dy kolonisten kamen mei-inoar de Angelsaksen te hjitten, in gearlûking fan 'e etnonimen 'Angelen' en 'Saksen'. Omtrint 550 wiene der safolle ferskillen ûntstien tusken de dialekten fan 'e Angelsaksen en de taalfarianten fan harren op it Jeropeeske fêstelân efterbleaune sibben, dat der foar it earst sprutsen wurde koe fan in Angelsaksyske taal. Tsjin 'e sânde iuw hie it Angelsaksysk yn Ingelân en súdlik Skotlân in dominante posysje oernommen fan it Mienbrytoanysk, in Keltyske taal, en it Latyn (dat ûnder de iuwen fan Romeinske oerhearsking op 'e Britske Eilannen woartelsketten hie).

It Aldingelsk koe opdield wurde yn fjouwer dialekten: it fan oarsprong Angelske Mersiaansk en Noardumbrysk en it fan oarsprong Saksyske Kentysk en Westsaksysk. Trochdat it Keninkryk Wesseks yn 'e njoggende iuw de oare Angelsaksyske keninkriken oermânsk waard, wist it Westsaksysk him úteinlik ta de standertskriuwtaal te ûntwikkeljen. Sadwaande is yn dat dialekt bgl. it ferneamde epos Beowulf skreaun. De oare dialekten wiene lykwols gjin dearinnende wegen, want it Westsaksysk strûpte der letter ûnder, en it moderne Ingelsk komt fierhinne fuort út it Mersiaansk, wylst de Skotske taal fuortboude op 'e grûnslach fan it Noardumbryske dialekt. It Aldingelsk waard yn 't earstoan skreaun yn runen, mar fan 'e sechsde iuw ôf waard in oanpaste foarm fan it Latynske alfabet brûkt, dat de op runen basearre letters wynn (ƿ, foar de 'w' fan "skowe") en thorn (þ, foar de stimleaze th fan thin) omfieme, en teffens de oanpaste Latynske lettertekens eth (ð, foar de stimhawwende th fan this) en ash (æ, foar in fokaal dy't liket op 'e e fan "pet", mar fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen wurdt).

  De Wikipedy hat ek in side Midingelsk.

De Normandyske Ynvaazje fan 1066 wurdt yn 'e regel oanholden as it begjinpunt fan it Midingelsk, mar de ûntwikkeling fan 'e Ingelske taal fan Aldingelsk nei Midingelsk wie feitliks in iuwenlang proses fan stadige feroarings. Foar in part kamen dy fuort út 'normale' taalûntwikkeling, mei't libbene talen altyd oan it feroarjen binne. Mar dêrnjonken ûndergie it Ingelsk ek in sterke ynfloed fan it Aldnoarsk nei't it noarden fan Ingelân yn 'e achtste en de njoggende iuw fierhinne troch Noaren kolonisearre waard. Hoewol't dy kolonisten úteinlik opgiene yn 'e Ingelske befolking, lieten se dúdlike linguïstyske spoaren nei. Dy waarden allinne mar fuortsterke doe't hiel Ingelân tusken 1013 en 1042 troch de Denen oerhearske waard. Sa kaam it Ingelsk bygelyks oan wurden as tree ("beam") en egg ("aai"), en teffens waarden de Angelsaksyske foarnamwurden hie, him en hera ferfongen troch de op it Aldnoarsk basearre ekwivalinten they ("sy", meartal), them ("harren"), resp. their ("harren", besitlik).

Dat de Normandyske Ynvaazje en de ferovering fan it Keninkryk Ingelân troch Willem de Oermasterder útkeazen is as it brekpunt tusken de Aldingelske en Midingelske tiidrekken, komt om't dat it begjin wie fan in tige grutte ynfloed dy't op it Ingelsk útoefene waard troch it Aldnormandysk, in Romaanske taal dy't nau besibbe wie oan it Frânsk. Dat wie trouwens in twasidich proses, en úteinlik soe it Aldnormandysk him yn Ingelân troch de ynfloed fan it Ingelsk ûntjaan ta it Anglo-Normandysk. Nei de Normandyske Ynvaazje wie it iuwenlang sa dat de Ingelske adel Anglo-Normandysk spriek, wylst it sljochtwei folk Ingelsktalich wie. Sadwaande bestie de Normandyske ynfloed fierhinne út de ynfier fan in wiid ferskaat oan lienwurden dy't benammen te krijen hiene mei dingen dêr't de adel him mei dwaande hold: polityk, it rjocht en oarlochfiering, wylst der gjin of amper Normandyske lienwurden oernommen waarden op it mêd fan bgl. de lânbou of de fiskerij.

 
In houtfyk fan William Caxton syn twadde edysje fan The Canterbury Tales, printe yn 1483.

Behalven troch de oername fan in grut tal útlânske lienwurden ûnderskate it Midingelsk him ek troch in yngeande ferienfâldiging fan it Aldingelske namfallesysteem, nei alle gedachten om it Aldingelsk mear mei it Aldnoarsk yn oerienstimming te bringen, dat in oar stelsel fan ferbûgings hie, mar dêr't it morfologysk tige op liek. Yn elts gefal gie it ûnderskie tusken de nominatyf (earste namfal) en de akkusatyf (fjirde namfal) ferlern, útsein yn persoanlike foarnamwurden, ferdwûn de ynstrumintalis alhielendal en waard it gebrûk fan 'e genityf (twadde namfal) beheind ta it omskriuwen fan besit. Fierders waard in grut tal ûngeregelde ferbûgingsfoarmen ta geregelde foarmen makke, wylst stadichoan ek de sinsbou folle minder fleksibel waard.

Tsjin 'e ein fan 'e tolfde iuw wie it Midingelsk alhiel ûntjûn, en hie it him sawol de Aldnoarske as de Normandyske ynfloeden folslein eigen makke. Fanwegen dy grutte útlânske ynfloeden hawwe guon taalkundigen de stelling ferdigene dat it Ingelsk eins beskôge wurde kin as in mingtaal of in kreoalske taal. Hoewol't rûnom tajûn wurdt dat it Aldnoarsk en it Normandysk-Frânsk in yngeande ynfloed op it Ingelsk útoefene hawwe, wurdt dy teory, dy't de Midingelske kreoalske taalhypoteze neamd wurdt, ornaris ôfwiisd troch saakkundigen op it mêd fan 'e Ingelske taal.

It Midingelsk waard sprutsen oant it om 1500 hinne stadichoan oergie yn it Nijingelsk. Yn 'e Midingelske perioade krige it Ingelsk stadichoan mear prestiizje, benammen nei't der ûnder de Hûndertjierrige Oarloch (1337-1453) tsjin Frankryk in nasjonale Ingelske identiteit ûntstie dy't sawol de adel as it sljochtwei folk omfieme. Fanôf it regear fan Hindrik V fan Ingelân (1413-1422) naam it gebrûk fan it Anglo-Normandysk ôf, en yn 1430, ûnder it bewâld fan Hindrik VI, begûn it Keninklik Hof yn de Westminster syn offisjele dokuminten yn it Ingelsk op te stellen. Nei't William Caxton yn 1476 de earste boekdrukparse yn Ingelân yntrodusearre hie, naam de ynfloed fan it Ingelsk noch fierder ta. Foarbylden fan literatuer yn it Midingelsk binne The Canterbury Tales, fan Geoffrey Chaucer, en de ridderroman Sir Gawayne and the Grene Knyght.

