Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
República de Chile
Flagge fan Sily Wapen fan Sily
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sily
Offisjele taal Spaansk
Haadstêd Santiago
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
756,950 km²
1­%
Ynwenners (2023) 19.629.588
Munt Sileenske Peso (CLP)
Tiidsône UTC -3 (-4 yn wintertiid)
Nasjonale feestdei 18 septimber
Lânkoade CHL
Ynternet .cl
Tillefoan 56

Sily (Spaansk: Chile), offisjeel de Republyk Sily (Spaansk: República de Chile) is in lân yn Súd-Amearika. De haadstêd is Santiago, it parlemint sit yn Valparaíso.

Atacama
Bestjoerlike yndieling

Sily is bekend om syn unike geografy mei in lingte fan mear as 4.300 kilometer en in breedte fan mar sa'n 177 kilometer. It lân wurdt begrinzge troch Perû en Bolivia yn it noarden, it Andesgeberchkloft en Argentynje yn it easten en de Grutte of Stille Oseaan yn it westen.

Mei in lingte fan 4230 km en trochstrings in breedte fan mar 176 km strekt it lân him út bylâns de westkant fan Súd-Amearika. Yn it noarden fan Sily leit in woastynsône dy't ta de drûchste gebieten yn de wrâld rekkene wurd. Yn Midden-Sily, tusken Illapel en Konsepsion, lizzen de wichtichste stêden fan it lân. Ten suden dêrfan leit in marrenplato. Yn de grutte wâlden fan it suden falt in soad rein en hearsket in kâld klimaat. It fameuze Peaske-eilân heart offisjeel ek by Sily.

Sily hat in ferskaat oan klimaatsônes fanwege de grutte geografyske ferskillen. Yn it noarden is it klimaat drûch en woastyn-eftich, yn it sintrale diel is it Meksikaansk klimaat mei waarme simmers en mylde winters en yn it suden is it kâld en reinich mei in gebiet fan fjorden en gletsjers.

Yn 1544 waard Sily troch de Spanjerts ferovere en ûnderdiel fan de Spaanske koloanje yn Súd-Amearika. Yn 1818 nei lange striid krige it ûnôfhinklikheid. In grut diel fan de 20e iuw waarden karakterisearre troch konflikten tusken grûtgrûnbesitters en lânarbeiders. Nei de fal fan de sosjalistyske presidint Salvador Allende yn 1973 naam in militêr rezjym de macht oer. De politike erfenis dêrfan wurdt sûnt it begjin fan it demokratisearringsproses yn 1990 moedsum ferwurke.

De bewenners fan Sily wurde foar it meastepart 52,7% fan de befolking wurdt foarme troch neisieten fan ymmigranten út ferskate Jeropeeske lannen, dêr't de Spanjerts de grutste groep fan is. Goed 44% foarme troch mestys. Om-ende-by 3,2% fan de befolking is fan Yndiaansk.[1]

De Sileenske kultuer is in miks fan Yndiaanske, Spaanske en oare Europeeske ynfloeden. Yn de muzyk, dûns en keunst hat Sily in grut ferskaat oan kultueruteringen. Tradysjonele dûnsen lykas de cueca binne populêr, en de literatuer fan Sily hat wrâldferneamde skriuwers opsmiten lykas Pablo Neruda en Gabriela Mistral, beide winners fan de Nobelpriis foar de Literatuer.

Sily hat ien fan de sterkste en meast stabile ekonomyen yn Súd-Amearika. De wichtichste sektoaren binne:

  • Mynbou: Sily is de grutste koperprodusint yn de wrâld
  • Lânbou en fiskerij: de eksport fan wyn, fruit, en fisk is fan grut belang (lykwols kin mar 23% fan it lân kin brûkt wurde foar lânbou)
  • Tsjinsten en toerisme: de stêden, natuerparken en kueroarden lûke in protte toeristen