Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

It eilân Teksel (Hollânsk: Texel, Tekselsk: Tessel) is it grutste fan 'e Westfryske eilannen. Bestjoerlik is it in selsstannige gemeente. Op Teksel wenje likernôch 14.000 minsken en wurdt fan âlds it Tekselske dialekt sprutsen, dat ta de Westfryske dialektgroep heart. It eilân is 170 km² grut, trochinoar 20 km lang en 8 km breed. Yn 1415 hat Teksel (it gânse eilân) stedsrjochten krigen; dêrtroch is it wat oerflak oangiet de grutste 'stêd' fan Nederlân. De stedsrjochten joegen Teksel al ier in frij grutte selsstannichheid.

Satellytbyld fan Teksel
Tekselster skiep

Teksel en Aailân

bewurkje seksje

It hjoeddeiske eilân Teksel bestiet eins út twa eilannen: Yn it suden Teksel en nei it noarden ta Aailân. Tusken de eilannen lei it Anegat. Yn 1629-1630 lieten de Steaten fan Hollân de Sândyk oanlizze dy't de twa eilannen meiinoar ferbûn. Yn 1835 rjochte Nicolas Joseph de Cock, dy't oarspronklik út Antwerpen kaam, tegearre mei inkele oare hearen in NV op dy't de kwelder tusken Eierlân en Teksel ynpolderje soe foar agrarysk gebrúk. Yn de nij oanleine Aailânpolder waard yn 1836 in doarp stifte mei de namme Nijdoarp, letter hat it doarp in nije namme krigen: De Koksdoarp.

Teksel leit tusken it Marsdjip yn it suden en it Aailânske Gat yn it noarden. Nei it westen leit de Noardsee, nei it easten leit de Waadsee. Nei it suden is de Westfryske kust sûnt likernôch 1600 wer oaniensletten, dat Teksel is it súdlikste Fryske eilân. It neikommende eilân nei it noarden is Flylân.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Fryske eilannen
 
 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

  ·   ·  
Noard-Hollân
 
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort
wizigje