Ier Modern Ingelsk

bewurkje seksje

It Nijingelske tiidrek, dat omtrint 1500 úteinsette, wurdt faak noch fierder ûnderferdield, wêrby't it âldste stadium bekend stiet as Ier Modern Ingelsk (1500-1700). Yn dy perioade fûn der fierdere ferienfâldiging en teffens standerdisaasje plak, mar it Ier Modern Ingelsk waard fral karakterisearre troch de Grutte Ingelske Klankferskowing. Dat wie in taalkundich proses dêr't de klank fan fokalen troch feroare: healiepen en iepen fokalen waard ferhege, wylst tichte fokalen ta twaklanken brutsen waarden. Om't dat proses in keatlingferoaring wie, wat sizze wol dat eltse klankferskowing ta in folgjende klankferskowing late, duorre it fan omtrint 1350 oant 1700.

Om in foarbyld te jaan: it wurd bite ("bite") waard yn it Midingelsk oarspronklik útsprutsen as [bi:t] (biit), mar ferskode ûnder de Grutte Ingelske Klankferskowing yn útspraak ta [bait] (bait). Krektsa ferskode late ("let") fan [la:t] (laat) nei [le:t] (leet). Om't it Ingelsk nea staveringsherfoarmings trochfierd hat en dus noch foar in wichtich diel as it Midingelsk skreaun wurdt, ferklearret dizze klankferskowing wêrom't in protte Ingelske fokalen in folslein oare útspraak hawwe as fokalen yn hast alle oare skreaune talen. Ek nei't de Grutte Ingelske Klankferskowing útwurke wie, hie it Ingelsk fan doe noch ferskillen mei de taal fan hjoed, mei't bgl. wurdinisjale konsonantklusters, lykas [kn], [ɡn] en [sw] yn wurden as knight ("ridder"), gnat ("langpoat"), resp. sword ("swurd") doe noch útsprutsen waarden, wylst se tsjinwurdich stil binne.

 
De foarside fan 'e earste útjefte fan Shakespeare syn Othello, út 1622.

It Ier Modern Ingelsk wie de taal fan 'e beruchte Tudor-kening Hindrik VIII, en fan 'e Elizabetaanske Tiid, doe't de Ingelske kultuer en literatuer in grutte bloei trochmakken. De meast foaroansteande literêre fertsjintwurdiger fan dit taalstadium is de ferneamde toanielskriuwer en dichter William Shakespeare. In protte fan 'e grammatikale eigenaardichheden dy't syn wurk hjoed oan 'e dei sa'n tipelsinnige en argayske lading jouwe, binne eins neat oars as treffende karakteristiken fan it Ier Modern Ingelsk. Mei oare wurden: Shakespeare skreau gewoan yn 'e sprektaal fan syn tiid, al hoe teätrysk oft syn taalgebrûk tsjintwurdich ek oandocht. Behalven it oeuvre fan Shakespeare wie ek de King James Bible, út 1611, in tige ynfloedrike Ingelske bibeloersetting, yn it Ier Modern Ingelsk skreaun.

Modern Ingelsk

bewurkje seksje

It Modern Ingelsk is it lêste taalstadium fan it Ingelsk, dat de perioade fan 1700 oant no beslacht. It wie benammen yn dy perioade dat it Ingelsk him ûntjoech ta in wrâldtaal troch it Britske kolonialisme en de geopolitike dominânsje fan Grut-Brittanje op it mêd fan hannel, wittenskip en technology, diplomasy, de skiene keunsten en ûnderwiis. Op dy manear koe it Ingelske taalgebiet him útwreidzje nei Noard-Amearika, Australaazje, it Karibysk Gebiet, it Yndyske subkontinint en dielen fan Afrika.

Yn 'e post-koloniale tiid ûntjoegen guon fan 'e eardere koloanjes, dêr't de Britten it Ingelsk yntrodusearre hiene, harren eigen taalnoarmen. Wylst yn Ingelân yn 1755 Samuel Johnson de Ingelske standerttaal fêstlei yn syn wurk A Dictionary of the English Language, ûntwurp Noah Webster yn 1828 in stavering foar it Amerikaansk-Ingelsk dy't op guon punten fan 'e Britsk-Ingelske noarmen ôfwykte. Sa kin it dat wurden as colour, flavour, to colonise en to organise yn 'e Feriene Steaten skreaun wurde as color, flavor, to colonize en to organize. Underwilens rekken yn Grut-Brittanje sels net-standerdisearre skaaimerken, dy't yn dialekten en taalfoarmen fan 'e legere maatskiplike klassen brûkt waarden, stigmatisearre, mei as gefolch dat sokke taaleleminten ûnder de middenstân fluch oan prestiizje (en gebrûk) ynboeten.

Oangeande de grammatikale ûntwikkeling kin steld wurde dat it Modern Ingelsk in stadium berikt hat wêryn't it namfalsysteem suver folslein ferdwûn is, en him inkeld noch uteret yn persoanlike foarnamwurden as he en him ("hy" en "him"), she en her ("sy" en "har") en who en whom ("wa" en "waam"), en yn 'e tafoeging fan 'e besitlike -'s yn foarmen as John's book ("Jans boek"). De sinsbou hat no in fêste folchoarder fan ûnderwerp-tiidwurd-saaklik foarwerp oannommen, en de to do-stipe yn fragen en ûntkennings (Do you see it? ynstee fan See you it?; If you don't come ynstee fan If you come not) is universeel ynfierd. It feroarjen fan ûngeregelde foarmen yn geregelde giet noch altyd stadich troch, lykas de mulwurd dreamt ("dreamd") en burnt, dy't hieltyd faker dreamed en burned wurde, en teffens wurde der almar faker analytyske alternativen brûkt foar ferbûgingen, bgl. more polite ("mear fatsoenlik") ynstee fan politer ("fatsoenliker").

Taalgebiet en taalynfloed

bewurkje seksje

It oarspronklike taalgebiet fan it Ingelsk besloech Ingelân, it súdeastlike diel fan wat it eilân Grut-Brittanje. Dêrby waard it begrinzge troch Skotlân yn it noarden, Wales yn it westen, Cornwall yn it súdwesten en seeën rûnom: de Noardsee yn it easten, it Nau fan Kalês yn it súdeasten, It Kanaal yn it suden, de Keltyske See en it Kanaal fan Bristol yn it súdwesten en de Ierske See yn it noardwesten. Under it koloniale tiidrek hat it Ingelsk him lykwols oan dy bannen ûntlutsen en is it oer de hiele wrâld ferspraat rekke. Sa kin it dat it hjoed dei sprutsen wurdt troch mienskippen op elts wrâlddiel en op 'e eilannen yn eltse oseaan.

 
It Ingelske taalgebiet yn Jeropa.

It Ingelsk is sadwaande no in plurisintryske taal, d.w.s. in taal mei mear as ien nasjonale autoriteit dy't de regels opsteld foar de stavering fan 'e standerfoarm. Dêrby giet it benammen om Grut-Brittanje en de Feriene Steaten, mei't de measte (oare) eardere Britske koloanjes de Britsk-Ingelske stavering folgje. Dochs is it Ingelsk gjin ferdielde taal, mei't de ferskillen tusken de Britsk-Ingelske en Amerikaansk-Ingelske stavering frij beheind binne en boppedat fierhinne stelselmjittich en dêrom foarsisber. De âlde grap, dy't oarspronklik troch George Bernard Shaw betocht wêze soe, dat Grut-Brittanje en de Feriene Steaten "twa lannen binne dy't ferdield wurde troch in mienskiplike taal," is dus eins net wier.

Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw is it Ingelsk net mear in 'Ingelske taal' yn 'e sin dat it útslutend taheart oan lju dy't etnysk Ingelsk binne of sels mar it Ingelsk as memmetaal sprekke. It gebrûk fan it Ingelsk as lingua franca tusken minsken dy't fan hûs út oars-talich binne, nimt nammentlik hân oer hân ta, sawol binnenlânsk as foar ynternasjonale kommunikaasje. In soad Ingelsksprekkers yn Afrika binne bgl. ûnderdiel wurden fan in 'Afrosaksyske' taalmienskip, dy't Afrikanen út in grut tal ûnderskate lannen ferienet. Doe't yn 'e 1950-er en 1960-er jierren it proses fan dekolonisaasje in ein makke oan it Britske Ryk, smieten de ûnôfhinklik wurden koloanjes it Ingelsk, de koloniale bestjoerstaal, net fier fan harren ôf, mar omearmen se dy krekt as in middel om in nije, feriene, nasjonale identiteit te smeien. It gefolch wie dat se harren eigen binnenlânske taalbelied op it mêd fan it Ingelsk ynfierden.

It Ingelsk hat him mei dêrtroch ûntjaan kinnen ta de earste wrâldwide lingua franca, en wurdt ek wol beskôge as de earste wrâldtaal. It is de meast brûkte taal fan 'e wrâld op it mêd fan kranten, boeken, ynternasjonale tillekommunikaasje, wittenskiplike publikaasjes, ynternasjonale hannel, massa-entertainment en diplomasy. Yn ynternasjonale ferdraggen is fêstlein dat it Ingelsk as grûnslach fungearret foar de kontrôletalen Seaspeak en Airspeak, dy't yn gebrûk binne as ferplichte fiertalen fan 'e skipfeart en de loftfeart.

Wêr't it Ingelsk foarhinne op ien line stie mei it Frânsk en it Dútsk op it mêd fan wittenskiplik ûndersyk, dominearret it dat terrein no folslein. It klom yn 1919, by de ûnderhannelings dy't liede soene ta it Ferdrach fan Versailles, op ta in gelikense status as it Frânsk yn 'e ynternasjonale diplomasy, en hie dy taal tsjin 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, doe't de Feriene Naasjes oprjochte waarden, al fier foarbystribbe. Sadwaande wurdt it Ingelsk no brûkt as it wichtichste middel foar kommunikaasje op it mêd fan ynternasjonale relaasjes. Kennis fan it Ingelsk is ek in betingst wurden om wurksum wêze te kinnen yn in stikmannich fakgebieten, lykas ynformatika en genêskunde.

De taname fan it wrâldwide gebrûk fan it Ingelsk hat makke dat it Ingelsk yn tanimmende mjitte ynfloed útoefenet op oare talen, benammen troch it opnimmen fan Ingelske lienwurden yn dy talen. Dêrby giet it foar in wichtich diel om wittenskiplike terminology, lykas in grut diel fan 'e nammen foar dingen dy't mei kompjûters te krijen hawwe (bgl. account, firewall, spreadsheet, ensfh.). Mar ek troch de Amerikaanske entertainmentyndustry, dy't mei syn films, popmuzyk en tillefyzjesearjes in ûnbidich grutte ynfloed op benammen de wrâldwide jongerein útoefenet, kringe almar mear Ingelske wurden en útdrukkings yn oare talen troch (bgl. anyway, by the way, for your information of f.y.i., ensfh.). Troch de opkomst fan 'e sosjale media is dy ynfloed allinne mar grutter wurden. Sokke ûntwikkelings hawwe mank sprekkers fan oare talen oanlieding jûn ta noed oer taalfersmoarging, taalferbastering en sels it mooglike úteinlike útstjerren fan talen.

It Ingelsk is in offisjele taal yn 64 lannen, 32 ôfhinklike territoaria, ferskate subnasjonale provinsjes en dielsteaten en fan in grut tal ynternasjonale organisaasjes.

 
De Ingelsktalige wrâld

lannen fan de wrâld dêr't it Ingelsk in offisjele status hat

   lannen en territoaria dêr't it Ingelsk in offisjele status hat èn de memmetaal is fan mear 50% fan 'e befolking
   lannen en territoaria dêr't it Ingelsk in offisjele status hat, mar de memmetaal is fan minder as 50% fan 'e befolking

Ingelsk as iennichste offisjele taal

bewurkje seksje

It Ingelsk is de iennichste (of iennichste lanlike) offisjele taal fan de folgjende gebieten en organisaasjes.

ûnôfhinklike lannen


ôfhinklike territoaria


subnasjonale dielsteaten


ynternasjonale organisaasjes (in seleksje)


Ingelsk ko-offisjeel mei 1 oare taal

bewurkje seksje

It Ingelsk is ko-offisjeel mei 1 oare offisjele taal yn de folgjende gebieten en organisaasjes.

ûnôfhinklike lannen


ôfhinklike territoaria
  •   Guernsey (hjir hat de oare taal in legere wetlike status as it Ingelsk)
  •   Jersey
  •   Man (hjir hat de oare taal in legere wetlike status as it Ingelsk)
  •   Niûé


subnasjonale dielsteaten


ynternasjonale organisaasjes (in seleksje)


Ingelsk ko-offisjeel mei 2 oare talen

bewurkje seksje

It Ingelsk is ko-offisjeel mei 2 oare offisjele talen yn de folgjende gebieten en organisaasjes.

ûnôfhinklike lannen


ôfhinklike territoaria
subnasjonale dielsteaten
ynternasjonale organisaasjes (in seleksje)


Ingelsk ko-offisjeel mei 3 oare talen

bewurkje seksje

It Ingelsk is ko-offisjeel mei 3 oare offisjele talen yn de folgjende gebieten en organisaasjes.

ûnôfhinklike lannen
ôfhinklike territoaria
subnasjonale dielsteaten
ynternasjonale organisaasjes (in seleksje)


Ingelsk ko-offisjeel mei 4 oare talen

bewurkje seksje

It Ingelsk is ko-offisjeel mei 4 oare offisjele talen yn de folgjende gebieten en organisaasjes.

ynternasjonale organisaasjes (in seleksje)

Ingelsk ko-offisjeel mei 5 oare talen

bewurkje seksje

It Ingelsk is ko-offisjeel mei 5 oare offisjele talen yn de folgjende gebieten en organisaasjes.

ynternasjonale organisaasjes

Ingelsk ko-offisjeel mei 6 oare talen

bewurkje seksje

It Ingelsk is ko-offisjeel mei 6 oare offisjele talen yn de folgjende gebieten en organisaasjes.

ynternasjonale organisaasjes

Ingelsk ko-offisjeel mei 7 oare talen

bewurkje seksje

It Ingelsk is ko-offisjeel mei 7 oare offisjele talen yn de folgjende gebieten en organisaasjes.

ynternasjonale organisaasjes

Ingelsk ko-offisjeel mei 10 oare talen

bewurkje seksje

It Ingelsk is ko-offisjeel mei 10 oare offisjele talen yn de folgjende gebieten en organisaasjes.

