Söl
Söl (Deensk: Sild, Dútsk: Sylt) is it grutste Noard-Fryske waadeilân. It leit yn 'e bestjoerlike krite Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein, de haadstêd is Westerlân. It leit fan noard nei súd foar de kust fan Sleeswyk-Holstein. It is yn Dútslân foaral bekend fanwege de toeristysk wichtige kueroarden fan Westerlân, Kampen en Wenningstedt en ek om it hast 40 km lange Weststrân.
Feiten
bewurkje seksje- oerflak: 99 km2
- langte: 35 kilometer
- breedte: maksimaal 13 kilometer
- heechste punt: 52 meter boppe de seespegel by Geest
- ynwennertal: 20.858 ynwenners (2010)
Ferfier
bewurkje seksjeIt eilân is oer de Hindenburgdaam mei de fêste wâl ferbûn dat is feitlik gjin eilân mear. Oer de daam leit allinnich in spoar, mar auto's kinne op de trein meiride (Sylt Shuttle).
Fan lofthaven Sylt binne flechten fan en nei it fêstelân, Italië, Eastenryk, it Feriene Keninkryk en Switserlân.
Teffens kin mei de Sylt-express fan it Deenske eilân Romo yn likernôch 40 minuten nei Söl reizge wurde.
-
It Reade Klif by Kampen
-
Fjoertoer op Söl
-
Fearboat fan de Sylt express
-
De Hindenburgerdaam mei de Sylt Shuttle
Ferneamde eilânbewenners
bewurkje seksje- Jens Emil Mungard (berne yn Keitum)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeFryske eilannen |
---|
Westfryske eilannen: |
· · |