Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

De SUP 11 City Tour is in alvestêdetocht foar lju dy't peddelsurfe of SUP-pe, in Ingelske ôfkoarting foar Stand Up Paddle surfing, d.w.s. steand op in surfplanke peddelje. By dit evenemint, dat sûnt 2009 elts jier holden wurdt yn septimber (SUP-tember), peddelsurfe de dielnimmers oer in ôfstân fan 220 km by de Fryske alve stêden lâns. De measten dogge mei oan 'e fiifdeiske foarm, mar sûnt 2016 bestiet der ek in non-stopevenemint, wêrby't de dielnimmers sûnder tuskentroch skoft te hâlden of te sliepen yn twa dagen de rûte ôflizze.

SUP 11 City Tour
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
tiid fan it jier septimber
bysûnderheden
gelegenheid alvestêdetocht
soarte evenemint sportevenemint
bestean 2009 – no
org. troch St. SUP 11 City Tour
offisjele webside
sup11citytour.com

Yn 2017 wie de SUP 11 City Tour troch it minne waar in helske tocht. Yn 2018 fierde it evenemint syn tsienjierrich bestean. Spesjaal dêrfoar wie foar ien kear in trêde evenemint tafoege: in optocht mei 1.000 dielnimmers troch de grêften fan Ljouwert, op 9 septimber. Dêrmei hope de organisaasje in rekôr te fêstigjen en yn it Guinness Book of Records te kommen. De teller bleau lykwols stykjen op 400 oant 500 meidoggers, wat lang net genôch wie om it Russyske rekôr fan in optocht fan 844 peddelsurfers te ferbrekken. Oan 'e tsiende edysje fan it haadevenemint diene atleten út mear 30 lannen mei, fan Denemark oant Frânsk-Polyneezje. Foar belangstellenden dy't fierder ûnbekend wiene mei it fenomeen 'SUP-pen', waard workshops organiseaare.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ——, SUP 11 City Tour viert tiende editie met recordpoging, yn: 11 fan Fryslân (hûs oan hûs besoarge ynfokrantsje), 2 maaie 2018, s. 17.
  • Santema, Pier Abe, Lange sliert suppers in binnenstad, yn: de Ljouwerter Krante, 10 septimber 2018, s. 23.