ûnôfhinklike lannen
ôfhinklike territoaria
ynternasjonale organisaasjes

Ingelsk ko-offisjeel mei mear as 10 oare talen

bewurkje seksje
mei 11 oare talen
mei 13 oare talen
mei 14 oare talen
mei 22 oare talen

Ingelsk as helptaal

bewurkje seksje

It Ingelsk is ko-offisjeel, mar mei in legere wetlike status as de oare offisjele taal of talen, yn de folgjende gebieten en organisaasjes.

ûnôfhinklike lannen


subnasjonale dielsteaten


ynternasjonale organisaasjes

Tal sprekkers

bewurkje seksje

Yn 2016 wie it Ingelsk wrâldwiid foar sa'n 400 mijoen minsken de memmetaal, wylst it neffens gegevens út 2006 doe troch nochris 400 miljoen minsken sprutsen waard as twadde taal, en troch 600 oant 700 miljoen minsken as in frjemde taal (d.w.s. trêde of fjirde taal). As men dy oantallen kombinearret komt men út op 1,4 oant 1,5 miljard sprekkers, wêrmei't it Ingelske de meast sprutsen taal fan 'e wrâld is. As men lykwols inkeld nei it tal memmetaalsprekkers sjocht, moat it Ingelsk it Mandarynsk en it Spaansk foargean litte en komt it út op it trêde plak.

 
De ferdieling fan Ingelsktaligen oer de wrâld.

De lannen mei de measte ynwenners dy't it Ingelsk as memmetaal sprekke, binne de Feriene Steaten (231 miljoen); it Feriene Keninkryk (60 miljoen); Kanada (19 miljoen); Austraalje (17 miljoen); Súd-Afrika (4,8 miljoen); Ierlân (4,2 miljoen) en Nij-Seelân (3,7 miljoen). Dy sân lannen mei-inoar wurde dêrom ek wol oantsjut as de 'Angelsaksyske wrâld'. Utsein yn Súd-Afrika meitsje memmetaalsprekkers fan it Ingelsk yn dy lannen fierwei it meastepart fan 'e befolking út, leare bern de taal fan harren âlden of oars op skoalle, en passe nijynkommelingen har oan 'e Ingelsktalige maatskippij oan.

Yn oare lannen, lykas de Filipinen, Gana, Jamaika, Kenia, Yndia, Nigearia, Pakistan en Singapoer, bestiet in folle lytser diel fan 'e befolking út memmetaalsprekkers fan it Ingelsk, mar binne de measte lju of alteast in oansjenlik part fan 'e ynwenners it Ingelsk wol machtich as twadde taal. Yn sokke lannen wurdt it Ingelsk brûkt foar ûnderwiis, bestjoer en hannel, en is hat it sterk it karakter fan in lingua franca. De farianten fan it Ingelsk dy't yn sokke lannen sprutsen wurde, ûndergeane faak in sterke ynfloed fan 'e lânseigen talen, lykas it Tagalog yn 'e Filipinen, it Jamaikaansk-Kreoalsk yn Jamaika, it Swahily yn Kenia en it Hindy yn Yndia.

Binnen de Jeropeeske Uny wie it Ingelsk neffens in ûndersyk fan Eurobaromater út 2012 de taal mei it op ien it grutste tal memmetaalsprekkers (allinnich it Dútsk hat binnen de Jeropeeske Uny mear memmetaalsprekkers). Neffens in ûndersyk út 2006 troch deselde organisaasje spriek doe 13% fan 'e ynwenners fan 'e Jeropeeske Uny it Ingelsk as memmetaal.[1] Yn 2012 wie it Ingelsk yn 19 fan 'e 25 lidsteaten fan 'e Jeropeeske Uny dêr't it net in offisjele taal wie (d.w.s. Grut-Brittanje, Ierlân en Malta bûten beskôging litten), de meast sprutsen frjemde taal. Fan 'e befolking fan dy lannen joech 38% oan dat se it Ingelsk machtich wiene. Nei it Ingelsk folge wie it Frânsk de meast sprutsen frjemde taal, mei 12%.

Sûnt de sechsde iuw wurdt it Ingelsk skreaun yn it Latynske alfabet, en fan 'e njoggende iuw ôf wurdt it útslutend yn dat skrift skreaun. Foartiid waarden ek de runen brûkt foar it meitsjen fan koarte ynskripsjes. It moderne alfabet dat foar de Ingelske taal yn gebrûk is, omfiemet alle 26 letters fan it Latynske skrift: a, b, c, d, e, f, g, h, i, j, k, l, m, n, o, p, q, r, s, t, u, v, w, x, y, z.

Klanklear en útspraak

bewurkje seksje

De fonetyk en fonology fan it Ingelsk rinne útinoar fan dialekt ta dialekt, sij it ornaris sûnder dat soks de ûnderlinge fersteanberens behinderet. Der besteane twa wichtige standertfarianten op dit mêd. Yn it foarste plak giet it dêrby om Received Pronunciation (RP; letterlik: "ûntfongen útspraak"), dat de namme is foar it standerdisearre Britsk-Ingelsk, ek wol bekend as Oxford-Ingelsk (nei it gesachhawwende wurdboek Oxford Dictionary of the English Language) of the Queen's English ("it Keninginne-Ingelsk": it Ingelsk sa't de keninginne it sprekt). Dêrnjonken foarmet de Amerikaansk-Ingelske standerttaal, it Algemien Amerikaansk (General American) in twadde wichtige standertútspraakfoarm.

De stavering fan it Ingelsk giet foar in oansjenlik diel noch tebek op 'e Midingelske perioade, en is dêrmei folslein efter de tiid rekke. Sadwaande is it notoir ûnbetrouber as gids foar útspraak. Nettsjinsteande dat kin de lêzer der oer it algemien fan op oan dat de konsonanten 'b', 'd', 'f', 'h', 'k', 'l', 'm', 'n', 'p', 's', 't', 'v' en 'z' de 'normale' útspraak hawwe. Oare konsonanten hawwe ûngewoane útspraken of mear as ien útspraakmooglikheid, wylst ek guon mei digrafen skreaun wurde (ch, sh, ensfh.). De 'c', 'p' en 't' wurde yn in protte dialekten aspirearre útsprutsen (d.w.s. mei in lyts h-ke derefteroan). De útspraak fan 'e fokalen is amper wat oer te sizzen, mei't dy faak alderhanne fonetyske wearden hawwe kinne. Sa kin de fokaalkombinaasje ea stean foar [i:] (ii fan "wiid") yn sea; foar [ɛ:] (ê fan "dêr") yn bear; [e:] (ee fan "leed") yn great; [ɜ:] (liket op 'e eo fan "sneon") yn learn; [ɛ] (e fan "pet") yn heaven; en [eǝ] (ea yn "beam") yn near. Der bestiet in grapke wêrby't frege wurdt hoe't it (net-besteande) Ingelske wurd ghoti útsprutsen wurde moat. It anwurd is dan: krekt as fish (nammentlik de gh fan tough of enough, de o fan women, en de ti fan nation of motion).

