Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

De Oranje Frijsteat (Oranje Vrystaat yn it Afrikaansk) wie de histoaryske foargonger fan de hjoeddeiske provinsje fan Súd-Afrika: Frijsteat. De Frijsteat, it gebiet tusken de Oranjerivier en de Faal, waard oprjochte troch de boeren, nei harren foartrek, en anneksearre troch it Feriene Keninkryk yn 1848. De Britten erkenden de ûnôfhinklikheid fan de Oranje Frijsteat op 17 febrewaris 1854, en it lân waard ûnôfhinklik op 23 febrewaris 1854, mei de ûndertekening fan it Kontrakt fan Bloemfontein. De frijsteat wie neamd nei de rivier Oranje (dy't op syn beurt wer ferneamd wie nei it Keningshûs fan Nederlân, de Oranje-Nassaus (1854-1904). De haadstêd fan de frijsteat wie Bloemfontein.

flagge fan Oranje Frijsteat
lizzing fan Oranje Frijsteat yn Súd-Afrika

Hoewol't de Oranje Frijsteat in polityk en ekonomysk sterke republyk waard, wie it ferwikkele yn in lang duorjend konflikt mei de Britten, de Boere-oarloch. Bûnsgenoat yn dizze oarloch wie de bruorre-republyk Transvaal (Súd-Afrikaanske Republyk). Dizze oarloch duorre mar troch, oant it gebiet anneksearre waard troch de Britten as de Oranjerivierkoloanje. De koloanje waard yn 1910, ûnder presidint Steyn by de Uny fan Súd-Afrika foege.

De presidinten fan de Oranje-Frystaat wiene:

Termyn Presidint Oantekenings
1854-1855 Josias P. Hoffman 1ste presidint
1855-1859 Jacobus Nicolaas Boshoff 2de presidint
1859-1863 Marthinus Wessel Pretorius 3de presidint, teffens presidint fan de Súd-Afrikaanske Republyk yn it tiidrek 18571863 en 18641871.
1864-1888 Johannes Henricus Brand 4de presidint
1889-1895 Francis William Reitz 5de presidint
1896-1902 Marthinus Theunis Steyn 6de en lêste presidint
29 maaie oant 31 maaie 1902 Christiaan Rudolph de Wet tydlik presidint, ûndertekener fan it Verdrag van Vereeniging.
 
Postsegel fan 1 penny.

De republyk begûn postsegels út te jaan yn 1868, en bleau dit dwaan oant 1897. It ienige ûntwerp dat brûkt waard bestie út in oranje beam, mei de ynskripsje Oranje Vrij Staat lâns de siden.

Oare "Frijsteaten"

bewurkje seksje

Oranje Frijsteat wie teffens de beneaming fan in yn 1970 oprjochte, maatskippijkrityske beweging. Sjoch ek: Kabouterbeweging.