Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Salvador Guillermo Allende Gossens (Santiago, 26 juny 1908Santiago, 11 septimber 1973) wie in Sileensk marksistysk-sosjalistyske politikus. Hy wie fan 3 novimber 1970 oant syn dea op 11 septimber 1973 presidint fan Sily.

Salvador Allende
politikus
Salvador Allende yn 1970
Salvador Allende yn 1970
echte namme Salvador Guillermo Allende Gossens
nasjonaliteit Sileensk
bertedatum 26 juny 1908
berteplak Santiago (Sily)
stjerdatum 11 septimber 1973 (by steatsgreep)
stjerplak Santiago (Sily)
partij PSCh
Presidint fan Sily
amtsperioade 1970 - 1973
foargonger Eduardo Frei Montalvo
opfolger Augusto Pinochet
(as lieder fan de militêre jûnta)
offisjele webside
https://fundacionsalvadorallende.cl/
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Salvador. De earste efternamme (fan heitekant) is Allende, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Gossens. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Allende of oars Allende Gossens brûkt wurde.

Jonge jierren

bewurkje seksje

Allende wie de soan fan Salvador Allende Castro en Laura Gossens Uribe en wie fan syn heitekant foar in part fan Baskysk komôf en fan syn memmekant en part fan Belgysk komôf.
Allende studearre medisinen en wie al by syn stúdzje warber as in belutsen studintelieder. Yn 1933 rjochte er de Sosjalistyske Party fan Sily (PSS) op. Nei inkelde jierren as dokter wurke te hawwen waard er yn 1937 as parlemintslid keazen. Fan 1939 oant 1942 wied er minister fan Sûnens yn de folksfrontregearing fan Pedro Aguirre Cerda. Yn 1945 waard er senator en fan 1965 oant 1969 wie er foarsitter fan de Senaat.

 
Demonstraasje fan Allende oanhingers, 1964

Yn de ferkiezingsjierren 1952, 1958 en 1964 makke Salvador Allende, as haad fan in koälysje fan sosjalisten, sosjaal-demokraten en kommunisten, net folle kâns as presidintskandidaat, mar hie mear súkses yn 1970 doe't er it Folksfront, (Unidad Popular, UP), in koälysje fan sosjalistyske, kommunistyske en lofts-liberale partijen, oanfierde en op 4 septimber by de presidintsferkiezings de measte stimmen helle. Allende fersloech de kristendemokraat Radomiro Tomic, in partijgenoat fan sittend presidint Eduardo Frei Montalva, en de rjochtse eardere presidint Jorge Alessandri. Om't gjin fan de presidintskandidaten in folsleine mearderheid helle hie, moast it Kongres de presidint oanwize. Op 24 oktober waard Salvador Allende troch it Kongres ta presidint keazen mei stipe fan de kristendemokraten, dy't fan him yn it foar garânsjes krigen hiene foar hanthavening fan de demokrasy, de boargerlike frijheden en de frije marktekonomy.

Yn syn stribjen om troch it parlemint in sosjalistyske maatskippij yn Sily ta stân te bringen, it saneamde Sileenske eksperimint, waard Allende al rillegau konfronteare mei in rjochtse opposysje en in ûnstabile politike situaasje, dy't noch grutter waard troch in foar in diel troch himsels kreëarre ekonomyske krisis. Hoewol't de ekonomyske resultaten fan de earste twa jierren fan syn regearing foar it bgrutste part posityf wienen, krige it lân fan 1972 ôf te krijen mei it sakjen fan de koperpriis, ferskate minne besluten fan syn regear en ekonomyske sabotaazje troch de Feriene Steaten en dy laten ta grutte ekonomyske swierrichheden.

 
De brûnzen stjer foar de kûppligers

Oan it bewâld fan Allende waard op 11 septimber 1973 abrupt in ein makke troch in rjochtse militêre steatsgreep ûnder lieding fan generaal Augusto Pinochet, dêr't Salvador Allende by om it libben kaam. Yn de westerske wrâld waard en wurdt troch histoarisy algemien oannomd, dat Allende mei in wapen út Kuba himsels te koart die, wylst yn it doetiidske Eastblok en troch loftse histoarisy dêroan twivele waard.

 
Allende op in postsegel út 1973 fan de DDR.

De eigen famylje fan Allende en eardere fertrouwensmannen hawwe der gjin twivels oer dat it selsmoard wie. Syn eigen dokter en twa fan syn liifwachten hawwe de deade Allende sjoen yn it Moneda-paleis, heal lizzend op in bank, himsels troch de holle sketten mei de AK-47 dy't er fan Fidel Castro krigen hie. Fuortendaliks nei't Allende ôfskied nommen hie fan harren en oare fertrouwensmannen en krekt foar it ynnimmen fan it paleis troch Pinochet syn troepen.

Belutsenens fan it bûtenlân

bewurkje seksje

It hat bliken dien dat de CIA Pinochet en syn hantlangers werklik stipe joegen yn har stribjen de macht te gripen. De wikseling fan de macht kaam de Amerikanen tige bêst út: dat de marksist Allende oan de macht wie, sied harren net lekker fanwegen de nasjonalisearing fan de koperyndustry, dy't foarhinne yn besit wie fan Amerikaanske bedriuwen.

Op gesach fan presidint Bill Clinton waarden yn oktober 1999 likernôch 1100 regearingsdokuminten frij jûn dy't ynsjoch joegen yn de belutsenens fan de Feriene Steaten by de tarieding fan de militêre kûp. Ien fan dy dokuminten beskriuwt it substansjele tanimmen yn finansjele bydragen. Yn 2003 ferkleare minister fan Bûtenlânske Saken Colin Powell yn in telefyzje-ynterview dat wat yn Sily yn de 1970-er jierren barde, net eat is dêr't de Amerikanen grutsk op hoege te wêzen.

Allende wie troud mei Hortensia Bussi en wie omke fan de skriuwster Isabel Allende (* 1942).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References, Notes en Further Reading op dizze side

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Salvador Allende fan Wikimedia Commons.