Klankynventaris

bewurkje seksje
konsonanten
Ingelske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
b [b] ball ("bal"), bed ("bêd") de b fan "bak"
c [k]
[kʰ]
[s]

cat ("kat"), clear ("helder')
coal ("stienkoal")
cellar ("kelder"), circle ("rûnte")

de k fan "kop"
de k fan "kop" folge troch in licht h-ke
de s fan ("set")
ornaris as [k] foar a, o en u, en as [s] foar e, i en y
ch [ʧ]
[ʃ]
[k]
chase ("efterfolging"), choice ("kar")
chauffeur ("sjauffeur")
character ("karakter"), cholera ("goalera")
de tsj fan "tsjerke"
de sj fan "sjippe"
de k fan "kop"
d [d] day ("dei"), down ("del") de d fan "dan"
f [f] fish ("fisk"), for ("foar") de f fan "fak"
g [ɡ]
[ʤ]

game ("spul"), give ("jaan")
gibe ("spotternij"), gin ("jenever")

de g fan "goed"
de dzj fan "siedzje"
faak as [ɡ] foar a, o en u, en as [ʤ] foar e, i en y
h [h] hay ("hea"), hill ("heuvel") de h fan "him"
j [ʤ] jail ("tichthús"), jug ("krûk") de dzj fan "siedzje"
k [k] king ("kening"), kiss ("tút") de k fan "kop"
l [l] lame ("kreupel"), long ("lang") de l fan "let"
m [m] mill ("mole"), moat ("grêft") de m fan "mar"
n [n] near ("deunby"), nose ("noas") de n fan "net"
ng [ŋ]
[ŋɡ]
[nʤ]
ring ("ring"), singer ("sjonger")
finger ("finger")
danger ("gefaar")
de ng fan "ding"
de ng fan "ding" folge troch de g fan "goed"
de n fan "net" folge troch de dzj fan "siedzje"
nk [ŋk] rank ("rang"), link ("bân") de nk fan "bank"
p [p]
[pʰ]
pain ("pine"), pork ("bargefleis")
part ("diel")
de p fan "pet"
de p fan "pet" folge troch in licht h-ke
ph [f] phlegm ("slym"), photograph ("foto") de f fan "fak"
qu [kw] queen ("keninginne"), quick ("fluch") de kw fan "kwea"
r [ɹ] rain ("rein"), road ("wei") de r, mar útsprutsen mei de tonge tsjin it ferwulft oan; yn guon, saneamd net-roatyske dialekten ferdwynt dizze letter
yn wurdeinige posysje (lykas yn car) yn 'e útspraak; it Skotsk-Ingelsk hat as iennichste dialekt in [r] (rôljende r)
s [s] safe ("feilich"), soap ("sjippe") de s fan "set"
sh [ʃ] shallow ("ûndjip"), shop ("winkel") de sj fan "sjippe"
t [t]
[tʰ]
tale ("ferhaal"), tent ("tinte")
tall ("lang")
de t fan "tik"
de t fan "tik" folge troch in licht h-ke
th [θ]
[ð]
thin ("tin"), thread ("tried")
then ("dan"), this ("dit")
de stimleaze th
de stimhawwende th
v [v] vain ("idel"), vole ("wrotmûs") de v fan "weve"
w [w] wall ("muorre"), war ("oarloch") de w fan "skowe"
wh [ʍ] whine ("sangerje"), why ("wêrom") de h fan "him" folge troch de w fan "skowe"
x [ks]
[z]
lax ("slop"), sex ("seks")
xenophobia ("ksenofoby"), xylophone ("ksylofoan")

de ks fan "heks"
de z fan "bazen"
yn wurdinisjale posysje frijwol altyd in [z], of it moat wêze dat it om 'e letter sels giet, lykas yn x-ray
y [j] yellow ("giel"), yoke ("jok") de j fan "jas"
z [z] zest ("entûsjasme"), zoo ("dieretún") de z fan "bazen"
zh [ʒ] fral yn eigennammen de zj fan "bagaazje"
koarte fokalen
Ingelsk
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
a [æ]
[ǝ]
back ("rêch"), hat ("hoed")
comma ("komma")
de e fan "pet", mar folle fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen
de stimleaze e fan "de"
i [ɪ] bit ("bytsje"), din ("lawaai") de i fan "pit"
e [ɛ]
[ǝ]
[ɨ]
bed ("bêd"), yet ("noch")
the ("de")
roses ("roazen")
de e fan "pet"
de stimleaze e fan "de"
likernôch de i fan "pit" (allinnich yn it Amerikaansk-Ingelsk)
ea [ɛ] heaven ("himel"), spread ("spriede") de e fan "pet"
ie [i] Annie, Johnnie de i fan "bite"
u [ʌ] but ("mar"), rum ("rum") de u fan "put", mar folle fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen; eins komt de a fan "dak" suver tichter yn 'e buert
o [ɒ]
[ɔ]
[ɑ]
cloth ("doek"), box ("doas")
cloth ("doek")
box ("doas")
de a fan "ham", mar útsprutsen mei rûne lippen (Britsk-Ingelsk)
de o fan "hok" (Amerikaansk-Ingelsk)
de a fan "ham", mar wat fierder nei foarren yn 'e mûle útsprutsen, niigjend nei de o fan "hok" (Amerikaansk-Ingelsk)
oo [ʊ] blood ("bloed"), good ("goed") de û fan "rûch", mar wat fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen
u [ʊ] full ("fol") de û fan "rûch", mar wat fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen
y [i] Benny, Johnny de i fan "bite"
lange fokalen
Ingelsk
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
a [a:]
[æ:]
bra ("beha"), father ("heit")
ass ("ezel", "kont"), bass ("bears")
aa fan "laad"
de ê fan "bêd", mar folle fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen (Amerikaansk-Ingelsk)
aw [ɔ:] hawk ("hauk"), paw ("poat") de â fan "hân"
ay [e:] bay ("baai"), day ("dei") de ee fan "leed"
ea [i:]
[ɛ:]
[e:]
[ɜ:]
least ("minst"), sea ("see")
bear ("bear")
great ("grut")
learn ("leare"), early ("ier")
de ii fan "wiid"
de ê fan "bêd"
de ee fan "leed"
liket op 'e eo fan "sneon"
ee [i:] need ("ferlet"), seed ("sied") de ii fan "wiid"
ew [u:] crew ("bemanning") de û fan "sûch"
ir [ɜ:] bird ("fûgel"), girl ("famke") likernôch de eo fan "sneon"
oo [u:] food ("iten"), loot ("bút") de û fan "sûch"
ou [u:] you ("do") de û fan "sûch"
twaklanken
Ingelsk
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
ew [yṷ] a few ("in pear"), pew ("tsjerkbank") de iuw fan "liuw"
ie [a:i] die ("stjerre"), spie ("spion") de aai fan "fraai" (Wâldfryske útspraak)
oa [əʊ]
[oʊ]
road ("wei"), toad ("podde") de stimleaze e fan "de", folge troch de û fan "rûch", mar wat fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen (Britsk-Ingelsk)
de o fan "bok", folge troch de û fan "rûch", mar wat fierder tebek yn 'e mûle útsprutsen (Amerikaansk-Ingelsk)
ou [au] about ("oer") de au fan "rau", mar koarter
ow [a:u] cow ("ko"), how ("hoe") de au fan "rau"
oy [oi] boy ("jonge"), coy ("koket") de oi fan "hoi"
u [ju:] fury ("poerlulkens"), mule ("mûldier") de j fan "jas" folge troch de û fan "sûch"
y [a:i] cry ("gjalp"), my ("myn") de aai fan "fraai" (Wâldfryske útspraak)

As de regio dêr't it Ingelsk him ûntjûn hat, binne de Britske Eilannen, en yn 't bysûnder Ingelân, it plak dêr't noch altyd de measte en de meast útinoar rinnende dialekten fan it Ingelsk sprutsen wurde. Yn it Feriene Keninkryk wurdt Received Pronunciation (RP; letterlik: "Untfongen Utspraak"), dat eins in sosjolekt is fan 'e maatskiplike en learde elite út súdeastlik Ingelân, tradisjoneel beskôge as it dialekt mei it measte prestiizje. Dêrom wurdt it fan âld brûkt as û.m. de standerttaal foar radio- en tillefyzje-útstjoerings, wat derta laat hat dat it ek wol BBC-Ingelsk neamd wurdt. Oare nammen binne Oxford-Ingelsk (nei it gesachhawwende wurdboek Oxford Dictionary of the English Language) en the Queen's English ("it Keninginne-Ingelsk): it Ingelsk sa't de keninginne it sprekt.

 
Ingelsk dialekten op de Britske Eilannen.

De fersprieding fan RP fia de media hat derfoar soarge dat in protte tradisjonele dialekten fan it Ingelske plattelân yn it neigean rekke binne, mei't de jongerein fan it plattelân generaasje nei generaasje almar mear skaaimerken fan 'e prestizjeuze RP yn harren taalgebrûk opnimme yn it stee fan dialekteigen foarmen. De stedsdialekten lykje minder fetber foar dit soarte stadige assimilaasje. Nettsjinsteande de delgong fan it dialektysk ferskaat op it mêd fan grammatikale en leksikale foarmen, spriek lykwols yn 1996 noch mar sa'n 3% fan 'e Ingelske befolking RP. De restearjende de 97% spriek oare dialekten of mei regionale aksinten dy't yn ferskillende mjitte troch RP beynfloede wiene. Der besteane fierders ek binnen RP ûnderskate farianten, dy't de RP-talige middenstân en de hegerein faninoar skiede, en teffens lju dy't fan bern ôf oan RP sprutsen hawwe en dyjingen dy't it letter oanleard hawwe.

Britsk-Ingelsk yn 'e sin fan de Ingelske taal sa't dy sprutsen wurdt op 'e Britske Eilannen, kin yn it foarste plak opdield wurde yn it Ingelsk yn Ingelân en de fariëteiten (fierhinne dêrbûten), dy't beynfloede binne troch Keltyske talen: Welsk-Ingelsk yn Wales, Kornysk-Ingelsk yn Cornwall, Manksk-Ingelsk op Man, Iersk-Ingelsk yn Ierlân en Heechlânsk-Ingelsk yn Skotlân. Binnen Ingelân sels besteane der fjouwer grutte dialektgroepen: it Westlânsk yn it súdwesten; it Súdingelsk yn it suden en súdeasten; Midlânsk-Ingelsk yn 'e midden, faak noch fierder opspjalte yn Eastmidlânsk en Westmidlânsk; en Noardingelsk yn it noarden.

Fan dy dialektgroepen wykt it Noardingelsk it measte ôf. Om't noardlik Ingelân yn 'e Midsiuwen earst it fêstigingsgebiet foar grutte oantallen Noarske kolonisten wie en dêrnei lange tiid ûnder Deensk bewâld stie, hawwe de dialekten út dy krite Aldnoarske skaaimerken beholden dy't yn 'e oare Ingelske taalfarianten net foarkomme. It Noardingelsk falt ek it dúdlikst fan alle fjouwer dialektgroepen útinoar yn ôfsûnderlike dialekten, te witten: it Yorkshire fan Yorkshire, dêr't de Aldnoarske ynfloed it dúdlikste yn werom te finen is; it Lancashire fan Lancashire; en it Noardumbrysk fan Noardumberlân, dat by de Skotske grins in taalkontinuum foarmet mei it Súdskotsk, it súdlikste dialekt fan 'e Skotske taal. Dêropta hearre ta it Noardingelsk ek ferskate stedsdialekten: it Geordie fan Newcastle-upon-Tyne, it Scouse fan Liverpool en it Mankunysk fan Manchester.

Sûnt de fyftjinde iuw stiene de dialekten fan súdeastlik Ingelân sterk ûnder ynfloed fan 'e taal sa't dy troch de Londenske hegerein sprutsen waard. Dat wie de oarsprong fan 'e hjoeddeiske RP. Neitiid wie Londen it sintrum dêr't har taalkundige ynnovaasjes wei ferspraten nei oare dielen fan Ingelân. Binnen Londen waard it Cockney-dialekt fan it East End tradisjoneel sprutsen troch de legere maatskiplike klassen, mei as gefolch dat it lange tiid in stigmatisearre taalfariant wie mei in tige leech sosjaal oansjen. Sûnt de 1980-er jierren hawwe beskate karakteristike skaaimerken fan it Cockney har lykwols ferspraat oar in grut diel fan súdeastlik Ingelân, wat resultearre hat yn it ûntstean fan it saneamde Mûningsingelsk (Estuary English; ferwizend nei de mûning fan 'e Teems). Dy taalfoarm ûnderskiedt him fan RP troch û.m. it gebrûk fan 'e ferbinende en ynkringende r (drawing ['drɔ:ɪŋ] wurdt útsprutsen as drawring ['drɔ:ɹɪŋ]), t-glottalisearring (butter ['bʌtǝ] wurdt útsprutsen as bu’er ['bʌʔǝ]), h-fuortlitting (ham [hæ:m] wurdt útsprutsen as ’am [æ:m]) en útspraak fan 'e th- as [f] (thanks [θæŋks] wurdt fanks [fænks]) of [v] (bother ['bɒθǝ] wurdt bover [bɒvǝ]).

It Skotsk, dat nei de opheffing fan it Keninkryk Skotlân yn 1707 iuwenlang as in Noardingelsk dialekt behannele waard, wurdt tsjintwurdich wer sjoen as in selsstannige taal dy't nau besibbe is oan it Ingelsk. Sûnt 1997 genietet it Skotsk fan it Britske regear erkenning as minderheidstaal ûnder Diel II fan it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. In grut diel fan 'e befolking fan Skotlân sprekt lykwols gjin Skotsk, noch it Keltyske Skotsk-Gaelysk, mar Skotsk-Ingelsk, in Ingelsk dialekt, dat de midden hâldt tusken it Ingelsk en it Skotsk. In twadde Ingelsk dialekt yn Skotlân is it Heechlânsk-Ingelsk, dat yn 'e Skotske Heechlannen ûntstien is ûnder ynfloed fan it Skotsk-Gaelysk.

Yn Ierlân, dat oarspronklik folslein Iersktalich wie, is it Ingelsk eins in útlânsk ynslûpsel, al wurdt it der al yn ferskate foarmen sprutsen sûnt de Normandyske Ynvaazje fan Ierlân yn 'e alfde iuw. Yn twa gebieten (it uterste súdeasten fan Ierlân en de omkriten fan Dublin) waarden foarhinne twa taalfarianten sprutsen, it Yola en it Fingaalsk, dy't tebekgiene op it Midingelsk en fanwegen har ôfwikende ûntwikkeling wol as selsstannige Angelsaksyske talen beskôge wurde. Beide stoaren lykwols om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hinne út. Hjoed de dei wurdt troch de grutte mearderheid fan 'e befolking fan it eilân Ierlân it Iersk-Ingelsk sprutsen, in taalfoarm dy't syn woartels hat yn 'e Ingelske en Skotske kolonisaasje fan Ierlân yn 'e santjinde iuw. Iersk-Ingelsk falt útinoar yn twa haaddialekten: it Hiberno-Ingelsk fan 'e Republyk Ierlân en it sterk troch it Skotsk beynfloede Middenulstersk-Ingelsk fan Noard-Ierlân en Donegal. Dy wurde faninoar skaat troch de smelle oergongssône fan it Súdulstersk-Ingelsk.

 
Persintaazje Ingelsksprekkers per lân (teljier 2014):
     0-20%
     20-40%
     40-60%
     60-80%
     80-100%
     gjin gevens

Noard-Amearika

bewurkje seksje

It Amerikaansk-Ingelsk is yn ferliking mei it Britsk-Ingelsk ridlik homogeen, ek al nimt de aksintfariaasje tsjintwurdich ta ynstee fan ôf. Nettsjinsteande dat sprekke de measte Amerikanen taalfarianten dy't ta in fonologysk kontinuum fan sterk besibbe taalfoarmen hearre: it Algemien Amerikaansk (General American of GA). Dêrbinnen kin men eins net sprekke fan ferskillende dialekten, mei't it earder om aksinten giet (lykas Westlik Amerikaansk-Ingelsk en Midlânsk Amerikaansk-Ingelsk), dy't sels troch Amerikanen mar amper opmurken wurde.

Ek it Kanadeesk-Ingelsk kin ta it Algemien Amerikaansk rekkene wurde, salang't men it Nijfûnlânsk-Ingelsk en de dialekten fan 'e Kustprovinsjes bûten beskôging lit. Wêr't it Kanadeesk-Ingelsk fan it Amerikaansk-Ingelsk ôfwykt, is op it mêd fan selsstannige noarmen foar stavering en útspraak en troch de unike Kanadeeske klankferheging. Sawol yn it Algemien Amerikaansk as yn it Kanadeesk-Ingelsk dominearret rotisiteit, d.w.s. de útspraak fan 'e r oan 'e ein fan wurden as car ([ka:ɹ], "kaar"). Non-rotisiteit, d.w.s. it falle litten fan 'e r yn sokke posysjes ([kʰa:], "kaa"), is yn Noard-Amearika, fral sûnt de Twadde Wrâldoarloch, sterk assosjearre rekke mei de arbeidersklasse en hat in leech sosjaal oansjen. Yn Ingelân is it krektoarsom; dêr is non-rotisiteit (lykas yn RP) de noarm, en wurdt rotisiteit mei 'efterbleaune' dialekten assosjearre.

It Algemien Amerikaansk slút spraakfoarmen út fan 'e Amerikaanske taalnoarm dy't dúdlik ôfwikende klanksystemen hawwe. Dêrta hearre yn it foarste plak it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk en it Afro-Amerikaansk-Ingelsk, dat nau besibbe dialektgroepen binne, en fierders ferskate oare taalfarianten dy't better as aksinten omskreaun wurde kinne, lykas it knauwende Teksaansk en ek it Eastlik Nijingelânsk-Ingelsk fan Boston en omkriten, dat ferneamd is fanwegen syn non-rotisiteit. Histoarysk hie ek de stêd New York in non-roatysk aksint, mar dat is geandewei de tweintichste iuw yn it neigean rekke of alteast sterk ôfswakke. De legere sosjale klassen yn 'e stêd neame harsels lykwols Noo Yawkahs ([nu: 'jɔ:kǝz]; ynstee fan New Yorkers, [nu: 'jɔɹkǝɹs]).

It Súdlik Amerikaansk-Ingelsk is fierwei de grutste Amerikaansk-Ingelske dialektgroep dy't bûten it Algemien Amerikaansk bleaun is. It is hjoed de dei sterk roatysk, nettsjinsteande it feit dat it histoarysk krekt sterk non-roatysk wie. It Súdlik Amerikaansk-Ingelsk wurdt faak omskreaun as in drawl ("teamerigens") of in twang ("poenen"), krekt sa't it Iersk-Ingelsk faak in lilt ("kadâns") neamd wurdt. It is maklik werom te kennen oan 'e Súdlike Klankferskowing, dy't yn 'e regel begjint mei monoftongisearring fan twaklanken (spy, [spa:i], likernôch: "spaai", wurdt útsprutsen as [spa:], "spaa"). Oare skaaimerken fan dat proses binne de Súdlike brekking, wêrby't poere fokalen omset wurde yn in fokaal mei in healfokaal of sels yn twa aparte wurdlidden (press, [pɹɛs], "pres", wurdt ['pre:ʌs], likernôch "pree-us"), en fierders it gearfallen fan 'e útspraak fan pin mei dy fan pen, en oare unike fonologyske, grammatikale en leksikale karakteristiken wêrfan't de measten eins frij resinte ûntwikkelings út 'e njoggentjinde iuw binne.

It Afro-Amerikaansk-Ingelsk wurdt benammen sprutsen troch Afro-Amerikanen út 'e arbeidersklasse en de middenstân út 'e hiele Feriene Steaten. Dy lju binne lykwols ôfstammelingen fan guons dy't ûnder de Afro-Amerikaanske Folksferhuzing tusken 1910 en 1940 omreden fan earmoede en diskriminaasje út it Amerikaanske Suden weitein binne op 'e siik nei in better libben. It Afro-Amerikaansk-Ingelsk en it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk binne sadwaande eins nau besibbe. Oars as it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk hat it Afro-Amerikaansk-Ingelsk lykwols syn non-roatyske karakter fierhinne beholden. Yn 'e eagen fan 'e measte Amerikanen (de measte Afro-Amerikanen ynbegrepen) draacht it tsjintwurdich it stigma in 'platte' taalfoarm te wêzen, sprutsen troch lju dy't net better leard hawwe. Taalkundigen sjogge it Afro-Amerikaansk-Ingelsk lykwols as in selsstannige fariant fan it Ingelsk mei in heech ûntwikkele eigen systeem fan taalnoarmen.

Australaazje

bewurkje seksje

Yn Australaazje wurdt sûnt 1788 Ingelsk sprutsen. It wichtichste Ingelske dialekt dêrsanne is it Australysk-Ingelsk, dat foar de oerweldigjende mearderheid fan 'e befolking fan Austraalje de memmetaal is. It Australysk-Ingelsk, by túltsjes ek wol Strine neamd, nei de flugge Australyske útspraak fan it wurd Australian as [stɹɔ.in] (rymt op Klaaifrysk "rein"), wurdt karakterisearre troch in knauwende útspraak, it oansprekken fan Jan en alleman mei mate ("maat") en it ôfkoartsjen fan haadwurden mei foarmen dy't einigje op -ie of -o, lykas Aussie foar Australian ("Australiër"), prozzie foar prostitute ("prostituee"), journo foar journalist ("sjoernalist") en doco foar documentary ("dokumintêre").[2] De standertfoarm is it Algemien Australysk (General Australian).

It Nijseelânsk-Ingelsk, it dialekt fan it oanbuorjende Nij-Seelân, liket sterk op it Australysk-Ingelsk. Beide taalfoarmen binne non-roatysk (beskate op Skotske oarsprong weromgeande aksinten fan it Sudereilân fan Nij-Seelân bûten beskôging litten) en ûnderskiede har troch har ynnovative útspraak fan fokalen: in protte koarte fokalen wurde fierder nei foarren yn 'e mûle útsprutsen of binne ferhege, wylst in protte lange fokalen diftongisearre (ta twaklank makke) binne. It Nijseelânsk-Ingelsk wykt lykwols fan it Australysk-Ingelsk ôf troch it útsprekken fan wh- yn wurden as which en why as de stimleaze labio-felêre approksimant [ʍ] (d.w.s. as in h folge troch de w fan 'skowe'). Boppedat sit de útspraak fan 'e foarfokalen yn it Nijseelânsk-Ingelsk noch tichter byinoar as yn it Australysk-Ingelsk, mei as gefolch dat Nijseelanners der yn Austraalje daliks útpikt wurde as se fush and chups (fish and chips) bestelle.

Yn Súd-Afrika wurdt sûnt 1820 Ingelsk sprutsen, doe't de oarspronklik Nederlânske Kaapkoloanje definityf by it Britske Ryk kaam te hearren. It bestiet dêr gear mei it Afrikaansk en in ferskaat oan lânseigen Bantoetalen, lykas it Sûlû (Zulu) en it Kosa (Xhosa). Sa'n 9% fan 'e befolking sprekt tsjintwurdich Súdafrikaansk-Ingelsk as memmetaal. Dat is in non-roatyske fariant fan it Ingelsk, wêrfan't yn 'e útspraak dúdlik de ynfloed fan it Afrikaansk werom te finen is, en dy't op it mêd fan 'e stavering de Britsk-Ingelske RP folget. De meast fonologyske ferskillen mei RP sitte yn 'e útspraak fan 'e fokalen, wylst de konsonanten k, p en t sûnder aspiraasje útsprutsen wurde (dus as [k], [p] en [t] ynstee fan [kʰ], [pʰ] en [tʰ]). De r is yn 'e regel de alveolêre strykklank [ɾ] ynstee fan 'e alveolêre approksimant [ɹ].

Karibysk Gebiet

bewurkje seksje

Yn it Karibysk Gebiet wurde ferskate Ingelske dialekten sprutsen op eilannen en dielen fan it fêstelân fan Midden- en Súd-Amearika dy't yn it ferline as koloanjes ta it Britske Ryk heard hawwe, lykas Jamaika, Trinidad en Tobago, Barbados, de Bahama's, de Kaaimaneilannen en Belize. Yn elts fan dy gebieten bestiet in pleatslike fariant fan it Ingelsk njonken in kreoalske taal op basis fan it Ingelsk, wêryn't skaaimerken fan it Ingelsk en Afrikaanske talen mei-inoar fermongen binne. De bekendste foarbylden dêrfan binne Jamaikaansk-Ingelsk en Jamaikaansk-Kreoalsk. Karibyske Ingelsktaligen sprekke yn 'e regel sawol de pleatslik fariant fan it Ingelsk as de pleatslike kreoalske taal floeiend, en wikselje gauris fan it Ingelsk nei it Kreoalsk en werom. Taalkundich sjoen soe men sadwaande sprekke kinne fan in trochrinnend spektrum fan taalfoarmen mei it Ingelsk as it iene uterste en it Kreoalsk as it oare uterste, mei ferskate oergongsfoarmen dêrtuskenyn: wat formeler de omstannichheden, wat mear Ingelsk oft men begjint te brûken, en wat ynformeler de sitewaasje, wat mear Kreoalsk oft men sprekt.

De measte Karibyske farianten fan it Ingelsk komme fuort út it Britsk-Ingelsk en binne sadwaande non-roatysk, beskate formele farianten fan it Jamaikaansk-Ingelsk útsein. It Jamaikaansk-Ingelsk ferskilt fierders fan 'e RP yn syn klankynventaris, mei de Britsk-Ingelske lange fokaal [e:] (ee fan "leed") fan bay ("baai") en de twaklank [oʊ] (de o fan "bok" folge troch de û fan "rûch") fan boat ("boat") ferskowe nei de poere lange lûden [e:] en [o:] ("ee" en "oo" sa't dy yn it Nedersaksysk útsprutsen wurde, dus lykas yn "leed" en "boom", mar sûnder dat de klank oan 'e ein by de ee nei in i en by de oo nei in û ta bûcht, lykas yn it Frysk en it Nederlânsk). It kin ek wêze dat dy klanken sels ferskowe nei de omkearde twaklanken [je:] (lykas yn "atelier": 'ateljee') en [uo] (lykas yn "fuotten"), sadat bay en boat útsprutsen wurde as [bʲe:] ("bjee") en [bʷoːt] ("bûoot"). Op deselde wize ferskoot de útspraak fan 'e twaklank en [oi] ("oi" fan "hoi") fan boy ("jonge") nei de trijeklank [uoi] (uoi fan "muoike"): [bʷoy] ("buoi"). Fierders lit men faak de lêste letter út wurdeinige konsontantklusters falle, sadat child ("bern") útsprutsen wurdt as [ʧa:il] ("tsjaail") ynstee fan [ʧa:ild] ("tsjaaild") en wind ("wyn") as [wɪn] ("û-in") ynstee fan [wɪnd] ("û-ind").

 
EN (ISO 639-1)

Ek yn Yndia, dêr't it Yndiaask-Ingelsk benammen as twadde taal sprutsen wurdt, is it Ingelsk telâne komme troch it Britske koloniale ferline. Histoarysk beskôget it Yndiaask-Ingelsk de RP as ideaal, en hoe't dat ideaal ta utering komt yn 'e spraakproduksje fan ûnderskate yndividuën wjerspegelet de maatskiplike klassen mank de Ingelsksprekkers fan Yndia. It Yndiaask-Ingelsk wurdt benammen karakterisearre troch de ynfloed fan it Hindy en oare Yndo-Aryske talen. Dêrút komme útspraakpatroanen fuort lykas de retrofleksearring fan 'e fonemen [t] (fan "tosk") en [d] (fan "dêr") ta [ʈ] en [ɖ]; d.w.s. deselde konsonanten mar útsprutsen mei de tonge nei efteren ta bûgd yn 'e mûle. Tagelyk wurde de Ingelske stimleaze en stimhawwende th [θ] en [ð] dan redusearre ta de dintalen [t̪] en [d̪]. Guon Ynjers brûke ek in op stavering basearre útspraak (altyd in riskante saak yn it Ingelsk) troch de stille h yn wurden lykas ghost ("geast") út te sprekken as in stimhawwende aspiraasje ([ɡʱo:st] ynstee fan [ɡǝʊst]), sa't dy yn in protte talen op it Yndyske subkontinint tige algemien foarkomt.

De ISO 639-taalkoades foar it Ingelsk binne "en" en "eng". Om't it Wikipedy-projekt almeast, lykas wenst op it ynternet, de twaletterige koades brûkt, wurdt de Ingelske Wikipedy oantsjut mei de koade "en:".

  • Dykstra, Anne, Frysk-Ingelsk Wurdboek / Frisian-English Dictionary, With a Corresponding English-Frisian Word List (1192 s.), Ljouwert, 2000 (Afûk/Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 35 797.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
 
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Ingelske ferzje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Eurobarometer Europeans and their Languages út 2006
  2. Butler, Susan, et al., Australian Phrasebook, Hawthorn, 1998 (Lonely Planet), ISBN 0 86 44 25 767

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.